Springe nei ynhâld

J.R.R. Tolkien

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Tolkien)
J.R.R. Tolkien
skriuwer
J.R.R. Tolkien yn 1916.
J.R.R. Tolkien yn 1916.
persoanlike bysûnderheden
echte namme John Ronald Reuel Tolkien
nasjonaliteit Britsk
berne 3 jannewaris 1892
berteplak Blomfontein (Oranje Frijsteat)
stoarn 2 septimber 1973
stjerplak Bournemouth (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, berneboeken,
letterkundige non-fiksje
perioade mids 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
The Hobbit
The Lord of the Rings
útjouwer George Allen & Unwin
jierren aktyf 19371973
offisjele webside
www.tolkienestate.com

J.R.R. Tolkien (folút: John Ronald Reuel Tolkien; Blomfontein (Oranje Frijsteat), 3 jannewaris 1892Bournemouth (Ingelân), 2 septimber 1973) wie in Ingelsk skriuwer, taalkundige en heechlearaar Angelsaksysk en Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Leeds en de Universiteit fan Oxford. Hy wurdt beskôge as de grûnlizzer fan it moderne fantasysjenre en groeide út ta ien fan 'e meast ferneamde auteurs fan 'e tweintichste iuw mei syn berneboek The Hobbit en syn trilogy The Lord of the Rings, dy't er pleatste yn in eigenoptochte fantasijwrâld mei de namme 'Midden-Ierde'. Postúm waarden ûnder redaksje fan syn soan Christopher Tolkien noch ferskate oare wurken fan him publisearre, mei as wichtichsten The Silmarillion en Unfinished Tales. Yn 2008 waard Tolkien troch de krante The Times op it sechsde plak pleatst op in ranglist mei de fyftich grutste Britske skriuwers sûnt 1945. It Amerikaanske tydskrift Forbes parte him yn 2009 it fyfde plak ta op in ranglist mei 'bêst fertsjinjende deade bekendheden'.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De foarâlden fan Tolkien wiene ambachtslju dy't klokken, horloazjes en piano's makken en ferkochten yn Londen en Birmingham. Yn 'e manlike line wie syn famylje fan Dútske oarsprong; de Tolkiens hiene har neffens de famylje-oerlevering yn 1756 as oarlochsflechtlingen yn Ingelân fêstige, nei't se yn Dútslân alles ferlern hiene by de ynvaazje troch it Prusyske leger ûnder Freark de Grutte fan it Karfoarstedom Saksen, in ûnderdiel fan 'e Sânjierrige Oarloch. Yn Ingelân rekke de famylje "al hiel gau yntins feringelske", sa't Tolkien letter sels yn in brief skriuwe soe.

De oarsprong fan 'e efternamme Tolkien is ûndúdlik, hoewol't der noch ferskate famyljes mei dy of in fierhinne gelikense namme yn 'e tsjintwurdige Dútske dielsteaten Nedersaksen en Hamburch libje. Tolkien sels tocht dat de namme ôflaat wie fan it Dútske wurd tollkühn, dat "dwaas" of "dryst" betsjut. In oare teory is dat de namme basearre is op 'e plaknamme fan it doarp Tolkynen, yn 'e neite fan Rastenburg yn East-Prusen (no Tołkiny yn Poalen). Dy doarpsnamme is ôflaat fan 'e útstoarne Aldprusyske taal.

In krystkaart út 1892 mei in foto fan it gesin Tolkien yn Blomfontein, ferstjoerd nei famylje en freonen yn Ingelân.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

John Ronald Reuel Tolkien waard op 3 jannewaris 1892 berne yn Blomfontein, de haadstêd fan 'e Oranje Frijsteat, in doe noch ûnôfhinklike Afrikaner republyk (no de Frijsteatprovinsje fan Súd-Afrika). Syn âlden wiene de Ingelske bankier Arthur Reuel Tolkien (1857-1896) en dy syn frou Mabel Suffield (1870-1904). Hja hiene har koart tefoaren yn 'e Oranje Frijsteat fêstige doe't Arthur Tolkien oansteld waard as it haad fan it filiaal yn Blomfontein fan 'e Britske bank dêr't er foar wurke. Tolkien hie ien jongere broer, Hilary Arthur Reuel Tolkien, dy't berne waard op 17 febrewaris 1894.

As jong bern waard Tolkien yn 'e tún fan 'e wente fan it gesin yn Blomfontein in kear biten troch in grutte baviaanspin, in foarfal wêrfan't guon lettere kritisy mienden dat it yn syn wurk wjergalme, yn 't bysûnder yn De Twa Tuorren, hoewol't Tolkien nei eigen sizzen gjin oantinken oan it barren hie en as folwoeksene ek gjin útsûnderlike haat foar of ôfkear fan spinnen hie. Yn 1895, doe't er trije jier wie, naam syn mem him en syn broer Hilary mei nei Ingelân foar wat in lange famyljebesite wurde moast. Syn heit kaam lykwols yn 1896 yn Súd-Afrika te ferstjerren oan akút reuma ear't er him by harren jaan koe. Om't it gesin dêrtroch sûnder ynkommen kaam te sitten, loek Tolkien syn mem mei de bern by har âlden yn, dy't yn King's Heath, yn Birmingham wennen.

Noch yn 1896 ferfearen frou Tolkien en de bern nei in eigen húske yn Sarehole (doe in doarp yn Worcestershire, mar no ûnderdiel fan Birmingham). Dêr mocht Tolkien graach de Mole fan Sarahole, de Moseley-sompe en de Clent-, Lickey- en Malvern-heuvels ferkenne, dy't letter ynspriraasje wêze soene foar sênes yn syn boeken, krekt as oare doarpen yn 'e omkriten, lykas Bromsgrove, Alcester en Alvechurch. Frou Tolkien joech har soannen thúsûnderwiis. De jonge Tolkien wie in iverige learling en die fan syn mem in soad op oer botany en taalkunde. Mei fjouwer jier koed er lêze en net folle letter makke er him it skriuwen ek eigen.

It Oratoarium fan Birmingham, dêr't Tolkien fan 1902 oant 1911 mistsjinner wie.

Mabel Tolkien liet har yn 1900 tsjin fûleindich ferset fan har baptistyske famylje yn bekeare ta it roomsk-katolisisme. Dêrnei hold har famylje op mei alle finansjele stipe oan har en har bern. Yn 1904, doe't Tolkien tolve jier wie, kaam syn mem te ferstjerren oan akute diabetes yn in hierhûs yn Rednal. Hja wie doe 34 jier, en dat wie likernôch sa âld as immen mei type 1-diabetes libje kin sûnder behanneling; in behanneling dy't doe noch net bestie, mei't ynsuline pas tweintich jier letter ûntdutsen wurde soe. Foarôfgeande oan har dea hie frou Tolkien de fâdij oer har soannen opdroegen oan in goede freon fan harres, frater Francis Xavier Morgan fan it Oratoarium fan Birmingham. Dy moast de jonges goedroomsk grutbringe. Tolkien skreau letter oer Morgan dat it in konservatyf fan Welsk-Spaansk komôf wie dy't him goeddiedichheid en ferjeffenis bybrocht.

Nei't er mei syn mem oergien wie nei de Roomsk-Katolike Tsjerke, groeide Tolkien fierder op yn 'e wyk Edgbaston yn Birmingham en gie dêr fan 1900 oant 1902 nei de King Edward's School en fan 1902 oant 1903 nei de St. Philip's School. Yn 1903 wûn er in stúdzjebeurs dy't him by steat stelde om werom te kearen nei de King Edward's School, dêr't er oant 1911 bleau. It wie yn dy snuorje dat er foar it earst yn kontakt kaam mei it ferskynsel keunsttaal, troch Animalic, in útfynsel fan syn nichten Mary en Marjorie Incledon. Letter konstruëarre Mary mei help fan oaren, wêrûnder Tolkien, de yngewikkelder keunsttaal Nevbosh, foar't Tolkien sels it Naffarin betocht. Fierders learde er al foàr 1909 it Esperanto.

Yn 'e simmer fan 1911 gie Tolkien op fakânsje nei Switserlân, wêrby't er, sa't er yn 1968 yn in brief notearre, ideeën opdie foar de reis fan 'e hobbit Bilbo troch de Diisbergen. Werom yn Ingelân sette er yn oktober fan datselde jier útein mei syn stúdzje oan it Exeter Kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford. Dêr lei er him yn 't earstoan ta op 'e klassike talen, mar yn 1913 ferlei er syn stúdzjemêd nei Ingelske taal- en letterkunde, dêr't er yn 1915 cum laude yn ôfstudearre.

De King Edward's School yn Birmingham, dêr't Tolkien learling wie fan 1900 oant 1902 en jitris fan 1903 oant 1911.

Houlik en gesin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1908, doe't er sechstjin jier wie, kaam Tolkien yn 'e kunde mei Edith Mary Bratt, dy't trije jier âlder wie as hy. Hja ferbleau yn itselde kosthûs as Tolkien en syn broer Hilary, oan Duchess Road yn Edgbaston. Tolkien en Edith brochten almar mear tiid yn inoars selskip troch, en tsjin 'e simmer fan 1909 besleaten se dat se fereale opinoar wiene. Morgan, Tolkien syn fâd, beskôge Edith lykwols as de reden dat Tolkien him minder talei op syn ûnderrjocht, en fûn it boppedat alhiel net gaadlik dat er in relaasje ûnderhold mei in âldere en, slimmer noch, protestantske frou. Hy ferbea Tolkien dêrom om op lykfol hokker wize noch kontakt mei Edith te hawwe oant er 21 jier en dêrmei mearderjierrich wie.

Op ien iere útsûndering nei hold Tolkien him oan dat foarskrift, en trije jier lang moete er Edith net, noch prate er of korrespondearre er mei har. Op 'e jûn fan syn 21e jierdei skreau er har lykwols in brief wêryn't er har syn leafde ferklearre en har frege om mei him te trouwen. Edith, dy't tsjin dy tiid ferloofd wie mei in George Field, stimde deryn ta om him te ûntfangen, sadat se de kwestje útprate koene. Dêrfandinne reizge Tolkien op 8 jannewaris 1913 nei Cheltenham ta, dêr't Edith yn 'e kost wie. Hja kuieren dy deis in hiel ein en praten oerenlang. Tsjin 'e jûn hie Edith Tolkien tawurd jûn; de oare deis briek se har ferloving mei Field ôf.

Nei't se ein jannewaris in nije ferloving mei Tolkien oangien wie, stimde se der mei tsjinnichheid yn ta om oer te gean nei de Roomsk-Katolike Tsjerke, hoewol't dat har op in soad swierrichheden mei famylje en freonen kaam te stean. It houlik fan Tolkien en Edith fûn op 22 maart 1916 plak te Warwick. Hja krigen neitiid fjouwer bern, trije soannen en ien dochter: John Francis Tolkien (1917-2003), Michael Hilary Tolkien (1920-1984), Christopher John Tolkien (1924) en Priscilla Anne Tolkien (1929).

Soldaten fan 'e Lancashire Fusiliers (it rezjimint dêr't Tolkien by yndield wie) oan it Westfront yn 1916.

Militêre tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn augustus 1914 de Earste Wrâldoarloch útbriek, shockearre Tolkien syn famyljeleden troch net daliks yn militêre tsjinst te gean. Ynstee keas er derfoar om dat út te stellen oant er syn stúdzje ôfrûne hie. Tsjin 'e tiid dat dat syn beslach hân hie, yn july 1915, wiene de bedutsen winken dat er tsjinst nimme moast, feroare yn útsprutsener oantrunings. "Yn dy dagen," sa skreau Tolkien letter, "joegen knapen har by it leger of oars waarden se publyklik ferhune. Dat wie in aaklik dilemma foar in jongeman mei tefolle ferbylding en net in protte fysike moed." Op 15 july 1915 joech er ta oan 'e druk en naam er tsjinst as twadde luitenant by it rezjimint Lancashire Fusiliers, wêrnei't er alve moannen trening krige yn Staffordshire.

Op 5 juny 1916 sette Tolkien ôf nei Frankryk om dêr oan it Westfront te fjochtsjen, dêr't er op 27 juny yn Rubenpré, by Amiens, oansteld waard as ofsier fan it 11e Bataljon Lancashire Fusiliers fan 'e 74e Brigade, 25e Difyzje fan it Britske Ekspedysjeleger. Neitiid joech Tolkien lieding oan soldaten dy't foar it meastepart mynwurkers, fabryksarbeiders en wevers út Lancashire wiene. Dat wie de earste kear yn syn libben dat er mei sokke sljochtwei lju te krijen hie, om't er earder altyd yn 'e middenklasse en mank de hegerein ferkeard hie. Nettsjinsteande de omstannichheden bleau er de rest fan syn libben tankber foar de lessen dy't er dêrby learde.

Begjin july 1916 waarden de Lancashire Fusiliers ynset yn 'e Slach oan de Somme, ien fan 'e bloedichste fjildslaggen fan 'e Earste Wrâldoarloch. Tolkien naam dêrby diel oan oanfallen op 'e Dútske posysjes dy't bekend stiene as it Schwaben-redût en de Leipzig-bôge. Ein oktober rûn er dêrby rinfuorgekoarts op, in sykte dy't oerbrocht waard troch luzen dy't oan it Westfront rûnom foarkamen. Op 8 novimber waard Tolkien op siketransport nei Ingelân steld, wat nei alle gedachten syn libben rêde, mei't syn bataljon neitiid frijwol oan 'e lêste man ta kaam te sneuveljen. Dêropta ferlear er in soad fan 'e freonen út syn skoaltiid, lykas Rob Gilson, dy't op 'e earste dei fan 'e Slach oan 'e Somme omkaam by in oanfal op Beaumont Hamel, en Geoffrey Smith, dy't it libben liet doe't der in Dútske artillerygranaat delkaam op syn hospitaalpost. Tsjin 1918 wiene op ien nei al Tolkien syn bêste freonen dea.

2 Darnley Road, Tolkien syn wente yn Leeds.

Wylst er, ferswakke en fermeagere, stadichoan opbettere yn in arbeidershúske yn Little Haywood, yn Staffordshire, sette Tolkien útein mei wurk oan wat er The Book of Lost Tales ("It Boek fan Ferlern Giene Ferhalen") neamde. Dat begûn mei The Fall of Gondolin, dat úteinlik ûnderdiel wurde soe fan The Silmarillion. Dêrmei besocht er in mytology foar Ingelân te skeppen, in projekt dat er nei jierren fan wurk lykwols oan 'e kant lizze soe. Yn 1917 en 1918 stiek kear op kear syn sykte de kop wer op, mar tsjin dy tiid wie Tolkien genôch opknapt dat er ynset wurde koe op garnizoensposten, hoewol't er medysk ôfkard waard foar tsjinst oan it front. Op 6 jannewaris 1918 waard er befoardere ta de rang fan luitenant. Net folle letter, doe't er yn Kingston-upon-Hull legere wie, giene hy en Edith dêr ris út te kuierjen yn 'e bosk, en op in iepen plak dûnse hja foar him mank it bloeiende dolkrûd, in foarfal dat de moeting fan Beren en Lúthien yn The Silmarillion ynspirearre.

Nei't er op 3 novimber 1920 earfol ûntslach krigen hie út it Britske Leger, wurke Tolkien koart mei oan 'e gearstalling fan The Oxford Dictionary of the English Language, it standertwurdboek fan it Britsk-Ingelsk. Syn bydrage omfieme foar it meastepart de etymology fan wurden fan Germaanske oarsprong begjinnend mei de letter W. Ein 1920 waard er earst dosint en doe perfester yn 'e Ingelske taal- en letterkunde oan 'e Universiteit fan Leeds. Yn 'e jierren dat er dêr wurke lei er in wurdlist fan it Midingelsk oan en hied er mei E.V. Gordon de redaksje oer in útjefte fan 'e ridderroman Sir Gawain and the Green Knight. Fierders sette er dat wurk ek oer nei modern Ingelsk, krekt as it gedicht Pearl en Sir Orfeo. Dy oersettings waarden lykwols pas yn 1975, nei syn dea, útjûn.

