The Lord of the Rings: The Return of the King
The Lord of the Rings: The Return of the King is in Nijseelânsk-Amerikaanske fantasy-aventoerefilm út 2003 ûnder rezjy fan Peter Jackson, mei yn 'e haadrollen Elijah Wood, sir Ian McKellen en Viggo Mortensen. De titel betsjut "De Hear fan 'e Ringen: De Weromkear fan 'e Kening". De film is basearre op it boek The Return of the King. It is it trêde en ôfslutende diel fan The Lord of the Rings, in filmtrilogy basearre op 'e ferneamde romantrilogy The Lord of the Rings fan J.R.R. Tolkien. As sadanich is de film it ferfolch op The Lord of the Rings: The Two Towers, út 2002.
It ferhaal folget de leden fan it Selskip fan 'e Ring no't de einstriid om it lot fan Midierde útbrutsen is. De hobbits Frodo en Sam begjinne oan it lêste part fan harren drege reis nei it deadske lân Mordor om dêr de Iene Ring fan 'e kweageast Sauron te ferneatigjen troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten. Dêrby binne se twongen om te betrouwen op 'e help fan it ferriedlike wêzen Gollum. De tsjoender Gandalf nimt de hobbit Pippin mei nei it lân Gondor, dat him tariedt op 'e kommende oarloch. De fjirde hobbit, Merry, jout him tegearre mei frouwe Éowyn temûk by it leger fan Rohan dat Gondor te help komt. Underwilens moatte Aragorn, de ôfstammeling fan 'e keningen fan Gondor by âlds, en syn maten, de elf Legolas en de dwerch Gimli, in ôfgryslik paad gean om in kâns op 'e oerwinning te hawwen.
The Lord of the Rings: The Return of the King waard troch de filmkritisy mei tige loovjende resinsjes ûntfongen en wurdt rûnom beskôge as ien fan 'e bêste en ynfloedrykste films ea makke. Yn 'e bioskopen brocht de film mear as in miljard dollar op, wêrmei't it doe de op ien nei meast opbringende film aller tiden wie. The Lord of the Rings: The Return of the King wûn alve Oscars (wêrûnder de Oscar foar Bêste Film), fjouwer Golden Globes, twa Grammy Awards, in Hugo Award, in Nebula Award, in Screen Actors Guild Award, fiif BAFTA's, acht Saturn Awards, in Satellite Award, trije Empire Awards en ferskate oare prizen.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In prolooch lit twa hobbits sjen, de neven Sméagol en Déagol, dy't op in stil stikje fan 'e rivier de Anduin oan it angelfiskjen binne. As Déagol troch in mânske fisk út harren boatsje skuord wurdt, fynt er op 'e boaiem fan 'e rivier de Iene Ring. Sadree't er it sieraad sjocht, wurdt it ferstân fan Sméagol dertroch fongen. De beide neven reitsje slaande deilis om 'e ring en Sméagol smoart Déagol oant er dea is. Ferballe as in moardner troch syn mienskip lûkt er him werom yn 'e Diisbergen, dêr't er de folgjende iuwen tahâldt yn 'e grotten, wylst de magyske ynfloed fan 'e Ring him in ûnnatuerlik lang libben skinkt, mar tagelyk syn lichem en geast ferwringt oant er ta in karikatuer fan himsels wurden is. Sa ûntstiet it wêzen Gollum.
Fiifhûndert en sânensantich jier nei't Sméagol syn neef de Iene Ring ûntnadere hat, is de Oarloch fan 'e Ring yn folle gong (sjoch foar wat foarôf gie: The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring en The Lord of the Rings: The Two Towers). Nei harren oerwinning yn 'e Slach om Helmsdjip liedt de tsjoender Gandalf syn trije reismaten, de minske Aragorn, de elf Legolas en de dwerch Gimli, en ek kening Théoden fan Rohan nei it troch de inten ferrinnewearre Isengard. Dêr sit harren fijân, de ferrieder Saruman, no finzen yn syn eigen toer, de Orthanc, dy't bewekke wurdt troch de inten (in soarte fan beameftige reuzen). Oan harren lieder, Beamburd, draacht Gandalf de taak op om derfoar te soargjen dat Saruman net ûntsnapt om foar nije swierrichheden te soargjen. Yn Isengard wurde Gandalf-en-dy weriene mei harren freonen, de hobbits Pippin en Merry, sûnder wa har bemuoienis de inten der nea ta kommen wiene om Isengard oan te fallen.
Pippin fynt ûnder wetter yn it splis steande Isengard in ljochtsjende stien, dy't Gandalf oantsjut as in palantír of sjochstien en him gau-gau ôfnimt. Nei't it selskip mei de beide hobbits weromkeard is nei it Rohander haadplak Edoras, gaudievet Pippin dy nachts de palantír mei, om't er in ûnwjersteanbere oanstriid fielt om deryn te sjen. As er dat docht, rekket er lykwols fongen yn 'e blik fan 'e kweageast Sauron, dy't de palantír fan Minas Morgul yn syn besit hat. Op Merry syn kriten om help ûntskuorre Gandalf en Aragorn de stien oan Pippin. It docht bliken dat de nijsgjirrige hobbit mear troch gelok as wiisheid gjin geheimen oan 'e Fijân priisjûn hat. Ut 'e beskriuwings fan 'e fizioenen dy't er seach ear't Sauron him te pakken krige, liedt Gandalf ôf dat de Fijân fan doel is om no in wraam te dwaan op Minas Tirith, de haadstêd fan it súdlike ryk Gondor. Om't Sauron no oerdúdlik mient dat Pippin de hobbit is dy't de Iene Ring hat, en perfoarst syn trewanten efter him oan stjoere sil, nimt Gandalf him de oare moarns mei as er ôfset nei Gondor om dat lân te warskôgjen.
Underwilens liedt Gollum de hobbit Frodo Baggins, de wiere drager fan 'e Iene Ring, en dy syn feint Samwise Gamgee ûnderweis nei it tsjustere lân Mordor roerdelings by de ferflokte stêd Minas Morgul lâns, dêr't se der tsjûge fan binne hoe't de Heksekening fan Angmar, de lieder fan 'e njoggen Nazgûl of Ringsjammen, in leger oarken dêr't suver gjin ein oan liket te kommen yn 'e rjochting fan Gondor liedt. Gollum liedt de hobbits nei in geheime treppen dy't úthoud is yn it klif fan 'e Skaadbergen, dat by Minas Morgul suver fertikaal omheech giet. Dagenlang klimme se almar heger, wylst Gollum oanhâldend besiket Frodo op te stokeljen tsjin 'e trouwe Sam. Dêrby makket er handich gebrûk fan it wantrouwen en de jaloerskens dy't de ring Frodo ynjout. Sam hat gjin ferwar tsjin dy glûpske kampanje, en it slagget him net om Frodo oan it ferstân te bringen dat Gollum fan doel is om him te fermoardzjen. As er boppedat kear op kear syn selsbehearsking ferliest en Gollum mei de fûsten te liif giet, makket dat allinne mar dat de ynskunings fan it wêzen Frodo noch wierder talykje. Uteinlik rekket Frodo derfan oertsjûge dat Sam de ring foar himsels opeaskje wol, dat hy betanket Sam foar syn tsjinsten en stjoert him nei hûs.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
As Gandalf en Pippin yn Minas Tirith arrivearje, docht bliken dat de grutske steedhâlder fan Gondor, Denethor, wegeret om 'e beakens op 'e berchtoppen oan te stekken dy't it teken binne fan in fersyk om help oan Rohan, dat al iuwenlang de bûnsgenoat fan Gondor is. Denethor is de heit fan sawol de sneuvele Boromir, in eardere reismaat fan Gandalf-en-dy, as Faramir, dy't Frodo en Sam yn Ithilien troffen hawwe. Gandalf stjoert Pippin út om nei it beaken boppe-op de sitadel fan Minas Tirith te klimmen, dat der temûk oanstekt. Mei dat earste sinjaal kin de needoprop net mear tsjinkeard wurde, mei't ien foar ien de beakens oanstutsen wurde yn in lange rige by de bergen lâns nei it noarden, oant it lêste út Edoras wei te sjen is. As him dat berjocht brocht wurdt, beslút kening Théoden, dy't earder noch wrok tsjin Gondor koestere om't it him net te help kommen wie yn 'e striid tsjin Saruman, om dochs syn leger te meunsterjen en nei it suden ta ôf te setten. Merry wurdt as hobbit te lyts achte om meifjochtsje te kinnen, en Théoden hjit him efter te bliuwen yn Rohan. De frouwe Éowyn, lykwols, de omkesizzer fan Théoden, dy't it ek ferbean is en riidt út ta de striid, hat in wapenris oan dien en in gesichtsbedekkende helm op set om har temûk by it leger te jaan; en sy set Merry foar har yn it seal.
Fier nei it noarden ta is ûnderwilens de elvinne Arwen Undómiel, de dochter fan Elrond fan Rivendell, dy't har hert oan Aragorn fersein hat, ûnderweis nei de Grize Havens om skip te gean nei de Unstjerlike Lannen yn it Uterste Westen, dêr't alle elven op 't langelêst hinne geane as se net troch geweld of ûngemak komme te ferstjerren. Hja hat har troch har heit beprate litten dat Aragorn syn dea temjitte riidt. Mar ienris op 'en paad kriget hja in fizioen fan Eldarion, de soan dy't út har houlik mei Aragorn berne wurde kinne soe, en se betinkt har en keart om. Werom yn Rivendell jout se ta ôfgriis fan Elrond har ûnstjerlikens op om mei Aragorn te libjen en te stjerren. Se bepraat har heit om Narsil, it Swurd dat Brutsen Wie, it wapen fan Aragorn syn foarfaar Elendil wêrmei't dy syn soan Isildur by de lêste oarloch tsjin Sauron dyselde de finger mei de Iene Ring ôfhoude, wer op 'e nij te smeien. Neitiid reizget Elrond yn momkape nei Rohan ta om it swurd, dat no Andúril hjit, de Flam fan it Westen, persoanlik by Aragorn te bringen. Hy fertelt dêrby ek oer de kar dy't Arwen makke hat.
Op rie fan Gandalf en Elrond beslút Aragorn dan net mei it Rohander leger nei Gondor te riden, mar ynstee in oare wei nei it suden te nimmen: de Deadene Paden ûnder de bergen troch, dêr't nimmen fan weromkeart. Legolas en Gimli geane mei him. De Rohirrim binne derfan oertsjûge dat se harren dea yn 'e mjitte ride, mei't de tunnels ûnder de bergen troch bewekke wurde fan 'e deaden, dy't gjin inkele libbene op harren gerjochtichheid talitte. Frouwe Éowyn, dy't fereale rekke is op Aragorn, besiket him syn plan dan ek te ûntpraten, mar hy seit tsjin har dat er har net jaan kin wat se siket. Under de bergen wurde Aragorn-en-dy yndie besingele fan 'e deaden, dat de spûken binne fan lang lyn ferstoarne eedbrekkers. Hja wiene fazallen fan Elendil, en wiene him lienmanstrou ferskuldige, mar yn 'e foargeande oarloch tsjin Sauron wegeren hja tsjin dyselde mei te fjochtsjen, om't harren folk Sauron iuwenlang as god fereare hiene. Foar it brekken fan harren eed waarden se ferflokt ta dizze foarm fan ûndea oant se in oare wize fûnen om oan 'e eed te foldwaan. Op 'e lieder fan 'e spûken, dy't de Kening fan 'e Deaden neamd wurdt, hawwe gewoane wapens gjin fet, mar it swurd Andúril wol. Aragorn, dy't him troch it besit fan dat swurd bekendmakket as de rjochtlike erfgenamt fan Elendil, ropt de spûken op harren eed einlings en te'n lêsten te folbringen en him te folgjen nei de oarloch yn Gondor.
