Springe nei ynhâld

Marten Walinga

Ut Wikipedy
Marten Walinga
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Marten Walinga
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 1967
berteplak Aldegea (Wymbritseradiel) (?)
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
sport Frysk damjen
debút ±1985
wichtige prestaasjes
WK Frysk damjen 2018: 1e priis
WK Frysk! 2020: 2e priis
WK Frysk damjen 2021: 1e priis

Marten Walinga (Aldegea (Wymbritseradiel)?, 1967) is in Frysk tinksporter. Hy waard yn 2018 de earste wrâldkampioen Frysk damjen.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Walinga waard yn 1967[1] berne en groeide op yn Aldegea (Wymbritseradiel).[2] Syn heit, Hiele Walinga, wie sljocht nei Frysk damjen, en skreau der yn 'e 1930-er jierren in boek oer, mei as titel Oer Alles (in ferwizing nei it feit dat men yn it Frysk damjen, oars as yn it ynternasjonaal damjen, alle kanten út slaan mei).[1][2] Fan 'e sân bern yn 'e Walinga-húshâlding dammen der seis.[1][2] Guon dêrfan wiene foar Marten Walinga yn 2018 noch altyd "taaie tsjinstanners".[1]

Walinga waard skipselektroanikus fan berop,[1] en sette him mei syn gesin nei wenjen yn it lytse doarp Waaksens (Súdwest-Fryslân), tusken Wommels en Lollum yn.[1][2] Yn Lollum-Waaksens wie Walinga de driuwende krêft efter de oprjochting fan 'e Fryske damklub De Rûge Wolf,[1] dêr't ek de bekende predikant en Tolkien-oersetter Liuwe Westra fan Lollum in entûsjast lid fan is.[2] Mei dyselde en skriuwer Ate Grypstra fan Bûtenpost sit Walinga ek yn it bestjoer fan 'e Stifting Fryske Tolkien, in organisaasje dy't de útjefte fan Fryske Tolkien-oersettings finansjeel mooglik besiket te meitsjen.[3]

Yn 2014 waard op inisjatyf fan û.m. Walinga en Westra de Stifting Wrâldkampioenskip Frysk Damjen (WFD) oprjochte.[4] It idee dêrefter wie om it Frysk damjen út 'e kûlissen te heljen en oan 'e rest fan 'e wrâld út te dragen.[1] It wrâldkampioenskip wie eins foar 2019 pland, mar doe't dúdlik waard dat yn 2018 it projekt Kulturele Haadstêd fan Jeropa om Ljouwert hinne organisearre wurde soe, kaam men yn oerlis mei de organisaasje fan dat evenemint ta de konklúzje dat it earste WK Frysk damjen dêr skoander by paste.[5]

Sadwaande fûn it WK yn augustus 2018 yn it Burmaniahûs te Ljouwert plak, wêrby't Walinga de earste wrâldkampioen yn 'e lytse sport waard.[1][2] Walinga waard nei de simmerfakânsje, mids septimber 2018, yn syn wenplak Waaksens huldige mei in rit troch it doarp yn in troch hynders lutsen wein en mei in feestjûn yn in loads.[6]

Yn maart 2020 moast Walinga by it sydtoernoai Frysk! (Frysk damjen mei elts fiif houtsjes) fan it WK Frysk damjen 2020 yn Frjentsjer de holle bûge foar Jelle Wiersma fan Wommels, dy't de gouden medalje op dit ûnderdiel wûn. Walinga behelle it sulver.[7] Yn 2021 waard it WK Frysk damjen net as toernoai holden, mar as in twakamp oer alve partijen. Dat jiers wûn Walinga mei seis punten út acht partijen op 'e nij de wrâldtitel yn in twastriid mei Folkert Groenveld út Jutryp.[8]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 1,5 1,6 1,7 1,8 Lolkema, Renze, Waaksens heeft een wereldkampioen, yn: de Ljouwerter Krante, 18 augustus 2018, s. 47.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 Bokma, Hinne, Marten Walinga earste wrâldkampioen Frysk damjen, yn: Op 'e Skille, 22 augustus 2018, s. 1.
  3. Bestjoer fan de Stifting Fryske Tolkien
  4. Marten Walinga op LinkedIn
  5. Lolkema, Renze, Fries dammen dringt door tot Kameroen, yn: de Ljouwerter Krante, 8 augustus 2018, s. 3.
  6. Bokma, Hinne, Waaksens set damkampioen yn 't sintsje, yn: Op 'e Skille, 19 septimber 2018, s. 11.
  7. ——, Jelle Wiersma wereldkampioen Frysk!, yn: Op 'e Skille, 17 maart 2020, s. 3.
  8. Lolkema, Renze, Walinga winaar WK Fries dammen, yn: de Ljouwerter Krante, 20 augustus 2021, s. 16.