20 Northmoor Road, Tolkien syn wente yn Oxford.

Yn 1925 krige Tolkien in oanstelling as heechlearaar Angelsaksysk oan 'e Universiteit fan Oxford. Hy sette him doe mei syn gesin nei wenjen yn 'e Oxfordster wyk North Oxford. Dêr foltôge er yn 1926 syn oersetting nei modern Ingelsk fan it ferneamde Aldingelske epos Beowulf. Ek dat publisearre er nea, en it kaam pas njoggentich jier letter, yn 2014 ûnder redaksje fan syn soan Christopher út. Yn 1936 joech Tolkien wol in tige goed ûntfongen lêzing oer Beowulf, dy't Beowulf: The Monsters and the Critics kaam te hjitten. Dêrmei hie Tolkien in duorjende ynfloed op it letterkundich ûndersyk nei it epos.

Tolkien wie in grut ferteller, en fantasearre der mar op los om syn bern te fermeitsjen. Sa stjoerde er syn bern, doe't se noch lyts wiene, mei de kryst altyd yllústrearre brieven fan 'e Krystman, mei hiele ferhalen oer it libben op 'e Noardpoal. Elts jier foege er nije personaazjes ta, lykas de Snieman (de túnman fan 'e Krystman) en Ilbereth de Elf (de helper fan 'e Krystman). De ferhaalstof rûn útinoar fan de Krystman syn striid tsjin 'e eardsken, dy't op flearmûzen rieden, oant de grappen dy't de Noardpoalbear úthelle. Dy brieven waarden yn 1976 postúm útjûn as The Father Christmas Letters.

Nei ferrin fan tiid begûn Tolkien ek syn oare ferhalen op te skriuwen, wat resultearre yn it berneboek The Hobbit. Dêr koed er lykwols gjin útjouwer foar fine oant Stanley Unwin, de eigner fan 'e útjouwerij George Allen & Unwin, it manuskript troch syn tsienjierrige soan Rayner lêze liet. Doe't dy der in loovjende resinsje oer skreau, wie dat foar syn heit oanlieding om oer te gean ta útjefte. Sa ferskynde The Hobbit yn 1937, en hoewol't it foar bern bedoeld wie, waard it ek lêzen troch folwoeksenen. It waard sa'n grut súkses dat Unwin der by Tolkien op oanstie om in ferfolch te skriuwen. Dat soe lykwols santjin jier op him wachtsje litte, hoewol't yn 'e tuskentiid noch wol it koarte ferhaal Leaf by Niggle en it berneboek Farmer Giles of Ham ferskynden.

It Merton Kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford, dêr't Tolkien fan 1945 oant 1959 perfester Ingelske taal- en letterkunde wie.

Under de Twadde Wrâldoarloch waard Tolkien frege oft er as koadebrekker foar it Ministearje fan Bûtenlânske Saken wurkje woe. Hy stimde ta, mar nei't er in trening folge hie, besleat men om ôf te sjen fan syn tsjinsten. Yn 1945 waard Tolkien heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde oan it Merton Kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford, in amt dat er oant syn pinsjonearring, yn 1959, beklaaie soe. Dêrnjonken tsjinne er ek as ekstern ûndersiker foar it Universiteitskolleezje yn Dublin. Yn 1954 waard him troch de Nasjonale Universiteit fan Ierlân in earedoktoraat takend. Fierders sette er it bibelboek Jona oer foar de roomske Ingelske Jerusalem Bible, dy't yn 1966 útkaam.

