WK Frysk damjen 2020
WK Frysk damjen 2020 | ||
plak en tiid | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Waadhoeke | |
plak | Frjentsjer | |
holden yn | ferskate lokaasjes | |
datum | 3 o/m 8 maart 2020 | |
evenemint | WK Frysk damjen | |
edysje | 2 | |
bysûnderheden | ||
soarte evenemint | tinksport (Frysk damjen) | |
org. troch | WFD | |
winner(s) | Folkert Groenveld | |
offisjele webside | ||
www.fryskdamjen.nl/ |
It WK Frysk damjen 2020 waard fan 3 oant en mei 8 maart 2020[1] holden yn 'e Fryske stêd Frjentsjer.[1][2] It wie it twadde edysje fan it wrâldkampioenskip fan 'e tinksport Frysk damjen (net te betiizjen mei Nederlânsk of ynternasjonaal damjen, dat in hiele oare foarm fan 'e damsport is).[2]
Der wiene mear as tritich dielnimmers út Fryslân, Nederlân, Belgje, Itaalje, Litouwen, de Oekraïne, Ruslân, Tsjechje en Wyt-Ruslân,[1][2] ûnder wa ek nije talinten fan jonger as tweintich jier.[1] De lotting waard holden yn kafee De Bogt fen Guné,[1] wylst de wedstriden spile waarden yn Skouboarch De Koornbeurs,[1] op tallships oan 'e Suderkade[1][2] en yn it Keninklik Eise Eisinga Planetarium.[1]
De finale fan it WK Frysk damjen 2020 waard op 7 maart spile yn it Stedhûs fan Frjentsjer, dêr't Folkert Groenveld út Jutryp as wrâldkampioen út 'e bus kaam. It twadde plak wie foar de Rus Aleksander Georgijev út Sint-Petersburch. [3] De prizen waarden útrikt troch kommissaris fan 'e kening Arno Brok.[4]
WK Frysk! 2020
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken it haadtoernoai om 'e wrâldtitel yn it Frysk damjen waard op it WK Frysk damjen 2020 ek in sydtoarnoai holden yn it ûnderdiel Frysk! (Wêrby't eltse dielnimmer net tweintich, mar fiif houtsjes hat.) Op dat ûnderdiel waard Jelle Wiersma fan Wommels kampioen troch Marten Walinga fan Waaksens te ferslaan.[4]
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|