Planetestelsel

Ut Wikipedy
In artistike foarstelling fan in planetestelsel.

In planetestelsel of planetêr systeem is in kloft himellichems, mei as wichtichsten ien of mear planeten, dy't byinoar holden wurdt troch de swiertekrêft fan in stjer, dêr't it hiele spul yn astronomyske banen om hinne rûntsjedraait. Soms sprekt men ek fan in sinnestelsel, mar dat kin ta betizing liede mei it Sinnestelsel. It bekendste planetestelsel is it Sinnestelsel, dêr't ek de Ierde diel fan útmakket. Foar oare planetestelsels wurde ek wol de termen eksoplanetestelsel of eksoplanetêr systeem brûkt. Op 1 april 2022 hiene astronomen 3.673 fan sokke eksoplanetestelsels ûntdutsen, wêrfan't teminsten 815 mear as ien planeet omfetten.

Oarsprong fan planetestelsels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Planetestelsels ûntjouwe har út protoplanetêre skiven fan matearje dy't om stjerren hinne ûntsteane as ûnderdiel fan it proses fan stjerfoarming. By dat proses wurdt in protte matearje troch de wurking fan swiertekrêft fersille nei fiere astronomyske banen om 'e stjer hinne. Letter foarmje har dêrút oer perioaden fan miljoenen jierren planeten, op 'e nij troch de wurking fan 'e swiertekrêft fan 'e stjer. Soms wurdt by stjerfoarming matearje safier fuort smiten, dat it oan 'e swiertekrêft fan 'e stjer ûntkomt; as him dêrút in planeet foarmet, wurdt dat in solitêre planeet, dy't sûnder by in planetestelsel te hearren troch de ynterstellêre romte swalket.

In skematyske werjefte fan it bekendste planetestelsel: it Sinnestelsel (net op skaal).

Opbou fan planetestelsels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In planetestelsel draait (letterlik) om in stjer. Dat kin mear as ien stjer wêze as it bgl. om in binêre stjer giet. Mei't de oare komponinten fan in planetestelsel troch de swiertekrêft fan 'e stjer fêstholden wurde, stiet de stjer altyd yn it sintrum fan it sa'n systeem. Planeten binne himellichems fan oansjenlike grutte, dy't om 'e stjer hinne rûntsjedraaie. Planeten binne der yn ferskate soarten, fan hiel grut, lykas gasreuzen en iisreuzen, oant folle lytser, lykas ierdske of terrestryske planeten en iisplaneten. Faak hawwe planeten moannen (ek wol byplaneten neamd) of (folle minder faak) planetêre ringen, dy't om 'e planeet sels hinne draaie. Moannen fan gasreuzen of iisreuzen kinne like grut of grutter wêze as ierdske planeten. Oare himellichems mei in baan om 'e stjer hinne kinne dwerchplaneten, planetoïden, asteroïden, kometen en sirkumstellêre ringen wêze.

Fan grut belang foar de astrobiology, in tûke fan wittenskip dy't wijd is oan 'e syktocht nei bûtenierdsk libben, is de saneamde bewenbere sône, de lokaasje yn in planetestelsel dêr't planeten floeiber wetter hawwe kinne, en dêrmei it fermogen om krekt as de Ierde libben te ûnderstypjen. De bewenbere sône is in skiif om 'e stjer hinne dêr't it net te waarm en net te kâld is. Want as in planeet te ticht by de stjer stiet, ferdampt alle wetter; stiet er der te fier fan ôf, dan befriest it. Men sjocht dit ferskynsel hiel dúdlik yn it Sinnestelsel: Merkuerius en Fenus binne te hjit om libben te ûnderstypjen. De Ierde is krekt waarm genôch, en datselde jildt foar Mars, wat it bewiis is dat him op planeten yn 'e bewenbere sône gjin lang net altyd libben ûntjout. Mar de moannen fan Jupiter binne alwer te kâld.

Untdekking fan planetestelsels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoarysk wiene der op it mêd fan astronomy twa tsjinstelde grûnideeën: it geosintrisme, dat stelde dat de Ierde it sintrum fan it hielal wie, en it heliosintrisme, dat hawwe woe dat de Sinne it mulpunt fan it hielal wie en dat de Ierde om 'e Sinne hinne draaide. De measte iere beskavings giene út fan geosintristysk tinken. It idee dat ynstee de Sinne sintraal stean moast, waard mooglik foar it earst suggerearre yn 'e Vedyske literatuer fan it âlde Ynje. Itselde idee waard yn 'e filosofy fan it Westen foar it earst oppenearre troch Aristarchus fan Samos yn 'e trêde iuw f.Kr., mar oare astronomen út 'e Aldheid weaune it fuort.

In artistike ympresje fan it eksoplanete-stelsel Kepler-11, mei in lyktidige oergong fan trije eksoplaneten foar de stjer lâns (sa waarnommen troch it Kepler Romte Observatoarium op 26 augustus 2010).

Yn 'e Renêssânse publisearre de Poalske astronoom Nikolaüs Kopernikus yn 1543 yn syn De Revolutionibus Orbium Ceolestium it earste wiskundich foarsizzende model fan in planetstelsel (te witten: it Sinnestelsel), dat heliosintristysk wie. Syn ideeën waarden fuortendaliks yn 'e ban dien troch de ynfloedrike Roomsk-Katolike Tsjerke. Doe't de Italjaanske astronoom Galileo Galilei yn 'e earste helte fan 'e santjinde iuw mei soartgelikense ideeën kaam, waard er troch de Tsjerke sels ûnder bedriging mei de brânsteapel twongen en lûk syn bewearings yn. Letter ûntwikkelen de Dútser Johannes Kepler en de Ingelsman sir Isaac Newton in better begryp fan 'e natuerkundige krêften dy't yn in planetestelsel wurkje, mei yn it foarste plak swiertekrêft. Dêrtroch kaam der stadichoan in algemiene akseptaasje dat de Ierde yndie om 'e Sinne hinne draaide en net oarsom, en dat de oare bekende planeten behearske waarden troch deselde krêften dy't ek de Ierde behearsken.

Yn 'e sechstjinde iuw brocht de Italjaanske filosoof Giordano Bruno, in iere oanhinger fan 'e ideeën fan Kopernikus, de teory op 't aljemint dat de stjerren gelyk binne oan 'e sinne, en dat dêr oare planeten om hinne draaie. Yn syn tiid wie dat in tige kontroversjeel idee, en hy waard dêrfoar libben ferbaarnd troch de Roomske Ynkwisysje. Yn 'e achttjinde iuw oppenearre Newton deselde teory yn syn Philosopiae Naturalis Principia Mathematica. Newton syn ideeën foelen yn fruchtberder ierde, hoewol't der yn syn eigen tiid, noch yn 'e njoggentjinde of it meastepart fan 'e tweintichste iuw in manear wie om se te bewizen. De earste kear dat it bestean fan in eksoplaneet (planeet bûten it Sinnestelsel) fêststeld waard, wie yn 1992, doe't twa ierdske planeten om 'e pulsar PSR B1257+12 hinne draaien sjoen waarden (te witten: PSR B1257+12A en PSR B1257+12B). Mei it bestean fan 'e earste eksoplaneet waard ek it bestean fan it earste eksoplanetestelsel bewiisd.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.