Underwilens hie Tolkien yn 1948 syn magnum opus, The Lord of the Rings, ôfkrigen. Hoewol't dat in ferfolch wie op The Hobbit, wie it skreaun foar in âlder publyk. It duorre lykwols noch oant 1954 ear't it earste diel fan dy trilogy, The Fellowship of the Ring, útkaam by George Allen & Unwin, besoarge troch de no folwoeksen Rayner Unwin. Datselde jiers noch ferskynde ek it twadde diel, The Two Towers, en yn 1955 waard it slútstik publisearre, The Return of the King. De opdieling yn trijen wie net Tolkien syn eigen idee, mar waard trochfierd op oantrún fan Unwin. Oars hie it boek nammentlik sa'n dikke pil wurden dat Unwin bang wie dat net ien it kocht hawwe soe. Tolkien sels hold lykwols oan syn dea ta fol dat The Lord of the Rings gjin trilogy wie mar in boek dat yn trije dielen útjûn wie.

Oangeande The Lord of the Rings skreau Rayner Unwin oan syn heit (en baas) dat er ferwachte dat se der in tûzen pûn op ferlieze soene, mar dat de trilogy sa goed wie, dat er fan miening wie dat se dat mar foar leaf nimme moasten. Stanley Unwin skreau werom: "Asto fynst dat dit it wurk fan in sjeny is, dan meist der tûzen pûn op yntarre." Tolkien hie sels ek nea tocht dat syn boeken populêr wurde soene by it grutte publyk. Syn wurk begûn mei it ûntwerpen fan 'e talen fan 'e elven, it Quenya en it Sindarin, dat er die om gjin oare reden as om't er dêr aardichheid oan hie. Neitiid betocht er dêr de wrâld fan 'Midden-Ierde' (Middle-Earth) as ferklearring en eftergrûn by. Mar sawol auteur as útjouwer wiene mis.

De buste fan Tolkien yn 'e kapel fan it Exeter Kolleezje fan 'e Universiteit fan Oxford.

Sa't bliken dwaan soe, waard The Lord of the Rings in wrâldwiid súkses en ien fan 'e populêrste útjeften fan 'e tweintichste iuw. Mei dit wurk lei Tolkien de grûnslach foar it sjenre fan 'e fantasy. It soarge der ek foar dat it wurd "tolkienesk", as omskriuwing fan eat dat op Tolkien syn wurk liket of deroan tinken docht, yn withoefolle talen opnommen is. Yn 2003 waard The Lord of the Rings troch it Britske publyk ta it bêste Ingelske boek ea keazen yn The Big Read-wedstryd, organisearre troch de BBC (foàr Jane Austen har Pride and Prejudice, dat op it twadde plak einige). It is mei mear as 150 miljoen ferkochte eksimplaren it op ien nei bestferkeapjende fiksjewurk fan 'e wrâld, en de oanhâldende populariteit fan 'e trilogy hat laat ta adaptaasjes foar in ferskaat oan oare media, wêrfan't de filmtrilogy fan regisseur Peter Jackson, út 2001-2003, sûnder mis de bekendste is.

Lettere jierren en ferstjerren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sadwaande krige Tolkien yn 'e fjirtjin jier tusken syn pinsjonearring yn 1959 en syn ferstjerren yn 1973 almar mear oandacht en ferneamdheid. Hy fertsjinne sa'n soad oan syn boeken dat er spyt krige dat er net earder opholden wie mei wurkjen. Yn 't earstoan skreau er entûsjaste antwurden op 'e fragen dy't er fan syn lêzers krige, mar yn 'e 1960-er jierren waard er wat langer wat ûngelokkiger mei de hommelse populariteit fan syn wurk ûnder subkultueren as de hippybeweging.

De grêven fan Edith (1889-1971) en J.R.R. Tolkien (1892-1973), op it Wolvercote Begraafplak yn Oxford.

De belangstelling fan syn fans naam sokke foarmen oan dat Tolkien, nei ferskate kearen te neare nacht fan bêd skille te wêzen troch Amerikaanske lêzers, in geheim tillefoannûmer oanfreegje moast. Uteinlik ferfear er mei de frou nei Bournemouth, dat doedestiden in baaiplak wie dêr't de begoedige middenklasse gearklofte. It spiet Tolkien wol om 'e oansluting by syn Oxfordster freonen kwyt te reitsjen. Mei C.S. Lewis, Charles Williams en ferskate oaren hied er dêr in ynformele literêre diskusjegroep foarme, de Inklings, dy't jierrenlang wykliks gearkaam. Syn frou Edith wie lykwols feringele mei har nije rol as gastfrou fan 'e high society, mei't Tolkien syn bekendheid him en syn frou tagong joech ta fermiddens dêr't se oars nea yn talitten wurden hiene.