It leger oarken út Minas Morgul berikt de ruïnestêd Osgiliath, oan wjerskanten fan 'e Anduin, dêr't se mei boaten oerstekke en it Gondoreeske garnizoen oan 'e westkant fan 'e rivier oerweldigje. Faramir, dy't dêr it befel fiert, is twongen om him mei de restanten fan syn troepen werom te lûken yn 'e rjochting fan Minas Tirith. Dêrby wurde se oanhâldend út 'e loft wei oanfallen troch de Ringsjammen, dy't op wjukte meunsters fleane. Gandalf riidt út Minas Tirith út om 'e Ringsjammen te ferdriuwen en de Gondoreeske troepen yn feilichheid te bringen. Underwilens tsjocht in mânsk leger út 'e lannen fan Harad, yn it suden, op om him by de oarken te jaan, wylst de float fan 'e kapers fan Umbar de mûning fan 'e Anduin opfart om him ek by it leger fan Mordor te foegjen.
Steedhâlder Denethor, dy't rouwet om 'e dea fan syn leaflingssoan Boromir en tagelyk tsjin syn oare soan Faramir wrokket om't dy noch wol libbet, jout Faramir oarder ta in sinleaze wraam op it no troch de oarken besette Osgiliath. Faramir fiert dat befel út, mar de oanfal rint út op in bloedbad, wêrby't al syn mannen omkomme. Inkeld Faramir sels keart libben, sij it swierferwûne, nei Minas Tirith werom, om't er dêrhinne sleept wurdt troch syn hynder oan syn foet dy't fêstsit yn 'e stiichbûgel. Neitiid beseft Denethor pas dat er ek fan Faramir hâldt. Hy ferfalt ta sljochtsinnigens, en de ferdigening fan 'e stêd komt yn 'e hannen fan Gandalf. Derfan oertsjûge dat der gjin oerwinning op Sauron mooglik is, beslút Denethor it tiidstip fan syn eigen dea en dy fan Faramir sels te kiezen. Hy lit foar harren kremaasje in brânsteapel oanlizze, dy't er trochweakket mei oalje. Pippin, dy't om 'e nocht besocht hat him tsjin te hâlden, hellet Gandalf derby, en tegearre rêde se Faramir fan 'e flammen. Denethor springt baarnend as in toartse syn dea temjitte fan 'e rots fan 'e sitadel.
Underwilens is de belegering fan Minas Tirith troch it leger oarken en trollen út Osgiliath begûn. De fijân brekt troch de bûtenste stedspoarte troch de ûnbidige fan trollen betsjinne stoarmraam Grond yn te setten. As oarken en trollen djip yn 'e stêd trochkringe, liket de sitewaasje hopeleas, oant it skâljen fan hoarnen de oankomst fan it leger fan Rohan oankundiget. Mei ien geweldige ruteroanfal dy't de Slach op 'e Fjilden fan 'e Pelennor iepenet, feie de Rohirrim ûnder lieding fan kening Théoden en syn omkesizzer Éomer de reuseftige klibers oarken foar de poarten fan Minas Tirith wei. Op dat stuit arrivearret lykwols it leger fan 'e Haradrim út it suden, dat oanfierd wurdt troch in hiele rige reuseftige oaljefanteftige mûmakil, mei elts in hiel kontigint bôgesjitters op 'e rêch. De Rohirrim bine de striid mei dy nije fijân oan, hoewol't de mûmakil withoefolle slachtoffers meitsje.
Kening Théoden sels wurdt oanfallen troch de Heksekening fan Angmar, op syn fleanende meunster, dat Théoden fan syn hynder ôfhapt en fataal ferwûne útspuit. Frouwe Éowyn ferdigenet de omke dy't as in heit foar har wie, en as de Heksekening har tabyt dat gjin man him deadzje kin, skuort se har helm ôf en skoddet har lange hier út en fertelt him dat sy gjin man mar in frou is. Merry liedt it ôfgryslike spûk ôf troch him fan efteren yn 'e knibbelholte te stekken, wêrnei't Éowyn har swurd yn 'e leechte tusken de bekroande helm en it harnas driuwt. Mei in weikwinende gjalp ferkomt de Heksekening, wêrnei't Éowyn noch de tiid hat om ôfskie te nimmen fan 'e stjerrende Théoden. De float fan 'e kapers fan Umbar arrivearret dan op 'e Anduin by Minas Tirith, mar de swarte skippen blike inkeld trije libbenen oan board te hawwen: Aragorn, Legolas en Gimli, dy't beselskippe wurde fan it leger fan 'e deaden. Nei't de deaden de libbenen holpen hawwe om 'e legers fan Sauron in pynlike nederlaach ta te bringen, ûntslacht Aragorn de Kening fan 'e Deaden en syn folgelingen fan harren âlde, ta flok ferwurden eed, wêrnei't se ferwaaie yn 'e wyn en folslein weiwurde.
