Springe nei ynhâld

WK Frysk damjen 2018

Ut Wikipedy
WK Frysk damjen 2018
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn Burmaniahûs
datum 3 o/m 10 augustus 2018
evenemint WK Frysk damjen
edysje 1
bysûnderheden
soarte evenemint tinksport (Frysk damjen)
org. troch WFD
winner(s) Marten Walinga
offisjele webside
www.fryskdamjen.nl/

It WK Frysk damjen 2018 wie it alderearste wrâldkampioenskip fan 'e tinksport Frysk damjen (net te betiizjen mei Nederlânsk of ynternasjonaal damjen, dat in hiele oare foarm fan 'e damsport is).[1][2][3] It waard holden fan 3 oant en mei 10 augustus 2018[4] yn it Burmaniahûs yn 'e Fryske haadstêd Ljouwert,[1] dat ek funksjonearret as it gemeentehûs fan 'e Gemeente Ljouwert. De organisaasje wie yn 'e hannen fan 'e yn 2014 opjrochte Stifting Wrâldkampioenskip Frysk Damjen (WFD). Yn it bestjoer dêrfan sieten û.m. dû. Liuwe Westra fan Lollum, Marten Walinga fan Waaksens en Herbert Tulleken fan Amsterdam.[3]

Oarspronklik wie it de bedoeling dat it earste WK Frysk damjen organisearre wurde soe yn 2019, mar doe't Ljouwert útroppen waard ta kulturele haadstêd fan Jeropa yn 2018, liek it WFD skoan ta om it in jier earder te hâlden. De organisaasje fan it projekt LF2018 wie it dermei iens dat it WK Frysk damjen treflik yn it kulturele haadstedsjier paste. Sadwaande fûn it evenemint yn augustus 2018 plak.[1]

Der wiene 16 dielnimmers dy't har yn 't foar kwalifisearje moasten.[1] Dêrûnder wiene 9 ynwenners fan Fryslân en 1 Nederlanner fan bûten de provinsje, mar dêrnjonken ek lju út Belgje, Itaalje, Kameroen, de Oekraïne, Ruslân en Tsjechje.[3] Meast opfallende dielnimmer wie de Kameroenees Marc Ndjofang, dy't yn 2013 de sulverne medalje behelle op it WK ynternasjonaal damjen. Hy joech lykwols ta dat er yn it Frysk damjen noch mar in begjinneling wie, en sadwaande helle er de finale ek net.[1] De earste wrâldkampioen Frysk damjen, sa die bliken op 'e lêste dei fan it toernoai, waard Marten Walinga fan Waaksens,[2][3] dy't de organisatoaryske kant fan it evenemint fanwegen syn sportive opmars oan Westra en Tulleken oerlitte moast.[3] De sulverne medalje wie foar de Rus Aleksander Georgijev út Sint-Petersburch en it brûns gie nei Jelle Wiersma fan Wommels.[3] Foeke Tiemensma fan Frjentsjer griep mei syn fjirde plak krekt njonken de prizen.[3]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 1,4 Lolkema, Renze, Fries dammen dringt door tot Kameroen, yn: de Ljouwerter Krante, 8 augustus 2018, s. 3.
  2. 2,0 2,1 Lolkema, Renze, Waaksens heeft een wereldkampioen, yn: de Ljouwerter Krante, 18 augustus 2018, s. 47.
  3. 3,0 3,1 3,2 3,3 3,4 3,5 3,6 Bokma, Hinne, Marten Walinga earste wrâldkampioen Frysk damjen, yn: Op 'e Skille, 22 augustus 2018, s. 1.
  4. Webside fan it LF2018 oer it WK Frysk damjen 2018.