Indecent Proposal (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Indecent Proposal
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Indecent Proposal logo.png
makkers
regisseur Adrian Lyne
produsint Sherry Lansing
senario Amy Holden Jones
basearre op de roman fan Jack Engelhard
kamerarezjy Howard Atherton
muzyk John Barry
filmstudio Paramount Pictures
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Demi Moore
Woody Harrelson
Robert Redford
byrollen Oliver Platt
Seymour Cassel
Rip Taylor
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 7 april 1993
foarm langspylfilm
sjenre romantyske dramafilm
taal Ingelsk
spyltiid 118 minuten
budget en resultaten
budget $38 miljoen
opbringst $266,6 miljoen

Indecent Proposal is in Amerikaanske romantyske dramafilm út 1993 ûnder rezjy fan Adrian Lyne, mei yn 'e haadrollen Demi Moore, Woody Harrelson en Robert Redford. De titel betsjut "Unfatsoenlik Foarstel". It ferhaal giet oer it jonge troud pear David en Diana, dy't djip yn 'e finansjele swierrichheden bedarje. Dan docht in miljardêr harren it foarstel om tsjin betelling fan in miljoen dollar seks te hawwen mei Diana. De film wie basearre op it boek mei deselde namme fan skriuwer Jack Engelhard, út 1988. Hoewol't de filmkritisy der net folle fan hiel lieten, waard Indecent Proposal in grut kommersjeel súkses.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

David en Diana Murphy binne in jong troud pear dat op 'e middelbere skoalle al ferkearing krige. David is in arsjitekt dy't derfan dreamt om harren eigen hûs te ûntwerpen en te bouwen, en Diana is in makelder dy't dêrfoar it perfekte perseel grûn fynt yn Santa Monica, oan 'e kust fan 'e Stille Oseaan. Se moatte flink liene fan 'e bank om 'e grûn keapje en mei de bou úteinsette te kinnen, mar se sette troch. As it hûs heal ôf is, rekket de ekonomy lykwols yn in resesje. David wurdt ûntslein en Diana ferkeapet gjin hûs mear.

Om't David en Diana harren hypoteekôflossings net mear opbringe kinne, leit de bank beslach op it heal ôfboude hûs. David en Diana wolle dat beslist net kwyt, dat se beslute nei Las Vegas te reizgjen om dêr mei harren sparjild te gokken en sa it jild gear te bringen dêr't se ferlet fan hawwe. Mar it rint oars, want nei't se yn 't earstoan harren ynset ferdûbelje, reitsje se letter oan 'e rûlettetafel alles kwyt. Yn itselde kasino komme se yn 'e kunde mei de miljardêr John Gage, dy't him fuortendaliks oanlutsen fielt ta Diana. As er fan harren jildsoargen heard, biedt er David en Diana in miljoen dollar oan as er in nacht mei Diana op bêd mei.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

David en Diana wolle dêr earst neat fan witte, mar se hawwe no hielendal gjin reade sint mear en driigje sadwaande alles kwyt te reitsjen. Nei in drege nacht fan wuoljen en prakkesearjen beslute se it oanbod dochs oan te nimmen. Se helje harren freon Jeremy derby, dy't abbekaat is, om in formeel kontrakt op te stellen. Nei't dat troch Gage ûndertekene is, fljocht Diana mei him yn in helikopter nei syn jacht. Dêr jout er har de kâns om ûnder it kontrakt út te kommen en werom te gean nei har man as er in toss mei syn 'geloksmunt' ferliest, mar hy neamt de goede kant fan it muntstik en sy bringt de nacht mei him troch. Underwilens hat David, oan 'e fêste wâl, spyt fan it hiele barren sadree't Diana yn 'e helikopter stapt, en hy bringt de nacht sliepeleas troch wylst er geandefoets troch de stêd doarmet.

Hoewol't er hope hie om it hiele ynsidint te ferjitten, kriget David neitiid it idee net út 'e holle dat syn frou mei in oare man op bêd west hat. Hy wurdt hieltyd ûnwisser oer syn relaasje mei Diana, en fret himsels op fan 'e eangst dat sy efter syn rêch om noch altyd mei Gage omslacht. Dat boazet noch fierder oan as David en Diana ûntdekke dat Gage ûnderwilens it heal ôfboude hûs fan 'e bank opkocht hat, sadat it hiele gedoch fergees wie. De spannings tusken harren rinne almar fierder op oant David en Diana útinoar geane.