Oan 'e top fan 'e lange treppen lokket Gollum Frodo yn in mûklaach troch him de tunnels yn te stjoeren dy't de hoale fan 'e reuseftige spin Shelob foarmje. Frodo wit nauwerneed oan it meunster te ûntkommen en rekket dêrnei deilis mei Gollum nei't er dyselde einlings it doel fan syn kweeste ferteld hat: om 'e Iene Ring te ferneatigjen yn 'e fjurren fan 'e Doemberch, dêr't er lang lyn ek smeid wurden is. Hja wrakselje mei-inoar, wêrby't Gollum yn in djippe kleau falt. Frodo set syn tocht allinne fierder, mar Shelob komt him oer it mad, stekt him en ynjektearret him mei har ferlamjende gif. Dêrnei bewuollet se Frodo yn spinreach, mar ear't se fierder wat mei him dwaan kin, komt Sam fanwegen, dy't de opdracht fan syn master en gean nei hûs yn 'e wyn slein hat. Mei it nea dimjende Ljocht fan Eärendil (in geskink oan Frodo fan 'e elvekeninginne Galadriel) en Frodo syn swurd Stek, wit er de spin sa te ferwûnjen, dat it meunster útnaait.
Sam, dy't yn 'e oertsjûging ferkeart dat Frodo dea is, nimt him de ring ôf, wêrnei't er him ferskûlje moat as der in groep oarken út 'e wachttoer yn 'e Pas fan Cirith Ungol op it leven fan it gefjocht ôfkomt. Ut harren praat wurdt Sam gewaar dat Frodo net dea is, mar ferlamme. De oarken nimme Frodo mei nei harren toer, dêr't se him al syn besittings ôfnimme en fan doel binne om him te marteljen om't se him as spion beskôgje. As se de maljenkolder fan it rottekrûddjoere metaal mithril ûntdekke, dy't er ûnder syn baitsje draacht, reitsje se dêr lykwols ûnderling slaande deilis om. It garnizoen fan 'e toer falt yn twa groepen útinoar, en tsjin 'e tiid at Sam dêr arrivearret, binne der noch mar trije oarken yn libben, dêr't hy handich mei ôfweeft. Sam rêdt Frodo, en ferklaaid as in pear lytseftige oarken sette se harren reis troch Mordor fuort.
Aragorn beslút om mei alle troepen dy't er gearbringe kin, op te marsjearjen nei de Swarte Poarte, de iennichste tagong ta it lân Mordor (ôfsjoen fan 'e Pas fan Cirith Ungol). Hy hat wol foar it ferstân dat hy en syn bûnsmaten gjin skyn fan kâns hawwe om te winnen tsjin alle legers dy't Sauron yn Mordor gearlutsen hat, mar syn bedoeling is dan ek om 'e oandacht fan Sauron fan syn eigen lân ôf te lieden en Mordor leechrinne te litten, dat Frodo en Sam by steat steld wurde om 'e Doemberch te berikken. Dat hy tsjocht op nei de Swarte Poarte mei in leger fan Gondoreeske en Rohander soldaten, ûnder oanfiering fan himsels, Éomer, dy't no de nije kening fan Rohan is, en Gandalf. Ek Legolas, Gimli, Merry en Pippin geane mei. It plan fan Aragorn wurket treflik, want Sauron stjoert alle troepen yn Mordor nei de Swarte Poarte ta. Sa kinne Frodo en Sam, sûnder oanholden te wurden, nei de Doemberch tsjen. Aragorn-en-dy spylje harren bluf út oant de logyske konklúzje, dat se bestoarmje de Swarte Poarte, ta ferbjustering fan 'e fijân dy't har yn 'e mjitte kommen is en besingele hat. De grutte earnen fan 'e Diisbergen komme harren te help en falle oan op 'e acht oerbleaune Ringsjammen en har fleanende meunsters.
Underwilens wit Frodo mei help fan Sam, dy't him it lêste ein oer it skouder draacht, de top fan 'e Doemberch te berikken. Dêr wurde de hobbits oanfallen troch Gollum, dy't har efternei kommen is. Sam wit it wêzen fan harren ôf te slaan, wêrnei't Frodo in bousel yn 'e side fan 'e fulkaan yngiet, dêr't de ring blykber smeid is. Hy stiet op it punt om it ûnding oer de râne fan 'e ôfgrûn yn 'e siedende lava fier ûnder him te smiten, mar dan wurdt de ring him oermânsk. Frodo docht him om 'e finger, sadat er ûnsichtber wurdt, en byt Sam ta dat de ring sines is. Gollum wit Frodo lykwols dochs te finen en falt him oan. Hy byt Frodo de finger mei de ring ôf en nimt it sieraad wer yn besit. Frodo komt him tenei om 'e ring werom te krijen, en by de wrakseling dy't dan folget, knoffelje se allebeide oer de râne fan 'e ôfgrûn hinne. Frodo wit him fêst te gripen oan in útstykjend stik rots, wêrnei't Sam him rêdt troch him omheech te hysjen. Gollum falt lykwols mei ring en al yn 'e lava en wurdt fertard, krekt as de ring.
Mei de ferneatiging fan 'e Iene Ring wurdt ek alle macht ferneatige dy't Sauron dêryn ferweefd hie. Sûnder de ring wurdt Sauron sadwaande werombrocht ta in machteleaze geast dy't de wrâld net mear beynfloedzje kin. Syn bolwurk, de Barad-dûr, stoart yn, it Lidleaze Each ûntploft en de Doemberch barst út. By de Swarte Poarte keart fuortendaliks it tij fan 'e striid, mei't de oarken en oare trewanten fan Sauron yn eangst en wanhope alle kanten út flechtsje. Gandalf fljocht mei de grutte earnen nei de Doemberch, dêr't se Frodo en Sam op in grut rotsblok midden yn in lavastream ûntdekke. Sa wurde de beide hobbits rêden en mei werom nommen nei Minas Tirith. Dêr wurdt Aragorn kroane ta kening fan Gondor en Arnor. In delegaasje elven omfiemet ta syn ferrassing en blydskip Arwen, dy't er ta syn keninginne makket. Underwilens hat frouwe Éowyn nije leafde fûn mei Faramir.