Nei't Edith Tolkien op 29 novimber 1971 yn 'e âlderdom fan 82 jier ferstoarn wie, kearde Tolkien werom nei Oxford, dêr't it Merton Kolleezje in appartemintsje oan him beskikber stelde. Op 28 maart 1972 waard er op Buckingham Palace troch keninginne Elizabeth II beneamd ta kommandeur yn 'e Oarder fan it Britske Ryk. Tolkien kaam op 2 septimber 1973 yn Bournemouth te ferstjerren, doe't er 81 jier âld wie. Hy waard op it Wolvercote Begraafplak yn Oxford yn itselde grêf as syn frou Edith begroeven. Op 'e grêfstien binne de nammen fan Lúthien en Beren, personaazjes út The Silmarillion, oan 'e nammen fan Edith en J.R.R. Tolkien tafoege.

De Fryske oersetting fan The Hobbit (2009).

Tolkien syn pakesizzer Simon Tolkien is ek skriuwer. Yn Eastbourne yn East-Susseks is in Tolkien Road ferneamd nei Tolkien, en ek bestiet der no in asteroïde dy't fan 2675 Tolkien hjit. Yn in protte lannen besteane Tolkien-genoatskippen dy't har oan ûndersyk nei en fersprieding fan it oeuvre fan Tolkien wije, lykas de Tolkien Society yn Ingelân, it Tolkien Genoatskip Unquendor yn Nederlân en de Stifting Fryske Tolkien yn Fryslân. The Hobbit wie ein 2012 oerset yn 57 ferskillende talen, en yn 2013 wie The Lord of the Rings hielendal of foar in diel yn 50 ûnderskate talen ferskynd. De Fryske oersetting fan The Hobbit (as De Hobbit), fan fertaler Anne Tjerk Popkema, waard útjûn yn 2009. Fan 'e Frysktalige Lord of the Rings (as Master fan Alle Ringen) kaam yn 2011 it earste diel út, It Selskip fan de Ring, en yn 2016 it twadde diel, De Twa Tuorren, beide fan 'e hân fan oersetter Liuwe H. Westra.

De Fryske oersetting fan The Fellowship of the Ring (2011).
De Fryske oersetting fan The Two Towers (2016).
publisearre by Tolkien syn libben
postúm publisearre
  • 1975 – Sir Gawain and the Green Knight (oersetting nei modern Ingelsk)
  • 1975 – Pearl (oersetting nei modern Ingelsk)
  • 1975 – Sir Orfeo (oersetting nei modern Ingelsk)
  • 1976 – The Father Christmas Letters
  • 1977 – The Silmarillion
  • 1980 – Unfinished Tales
  • 1981 – The Letters of J. R. R. Tolkien (brieven)
  • 1982 – Mr. Bliss
  • 1983 – The Monsters and the Critics (essays)
  • 1983-1996 – The History of Middle-Earth
    • 1983 – The Book of Lost Tales 1
    • 1984 – The Book of Lost Tales 2
    • 1985 – The Lays of Beleriand
    • 1986 – The Shaping of Middle-Earth
    • 1987 – The Lost Road and Other Writings
    • 1988 – The Return of the Shadow (The History of The Lord of the Rings, volume 1)
    • 1989 – The Treason of Isengard (The History of The Lord of the Rings, volume 2)
    • 1990 – The War of the Ring (The History of The Lord of the Rings, volume 3)
    • 1992 – Sauron Defeated (The History of The Lord of the Rings, volume 4)
    • 1993 – Morgoth's Ring (The Later Silmarillion, volume 1)
    • 1994 – The War of the Jewels (The Later Silmarillion, volume 2)
    • 1996 – The Peoples of Middle-earth
  • 1998 – Roverandom
  • 2007 – The Children of Húrin
  • 2009 – The Legend of Sigurd and Gudrún (redaksje)
  • 2014 – Beowulf (oersetting nei modern Ingelsk)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.