Frysk damjen
Appearance
Frysk damjen (ek wol oer alles hinne of damjen, Frysk spul) is in tinksport, in oare tûke fan damjen as it "gewoane", ynternasjonale damjen. It is in âld spul, dat al sûnt de 17e iuw spile wurdt. Der jilde oare regels as by it gewoane damjen. In spiler mei nammentlik alle kanten opslaan, skean, rjochtút en oerdwers. Hjirtroch sit der protte aksje yn it spul, wat lykwols net ynhâldt dat it ienfâldiger is as it gewoane damjen. De Fryske fariant is noch altyd populêr en wurdt tsjintwurdich ek yn oare lannen spile. Yn augustus 2018 waard it earste wrâldkampioenskip Frysk damjen holden.
De spulregels
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Lis it boerd sa, dat it fjild loftsûnder donker is. Der wurdt op 'e donkere fjilden spile.
- Wyt begjint.
- In houtsje mei 1 fjild skean foarút skood wurde.
- In houtsje mei foarút likegoed as efterút slaan yn 8 rjochtings(dus ek horizontaal en fertikaal).
- In houtsje dat op 'e daamline komt wurdt in wolf, op sa'n houtsje wurdt in oar houtsje setten.(Tink derom: as in houtsje by in slach oer de daamline komt, dan bliuwt it in houtsje).
- In wolf mei skean foarút en skean efterút skood wurde safier as dat mooglik is.
- Mei in wolf mei mar trije kear efterinoar skood wurde, dêrnei moat er frij makke wurde troch in slach(eventueel mei deselde wolf) of in set fan in oare wolf of in houtsje. Dizze beheining ferfalt wannear't ien inkeld mar wolven hat.
- In wolf mei slaan yn 8 rjochtings (ek de wolf mei horizontaal en fertikaal slaan). De wolf(daam) hoecht net lyk efter in sleine stik delset te wurden.
- Slaan is ferplichte.
- Mearslach giet foar. Twa houtsje hawwe mear wearde as ien wolf. Ien houtsje hat minder wearde as ien wolf.
- Daamslach giet foar. Kinne in wolf en in houtsje in like grutte wearde slaan, dan giet de wolfslach foar, oars giet mearslach foar.
- Pas nei de slach wurde de sleine stikken fan it boerd krigen.
- By it slaan mei ien wol faker as ien kear oer itselde fjild komme, mar net faker as ien kear oer it selde stik.
- Oanreitsje is sette.
- As ien spiler 2 wolven hat en syn tsjinstanner hat 1 wolf, dan hat de spiler mei 2 wolven 7 setten om de partij út te meitsjen, oars is it kamp.
- As in spiler it net mear winne kin is de partij kamp(elk ien wolf).
- De partij is wûn as de tsjinstanner gjin stikken mear oer hat of fêst stiet.