De fjouwer hobbits keare werom nei harren heitelân, it Goa, dêr't Sam it oanleit mei Rosie Cotton, op wa't er altyd al in eachje hie. Earder wied er altyd te bleu om dêr wat mei te dwaan, mar ûnderwilens hat er leard dat der mindere dingen binne as ôfwiisd te wurden troch in frou. Rosie wiist him lykwols net ôf, mar trout mei him. Inkele jierren letter wurdt de âlde Bilbo Baggins, Frodo syn omke, as drager fan 'e Iene Ring troch de elven útnûge om nei de Unstjerlike Lannen yn it Uterste Westen te silen. Mei him geane Elrond, Galadriel en Gandalf. Frodo, Sam, Merry en Pippin bringe harren nei de Grize Havens ta. As se dêr ienris binne, makket Frodo, dy't noch altyd tramtearre wurdt troch de stek mei it swurd fan 'e Heksekening fan Angmar yn syn skouder en de stek fan Shelob yn syn rêch, oan syn trije freonen bekend dat hy ek mei fuort sil. Hy jout Sam it Reade Boek fan 'e Westmark, dêr't er al harren aventoeren yn optekene hat. Sam, Merry en Pippin ride trijeresom werom nei it Goa, dêr't Sam by thúskomst Rosie en syn beide bern oankrûpt.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Frodo Baggins | Elijah Wood |
Gandalf de Grize | sir Ian McKellen |
Aragorn, soan fan Arathorn | Viggo Mortensen |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Samwise Gamgee | Sean Astin |
Meriadoc "Merry" Brandybuck | Dominic Monaghan |
Peregrin "Pippin" Took | Billy Boyd |
Legolas Grienblêd | Orlando Bloom |
Gimli, soan fan Glóin | John Rhys-Davies |
Gollum/Sméagol | Andy Serkis (allinne stim en motion-capture) |
kening Théoden fan Rohan | Bernard Hill |
frouwe Éowyn | Miranda Otto |
Faramir fan Gondor | David Wenham |
steedhâlder Denethor fan Gondor | John Noble |
Éomer fan Rohan | Karl Urban |
Elrond fan Rivendell | Hugo Weaving |
Arwen Undómiel | Liv Tyler |
Galadriel fan Lothlórien | Cate Blanchett |
Gamling, in ofsier fan Rohan | Bruce Hopkins |
Madril, ûnderbefelhawwer fan Faramir | John Bach |
Kening fan 'e Deaden | Paul Norell |
de Heksekening fan Angmar | Lawrence Makoare (allinne stim) |
Déagol | Thomas Robins |
Boromir fan Gondor | Sean Bean |
Beamburd | John Rhys-Davies (allinne stim) |
Ian Holm | Bilbo Baggins |
Rosie Cotton | Sarah McLeod |
Gothmog, in oarkelieder | Lawrence Makoare (aktearjen) |
Craig Parker (stim) | |
Gorbag, in oarkelieder | Stephen Ure |
Grimbold, in maarskalk fan Rohan | Bruce Phillips |
kening Celeborn de Wize fan Lothlórien | Marton Csokas |
Damrod | Alistair Browning |
Irolas | Ian Hughes |
oanfierder fan 'e Haradrim #1 | Todd Rippon |
oanfierder fan 'e Haradrim #2 | Shane Rangi |
Shagrat, in oarkelieder | Peter Tait |
Eldarion (soan fan Aragorn en Arwen) | Sadwyn Brophy |
Elanor Gamgee | Alexandra Astin |
soldaat fan Gondor yn Osgiliath | Royd Tolkien (cameo) |
inkeld yn 'e extended cut fan 'e film | |
Saruman de Wite | Christopher Lee |
Gríma Wrottonge | Brad Dourif |
de Mûle fan Sauron | Bruce Spence |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Lord of the Rings: The Return of the King waard krekt as The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring en The Lord of the Rings: The Two Towers, de beide foargeande dielen fan 'e Lord of the Rings-filmtrilogy, regissearre troch Peter Jackson. Hy wurke nei in senario dat skreaun wie troch Fran Walsh, Philippa Boyens en himsels op basis fan The Return of the King, it ôfslutende diel fan 'e romantrilogy The Lord of the Rings, fan 'e ferneamde Ingelske skriuwer J.R.R. Tolkien. Jackson en Walsh wiene ek as produsinten by it projekt behelle, yn 'e mande mei Barrie M. Osborne, foar de filmstudio's New Line Cinema en WingNut Films. The Lord of the Rings: The Return of the King wie in Nijseelânsk-Amerikaanske ko-produksje, dêr't in budget fan $94 miljoen foar beskikber wie.
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Lord of the Rings: The Return of the King waard efterinoar filme mei de beide oare dielen fan 'e filmtrilogy, The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring en The Lord of the Rings: The Two Towers. De opnamen fan 'e trije films setten útein op 11 oktober 1999 en duorren oant en mei 22 desimber 2000, wêrnei't elts diel noch in fol jier oan postproduksje ferge. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Andrew Lesnie. De folsleine filmtrilogy waard opnommen op ferskate lokaasjes yn Nij-Seelân.
Minas Tirith, de haadstêd fan Gondor, waard oanlein yn 'e Dry Creek Quarry by Wellington, op it itselde plak dêr't earder de boarch fan Helmsdjip út The Two Towers boud wie. Dielen fan 'e boarch waarden feitliks ynkorporearre yn Minas Tirith; sa is de poarte fan 'e twadde omgong fan 'e stêd eins deselde as dy fan 'e boarch. Nije struktueren wiene û.m. fjouwer nivo's mei strjitten mei in eigen heraldysk motyf foar elts hûs (ôfsjoen fan Siena yn Itaalje) en de 8 m hege (bûtenste) stedspoarte, dêr't twa ferzjes fan makke waarden (hiel en ynraamd), mei gravearrings dy't ynspirearre wiene op dy fan it Florentynske Baptistearium. Fan 'e sitadel fan Minas Tirith wie inkeld de bûtenkant yn 'e Dry Creek Quarry makke; de binnenkant befûn him yn 'e Stone Street Studios yn Wellington.
Postproduksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de postproduksje fan The Lord of the Rings: The Return of the King waard de filmmuzyk fan Howard Shore tafoege, mei muzyk fan it Londensk Filharmoanysk Orkest en sang fan it koar London Voices, de London Oratory School Schola en ferskate solisten. De soundtrack omfette ek it spesjaal foar de film skreaune liet Into the West, songen troch Annie Lennox.
Fierders waarden ûnder de postproduksje ek de special effects yn 'e film montearre, fersoarge troch Weta Digital. Dat bedriuw levere foar de Slach op 'e Fjilden fan 'e Pelennor 250 shots mei 200.000 digitale personaazjes. Der waard ek in miniatuerferzje fan Minas Tirith boud op in skaal fan 1:72, dat likegoed noch in hichte fan 7 m hie. De meunstereftige spin Shelob waard yn 1999 ûntwurpen mei in lichem dat basearre wie op dat fan in tunnelwebspin (lânseigen yn Nij-Seelân). Foar de gjalp fan Shelob waard de wiere skreau fan in Tasmaanske duvel brûkt. De oaljefanteftige mûmakil fan 'e Haradrim waard in lûd taparte dat it begjin en de ein fan in liuwebrul is mei de midden der tuskenwei knipt.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan The Lord of the Rings: The Return of the King waard fersoarge troch New Line Cinema. De film gie op 1 desimber 2003 yn 'e Nijseelânske haadstêd Wellington yn premiêre, wêrnei't er op 17 desimber yn 'e Amerikaanske en op 18 desimber yn 'e Nijseelânske bioskopen iepene. The Lord of the Rings: The Return of the King kaam op 25 maaie 2004 út op VHS-keapfideo en dvd. Op 14 desimber fan dat jier kaam der ek in director's cut-ferzje fan 'e film út, mei 50 minuten oan ekstra byldmateriaal. Yn totaal kaam de spyldoer dêrmei út op 251 minuten (oftewol 4 oeren en 11 minuten). De bioskoopferzje fan 'e film (mei in lingte fan 201 minuten) ferskynde yn april 2010 foar it earst op blu-ray.
Ferskillen tusken film en roman
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt sa't dat mei de oare beide films fan 'e Lord of the Rings-filmtrilogy it gefal wie, binne yn The Lord of the Rings: The Return of the King in protte foarfallen, tiidlinen en geografyske ôfstannen út it boek fan Tolkien ferkoarte of ferienfâldige om't men yn in film no ienris oer in beheinde tiidsspanne beskikt. Ien fan 'e grutste feroarings yn 'e ferfilming is dat de moeting fan Frodo en Sam mei de meunsterlike spin Shelob yn dizze film opnommen is, wylst dat foarfal yn 'e romantrilogy fan Tolkien eins oan 'e ein fan The Two Towers plakfynt. Dy oanpassing waard troch regisseur Peter Jackson trochfierd om 'e The Lord of the Rings: The Two Towers net yn in cliffhanger einigje te litten.
Ferskate foarfallen út 'e roman The Return of the King, dy't net botte wichtich binne foar it fierdere ferrin fan it ferhaal, binne yn 'e ferfilming hielendal weilitten (hoewol't guon yn 'e langere director's cut-ferzje wer al opnommen binne). Fuort oan it begjin fan 'e film mist de konfrontaasje te Isengard tusken Gandalf en Aragorn en de lulke mar fersleine tsjoender Saruman, wêrby't dy syn trewant, Gríma Wrottonge, it selskip fan Gandalf bekûgelet mei de palantír (sjochstien). Yn 'e film fynt Pippin dy stien tusken de wrakstikken fan 'e oarkewurkplakken fan Isengard. Fierderop misse de help dy't de Wylde Minsken fan it Wâld oan 'e Rohirrim biede by harren rit nei it suden, de genêzings fan Faramir, Éowyn en Merry troch Aragorn yn 'e Hielershuzen fan Minas Tirith, en ek de ûnderhannelings mei de saneamde 'Mûle fan Sauron', in gesant út Mordor, dy't yn it boek foarôfgeane oan 'e Slach foar de Swarte Poarte. Oan 'e ein fan 'e film is de Suvering fan it Goa weilitten, de striid dy't de fjouwer hobbits fiere moatte om har heitelân te befrijen, dat by harren thúskomst troch Saruman en syn trewanten beset blykt te wêzen. Yn Gondor misse fierders ferskate personaazjes út 'e film dy't yn it boek in promininte rol spylje, lykas Imrahil fan Dol Amroth en Beregond fan 'e Wacht.
Oan 'e oare kant binne der ek dingen yn 'e film opnommen dy't yn it boek net foarkomme. De ôfreis fan Arwen nei de Grize Havens, har fizioen fan har takomstige soan Eldarion en har weromkear yn Rivendell binne dêr foarbylden fan. Dat Denethor de beakens net oanstekke wol by wize fan helpoprop oan Rohan, en dat Gandalf dêrop Pippin nei it beaken fan Minas Tirith kladderje lit om dat temûk oan te stekken, is ek in optinksel fan Jackson. Yn it boek sjogge Gandalf en Pippin de beakens al brânen as se fan Rohan nei Gondor ride. En dat Denethor de ferdigeners fan Minas Tirith opropt om harren posten te ferlitten en te flechtsjen en dêrnei troch Gandalf mei syn toverstêf delslein wurdt, komt yn it boek ek net foar, likemin as de ôfwizing fan Sam troch Frodo, nei't Gollum Frodo tsjin syn trouwe feint opset hat. It leger fan 'e deaden, dat yn 'e film yn 'e Slach op 'e Fjilden fan 'e Pelennor foar in flugge oerwinning soarget, fjochtet dêr yn it boek hielendal net; de help fan 'e deaden is dêr beheind ta it ferslaan fan 'e float fan 'e kapers fan Umbar (yn 'e film oantsjut as "hierlingen"), wêrnei't Aragorn harren eed foar foldien hâldt.
