Springe nei ynhâld

Stifting Fryske Tolkien

Ut Wikipedy
Stifting Fryske Tolkien
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Frysk
type org. stifting
wurkmêd oersetting fan Tolkien yn it Frysk
fêstige yn Bûtenpost (Fryslân)
oprjochte 2016
oprjochter Liuwe H. Westra,
Ate Grypstra,
Marten Walinga
offisjele webside
www.frysketolkien.nl

De Stifting Fryske Tolkien is in Fryske organisaasje dy't yn 2016[1] oprjochte is om 'e oersetting fan it wurk fan 'e ferneamde Ingelske fantasyskriuwer John Ronald Reuel Tolkien nei it Frysk te ûnderstypjen.[2] In kaaifiguer binnen de stifting is dû. Liuwe H. Westra, predikant en universitêr meiwurker te Lollum,[3] dy't ferantwurdlik is foar sawol It Selskip fan de Ring (2011) as De Twa Tuorren (2016), it earste en twadde diel fan 'e Fryske oersetting fan Tolkien syn trilogy The Lord of the Rings.

De oare beide leden fan it trijemanskip fan 'e oprjochters fan 'e Stifting Fryske Tolkien binne auteur Ate Grypstra fan Bûtenpost[4] (bekend fan û.m. It Beest fan de Westereen en Grutte Pier: Krús fan de Hollanner), en ûndernimmer Marten Walinga fan Waaksens,[5] dy't ek bestjoerder fan 'e stifting Wrâldkampioenskip Frysk Damjen (WFD) is.[6] De Stifting Fryske Tolkien is fêstige yn Bûtenpost en stiet ynskreaun by de Keamer fan Keaphannel yn 'e gemeente Achtkarspelen.[7]

Neffens de webside fan 'e Stifting Fryske Tolkien binne de doelen fan 'e organisaasje trijeliddich:[8]

  1. it útjaan fan 'e wurken fan J.R.R. Tolkien yn 'e Fryske taal;
  2. it bestudearjen fan 'e teksten skreaun troch J.R.R. Tolkien;
  3. it befoarderjen fan 'e bekendheid fan 'e wurken fan J.R.R. Tolkien.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: