Springe nei ynhâld

David Lynch

Ut Wikipedy
David Lynch yn Cannes, 2017

David Keith Lynch (Missoula (Montana), 20 jannewaris 1946 - 15 jannewaris 2025) wie in Amerikaansk filmregisseur en keunstskilder.

Hy waard sjoen as it boechbyld fan de Amerikaanske surrealistyske sinema. Lynch stiet benammen bekend om syn skrillers dêr't er seks, geweld en swarte humor yn kombinearre mei stilistyske skientme en it besykjen ta technyske perfeksje. Yn hast al syn films ferfoarme er deistige eleminten út de Amerikaanske kultuer ta frjemde surrealistyske objekten.

Neist it regissearjen fan films hold Lynch him dwaande mei ferskate oare aktiviteiten. Hy wie keunstskilder, striptekener, meubelûntwerper, heechlearaar op de University of Fine Arts en útdrager fan transendinte meditaasje. Dêrneist komponearre er ek elektroanyske muzyk (hy naam twa singles op: Good Day Today en I know).

Dit artikel is in stobbe oer regisseur.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.

Filmografy as regisseur (spylfilms)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]