In lytser foarfal dat yn 'e film oars is as yn it boek is bgl. dat kening Théoden fan Rohan earst Gondor net te help sjitte wol om't Rohan yn 'e striid tsjin Saruman ek gjin help fan Gondor krigen hat. Dêr is yn it boek gjin sprake fan. Yn 'e film komt it idee dat Aragorn oer de Deadene Paden reizgje moat, út 'e koker fan Gandalf en Elrond, wylst it yn it boek syn eigen idee is, letter oanfitere troch in berjocht fan Elrond. Yn 'e filmtrilogy wurdt it Brutsene Swurd pas yn 'e trêde film wersmeid ta Andúril, dat dêrnei troch Elrond eigenhandich by Aragorn yn Rohan brocht wurdt. Yn 'e romantrilogy fynt it wersmeien al plak foar't it Selskip fan 'e Ring yn it earste boek út Rivendell ôfset. Ynstee komme Elrond syn soannen Elladan en Elrohir (folslein ôfwêzich yn 'e films) yn Rohan by Aragorn en jouwe him in troch harren suster Arwen borduerre findel besteande út in wapenbanier fan 'e kening fan Gondor. By de rit fan 'e Rohirrim hat Merry yn 'e film fuortendaliks foar it ferstân by wa't er op it hynder nommen wurdt (frouwe Éowyn), wylst er yn it boek mient dat it om in ûngewoan ranke jongfeint giet, mei't Éowyn har helm net ôfdocht en seit dat se Dernhelm hjit.
As Aragorn, Legolas en Gimli yn 'e film de Deadene Paden nimme, skrilje harren hynders foar de yngong fan 'e ûnderberchske tunnel tebek en geane op 'e rin. Yn it boek binne se yn it foarste plak mei in gruttere kloft, mei't Elladan en Elrohir en in groep Dúnedain út it noarden harren by har jûn hawwe, en boppedat geane se te pearde ûnder de bergen troch, mei't se oare kant de bergen noch in hiel ein te gean hawwe. Yn Minas Tirith binne yn 'e film noch froulju en bern oanwêzich, hoewol't dy yn it boek al foar de oankomst fan Gandalf en Pippin evakuëarre binne. Yn 'e film ûntsnapt Faramir mei in hiele kloft hynstefolk oan 'e Slach om Osgiliath, wylst er yn it boek mar mei trije oaren yn Minas Tirith oankomt. Syn weromkomst yn 'e stêd nei de nije wraam op Osgiliath is ek oars: yn 'e film wurdt er troch syn hynder oan 'e stiichbûgel de stêd yn sleept en is er de iennichste oerlibbene, wylst er yn it boek troch syn oerlibbene soldaten de stêd yn droegen wurdt. As de legers fan Sauron Minas Tirith oanfalle, fleane de Ringsjammen op har fleanende meunsters boppe de stêd; yn 'e film gripe se soldaten fan 'e muorren en litte dy tepletter fallen, wylst se yn it boek inkeld mei harren ysbaarlike gjalpen by de ferdigeners deadseangst ynboezemje. Nei't er himsels yn 'e brân stutsen hat, naait Denethor yn 'e film as in soarte fan libbene fakkel út en springt fan 'e rots boppe de stêd syn dea temjitte, wylst er yn it boek stilwei deabaarnt yn syn grêftombe yn 'e Deadestêd fan Gondor.
Yn 'e film binne sawol Théoden as Éowyn en Merry yn 'e Slach op 'e Fjilden fan 'e Pelennor behelle yn 'e striid tsjin 'e Haradrim mei de oaljefanteftige mûmakil, wylst se it yn it boek inkeld opnimme tsjin it hynstefolk fan Harad, dat troch Théoden ferslein wurdt. Dêrnei folget de oanfal fan 'e Heksekening fan Angmar op Théoden, dy't him de dea docht. Yn 'e film komt dy oanfal nei de striid tsjin 'e mûmakil, wylst yn it boek de mûmakil pas nei de dea fan Théoden it slachfjild berikke en Éomer de Rohirrim oanfiert yn 'e striid tsjin 'e meunsters. Yn 'e film prate Éowyn en Théoden noch mei-inoar ear't er ferstjert, wylst it yn it boek Merry is dy't mei de kening praat en Théoden nea wit dat Éowyn foar wa't er Merry in boadskip jout, swierferwûne fuort njonken him leit. Nei de slach is it yn 'e film Aragorn dy't op 'e lapen komt mei it idee om mei in hopeleaze wraam op 'e Swarte Poarte de oandacht fan Sauron en de ynset fan 'e legers fan Mordor op harren fêstige te hâlden, sadat Frodo en Sam de kweeste nei de Doemberch folbringe kinne. Yn it boek kaam dat plan út 'e koker fan Gandalf. Yn 'e film giet Merry mei nei de Swarte Poarte, mar yn it boek is er fierstente slim ferwûne en bliuwt er efter yn Minas Tirith, wylst Pippin allinne de hobbits fertsjintwurdiget yn 'e Slach foar de Swarte Poarte.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige The Lord of the Rings: The Return of the King rûnom loovjende resinsjes. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times parte de film 31/2 fan 4 stjerren ta, en skreau: "[De film] is sa'n bekroanjende prestaasje, sa'n fizjonêr gebrûk fan alle ark en reau dy't special effects jin biede, sa'n folslein spektakel, dat sels dyjingen dy't de earste beide films net sjoen hawwe derfan genietsje kinne." Richard Corliss fan it tydskrift Time neamde The Lord of the Rings: The Return of the King de bêste film fan it jier. Oare resinsinten skreaune yn dyselde trant.
