Waaksens (Súdwest-Fryslân)
| Waaksens | ||
| De herfoarme tsjerke yn 1959 | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 80 (1 jannewaris 2023)[1] | |
| Oerflak | 2,67 km² (2,62 km² lân, 0,05 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 31 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8845 | |
| Netnûmer | 0517 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 53° 7' NB, 5° 32' EL | |
| Himrik fan Waaksens (grien) yn de eardere gemeente Littenseradiel | ||
| Offisjele webside | ||
| Side Waaksens | ||
| Kaart | ||
Waaksens is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, tusken de doarpen Lollum en Burchwert, westlik fan Wommels. De Lathumer Feart rint noardlik fan it doarp. Waaksens hat 80 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp waard foar it earst neamd as Waxlinge yn 1275. Lykas by alle âlde nammen mei de útgong -ing feroare de stavering dêr yn 'e 14e iuw fan. Yn 1440 wurdt Waxlinze neamd en yn 1482 Waxens. Yn 'e 16e iuw komme Waechsens, Waexens en Wassens foar. Op kaarten mei de Fryske farianten komt Vachsens foar. Fan de 17e iuw ôf komt Waaxens benammen foar. De earste part fan de namme giet mooglik om in persoansnamme Wachsa[2] dy't ferbân hâldt mei "wachens". It twadde part -ingi betsjut sokssawat as "hearrende by".
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarp is al in âld doarp en is ûtstien op in terp. It doarp bleau lyts fanwegen de minne berikberens oer lân. Ynearsten waard de wetterferbining ferbettere, mar yn 'e rin fan 'e 19e iuw waard it doarp mei in dyk ferbûn út 'e Tjaard fan Aylvapolder, súdlik fan it doarp, en sadwaande rekke it doarp út syn isolemint. It doarp bleau in agrarysk doarp bebouwing fan in pear huzen en guon pleatsen, dy't sûnder patroan om de tsjerketer hinne pleatst binne. De kop-hals-romppleats Sminiastate waard yn 1874 boud. In rychje arbeiderwenten waarden oan it paad nei de tsjerke oan 'e eastkant boud.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Waaksens diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel dat doe mei Baarderadiel gearfoege waard ta de gemeente Littenseradiel. Yn 2018 kaam Waaksens ûnder de gemeente Súdwest-Fryslân.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke stiet op in heech tsjerkhôf op de foar in part ôfgroeven terp en moat al tige âld wêze, mooglik út 'e 13e iuw. It is oplutsen út eartiids ôfbraakmateriaal. Dy tsjerke hat in saneamd westwurk, in "ynsletten" toer. It gebou hat in rûne koersluting. De spitsbôgige finsters en de stúklaach waarden yn 'e 19e iuw oanbrocht.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Waaksens docht in soad yn de mande mei buordoarp Lollum, en de twa doarpen diele it doarpsbelang. It doarpshûs yn Lollum hjit De Nije Haven.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar de list fan ferienings, sjoch op de side fan Lollum.
Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 2004 | 2013 | 2025 |
|---|---|---|---|---|---|---|
| 88 | 77 | 77 | 66 | 80 | 85[3] | 80[3] |
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wikiwurdboek-side - Waaxens
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|