Dêrop makket Gage nije avânses yn 'e rjochting fan Diana. Hoewol't se har dêr yn 't earstoan tsjin ferset, stimt se der úteinlik mei yn om tiid mei him troch te bringen, wêrnei't se stadichoan in relaasje krije. Underwilens belibbet David in djiptepunt foar't er stapke foar stapke syn libben wer op 'e rails kriget. As Diana in formele skieding oanfreget, ûndertekenet David de papieren en jout de miljoen dollar oan har wei, om't er der neat mear fan hawwe wol.

Diana jout ûnderwilens Gage te kennen dat se prate moatte. Gage, dy't trochhat wat se sizze wol, begrypt einlings en te'n lêsten dat sy beiden nea in relaasje hawwe sille dy't dy fan Diana en David belykje kin. Om't er ek ynsjocht dat se langet om werom te gean nei har man, fertelt er har dat sy net mear as de lêste is yn in lange rige 'miljoendollarfammen' mei wa't er it oanlein hat. Diana begrypt dat Gage dat seit om it makliker foar har te meitsjen en gean by him wei. Hy jout har syn geloksmunt, dy't twa deselde kanten blykt te hawwen. Diana giet nei de pier dêr't David har sân jier earder frege om mei him te trouwen. Dêr is in twasidige sitbank, en hy sit dêr. Sy giet oan 'e oare sitten, mei de rêch nei him ta, mar harren hannen sykje inoar en gripe inoar fêst.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Diana Murphy Demi Moore
David Murphy Woody Harrelson
John Gage Robert Redford


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Jeremy Oliver Platt
Shackleford Seymour Cassel
Langford Rip Taylor
deitoerist Billy Bob Thornton
feilingmaster Billy Connolly
freondinne fan David Pamela Holt
heit fan David Tommy Bush
harsels Sheena Easton
himsels Herbie Hancock

Ferskillen tusken boek en film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Indecent Proposal is basearre op 'e roman Indecent Proposal fan skriuwer Jack Engelhard, út 1988. Yn it boek komt in kulturele wriuwing foar dy't út 'e film weilitten is. Yn 'e roman hjit it personaazje fan David Murphy nammentlik Joshua, en is it in Joad, wylst de miljonêr dy't mei syn frou sliepe wol in Arabyske oaljesjeik is.

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Indecent Proposal waard regissearre troch Adrian Lyne, dy't ek ferantwurdlik wie foar films as 9½ Weeks (1986) en Fatal Attraction (1987). Hy wurke op basis fan in senario fan Amy Holden Jones en mei in budget fan $38 miljoen. As produsinte wie Sherry Lansing by de film belutsen foar filmstudio Paramount Pictures. De kamerarezjy waard dien troch Howard Atherton, wylst John Barry de filmmuzyk fersoarge. Indecent Proposal gie op 7 april 1993 yn premiêre. De filmdistribúsje wie yn 'e hannen fan Paramount Pictures.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Indecent Proposal krige oer it algemien negative resinsjes fan 'e filmkritisy. Sa joech de foaroansteande Amerikaanske resinsint Gene Siskel de film in 'tomme omleech'. In oare promininte Amerikaanske filmkritikus, Roger Ebert, skreau lykwols in positive resinsje oer Indecent Proposal. De feministyske skriuwster Susan Faludi hie net sasear beswier tsjin 'e film op himsels, mar tsjin it byld dat yn 'e film fan it personaazje fan Diana Murphy jûn waard.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Indecent Proposal in goedkarringspersintaazje fan 34%, basearre op 44 ûnderskate resinsjes. Neffens de konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, wurdt der yn 'e film "mei fjoer aktearre," mar hat Indecent Proposal "muoite om oerein te bliuwen nei it prikeljende útgongspunt." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle de film in goedkarringspersintaazje fan 35%, basearre op 17 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Indecent Proposal brocht yn 'e Feriene Steaten en Kanada $106,6 miljoen op en yn alle oare lannen en territoaria nochris $160 miljoen. Nettsjinsteande de oer it algemien negative resinsjes kaam de totale opbringst dêrmei út op $266,6 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $38 miljoen betsjutte dat in winst fan $228,6 miljoen.

By de Golden Raspberry Awards (of Razzies), de Amerikaanske prizen foar de minste films, waard Indecent Proposal yn 1994 nominearre yn sân kategoryen, û.m. foar minste regisseur (Adrian Lyne), minste akteur (Robert Redford), minste aktrise (Demi Moore) en minste orizjinele liet (In All the Right Places). De film wûn úteinlik de prizen yn 'e kategoryen minste film, minste byrol fan in akteur (Woody Harrelson) en minste senario. Yn it boek The Official Razzie Movie Guide, fan Golden Raspberry Award-stifter John Wilson wurdt Indecent Proposal neamd as ien fan 'e hûndert "bêste minste films dy't ea makke binne".

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.