De wichtichste krityk op The Lord of the Rings: The Return of the King wie syn lange spyldoer. Sa joech Joel Siegel fan it moarnstillefyzjeprogramma Good Morning America yn syn besprek de film in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10. Hy heakke dêroan ta: "As er net trije kertier útloek om ta in ein te kommen, soe it myn bêste film fan it jier wêze. Sa't er is, is er 'gewoan' ien fan 'e grutte prestaasjes út 'e filmskiednis."
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie The Lord of the Rings: The Return of the King in tige heech goedkarringspersintaazje fan 93%, basearre op 275 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei't er jin fisueel de siken benimt en emosjoneel op it moed komt, is [de film] in oangripende en befredigjende ôfsluting fan in swide trilogy." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle The Lord of the Rings: The Return of the King in goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 41 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Lord of the Rings: The Return of the King brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $377,8 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $764,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $1.142,2 miljoen, oftewol rom $1,1 miljard. Ofset tsjin it budget fan $94 miljoen betsjut dat in winst fan $1.048,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. The Lord of the Rings: The Return of the King wie dêrmei de meast opbringende film fan 2003, de op ien nei meast opbringende film aller tiden doe't er útkaam, en ek de op ien nei meast opbringende film fan 'e 2000-er jierren (nei Avatar).
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]The Lord of the Rings: The Return of the King waard yn 2004 nominearre foar 11 Oscars en wûn yn alle kategoryen (in unikum yn 'e skiednis fan 'e Oscars). De film wûn de prizen foar bêste film, bêste regisseur (Peter Jackson), bêste adaptearre senario (Jackson, Fran Walsh en Philippa Boyens), bêste orizjinele filmmuzyk (Howard Shore), bêste orizjinele liet (Into the West fan Walsh, Shore en Annie Lennox), bêste filmmontaazje (Jamie Selkirk), bêste lûdsmixing (Christopher Boyes, Michael Semanick, Michael Hedges en Hammond Peek), bêste fisuele effekten (Jim Rygiel, Joe Letteri, Randall William Cook en Alex Funke), bêste artdirection (Dan Hennah, Alan Lee en Grant Major), bêste kostúmûntwerp (Ngila Dickson en Richard Taylor) en bêste fisazjy (Peter King en Richard Taylor).
By de Golden Globes waard The Lord of the Rings: The Return of the King nominearre foar fjouwer prizen en wûn dêrby ek yn alle kategoryen: bêste film (drama), bêste regisseur, bêste orizjinele filmmuzyk en bêste orizjinele liet (Into the West). De film wûn twa Grammy Awards, foar bêste soundtrackalbum en bêste liet yn in film (Into the West). By de BAFTA's, de wichtichste Britske filmprizen, waard The Lord of the Rings: The Return of the King nominearre yn trettjin kategoryen, en wûn de prizen foar bêste film, bêste adaptearre senario, bêste kamerarezjy (Andrew Lesnie), bêste special effects en de Orange Film of the Year Award. De film wûn ek de Screen Actors Guild Award foar bêste cast yn in film en de AACTA Award (de wichtichste Australyske filmpriis) foar bêste bûtenlânske film.
By de Satellite Awards waard The Lord of the Rings: The Return of the King nominearre yn acht kategoryen, mar wûn de film mar ien priis, foar bêste artdirection/produksje-ûntwerp. By de Saturn Awards wiene der trettjin nominaasjes, en wûn de film de prizen foar bêste fantasyfilm, bêste regisseur, bêste senario, bêste akteur (Elijah Wood), bêste byrol fan in akteur (Sean Astin), bêste fisazjy, bêste filmmuzyk en bêste fisuele effekten. By de Britske Empire Awards waard de film nominearre foar acht prizen en wûn trije: foar bêste film, bêste Britske akteur (Andy Serkis) en Sony Ericsson Sêne fan it Jier (de Rit fan 'e Rohirrim). Ek wûn The Lord of the Rings: The Return of the King de MTV Movie Awards foar bêste film en bêste aksjesêne (de Slach op 'e Filden fan 'e Pelennor) en inkele prizen foar fantasy- en science fiction-literatuer: de Hugo Award foar bêste dramatyske presintaasje (lange foarm) en de Nebula Award foar bêste senario.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan The Lord of the Rings: The Return of the King
- (in) Ynformaasje oer The Lord of the Rings: The Return of the King yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
- Amerikaanske fantasyfilm
- Amerikaanske aventoerefilm
- Nijseelânske fantasyfilm
- Nijseelânske aventoerefilm
- Fantasy-aventoerefilm
- Fantasy-oarlochsfilm
- Ingelsktalige film
- Fiktyftalige film
- Film fan New Line Cinema
- Film fan WingNut Films
- Film fan Peter Jackson
- Film út 2003
- Winner fan de Oscar foar Bêste Film
- Winner fan de Golden Globe foar Bêste Film – Drama
- Film oer dwergen
- Film oer tsjoenders
- Film oer elven
- Film oer oarken
- Film oer trollen
- Film oer demoanen
- Film oer meunsters
- Film oer spûken
- Film oer freonskip
- Film oer in kweeste
- Film oer in flok
- Film oer ûnsichtberens
- Film oer in fiktive oarloch
- Film oer in monarch
- Film basearre op in literêr wurk
- Tolkien