Buster Keaton

Ut Wikipedy
Buster Keaton
akteur
Busterkeaton
Busterkeaton
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Francis Keaton
nasjonaliteit flagge fan de Feriene Steaten Amerikaansk
berne 4 oktober 1895
berteplak Piqua, Teksas
stoarn 1 febrewaris 1966
stjerplak Woodland Hills
jierren aktyf 1917-1966
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
Natalie Talmadge en Buster Keaton op harren troudei

"Buster Keaton" wie de artystenamme fan Joseph Francis Keaton (4 oktober 1895, Piqua (Teksas) - 1 febrewaris 1966, Hollywood). Hy wie in populêre Amerikaanske akteur en regisseur fan stomme films. Keaton syn fernijende ynfloed as regisseur hat in protte bydroegen ta it ûnjaan fan de filmkeunsten.

Biografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joseph Keaton stie al mei syn âlden yn it fariëtee, dat hy is grut wurden mei it akteurslibben. Yn 1917 begûn er foar de film te wurkjen, doe't er mei Roscoe Arbuckle yn de kunde kaam en rollen yn dy syn koarte films krige, dêr't er syn komyske en akrobatyske talint yn fertoande. Mar hoe komyske of gaoatysk de sitewaasje ek wie, Buster syn antlit wie ûnfersteurbar, wat him de bynamme Stone face - stiengesicht - joech.

Nei't er yn 1918 ûnder de Earste Wrâldoarloch yn tsjint moast yn Frankryk, begûn er yn 1920 sels mei it meitsjen fan films. De lange films dy't Keaton yn dy tiid makke binne filmtechnysk hiel knap, en wurde beskôge as fan likense kwaliteit as dy fan Charlie Chaplin. Yn 1928 waard syn kontrakt lykwols troch MGM oernaam, en om't Keaton net goed yn it systeem fan MGM paste, begûnen syn films minder te wurden, oant er yn 1933 dien krige. Yn 1939 krige er noch de opdracht om foar Columbia tsien koarte films te meitsjen, mar nei dy tiid wurke er net mear as filmmakker.

Yn stee dêrfan hie er yn 1950 en 1951 wyklikse tillefyzje-searjes, mar hy stoppe dermei om't er fûn dat er net genôch goed materiaal meitsje koe om eltse wike in útstjoering te meitsjen. Yn dy tiid gong er werom nei syn begjin, en reizge as artyst mei in sirkus troch Jeropa. Yn de nei-oarlochse tiid kaam der in nij publyk foar syn âlde films, dat al sei er sels wolris dat er al lang fergetten wie. Hy wie dochs noch tige populêr. Yn de sechtiger jierren die er no in dan in gastroltsje, en hy skreau syn memwares. Yn 1965 spile er noch ien kear de komyk mei it ûnfersteurbere antlit yn de koarte film The Railrodder. Doe't er yn 1966 ferstoar oan longkanker hie er meispile yn mear as 150 films.

Buster Keaton is twa kear opnaam yn de Hollywood Walk of Fame: Ien kear foar syn filmwurk, en ien kear foar syn wurk foar de tillefyzje .

Dvd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Kino Video Studio (2001): The Art Of Buster Keaton, 10-dvd-set.
  • Arte video (2001): Buster Keaton 1917-1923, 4-dvd-set.

Boeken oer Keaton[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]