Springe nei ynhâld

De Bogt fen Guné

Ut Wikipedy
De Bogt fen Guné
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente De Waadhoeke
plak Frjentsjer
koördinaten 53°11′11″ N 5°32′18″ E
bysûnderheden
type bouwurk kafee
boujier 1641
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 15786
offisjele webside
www.debogt.nl
kaart
De Bogt fen Guné (Frjentsjer)
De Bogt fen Guné

De Bogt fen Guné is in kafee neist it Sjûkelân yn Frjentsjer, dat al bestiet sûnt 1641. It pân biedt mei trije sealen plak oan op syn meast 200 persoanen. It kafee is nei gedachten it âldste studintekafee fan Nederlân. De skiednis fan it gebou giet werom oant 1593. De herberch stie tichtby de yn 1585 stifte Universiteit fan Frjentsjer en luts in soad studinten. Yn 1811 waard de universiteit opheft, yn 1936 ferklearre de Federaasje fan Fryske Studinteferienings it kafee ta ‘Studinte Weardshûs’ en heakke dêr letter oan ta: ‘it âldste fan Nederlân’.[1] It pân oan de Fiverstrjitte 1 is in ryksmonumint.[2] Op it plak dêr’t no de Bogt fen Guné stiet hie Carel fan Sternsee, destiidsk aadlik bewenner fan it Sjaerdemaslot, in gebou sette litten. Carel wie in soan fan Christoffel fan Sternsee.

De earste hierder wie yn 1593 Jan Simens, dy’t der de herberch ’t Gulden Cruijss begûn. Piter Johannes Coeningh krige de pacht yn 1615 en yn 1621 wie Frâns Gerrits de folgjende. Gerrits naam de namme fan syn eardere herberch mei nei de Fiverstrjitte: De Witte Swaen.[3] Oant 1676 bleau it pân eigendom fan de famylje Sternsee. Yn dat jier waard it kocht troch de keaplju Popke Luitjens Roarda en Thomas Hiddes Westerp. Doe’t hja yn 1686 it pân oan Tryntsje Gerrits ferkochten waard yn de akte foar it earst de namme’ De Bogt fen Guné’ neamd. Yn de rin fan de iuwen wiene der ferskate skriuwwizen: bocht/bogt, Guinea/Guné’Guiné/Guinae/Guneê/Guynae ensfh. Yn 1690 waard de herberch omskreaun as ‘huis, tapperij, nieuwe schuur en paardenstalling’. Kastlein Wouter Wincent hie yn 1696 te krijen mei studinten dy’t nachts nei trijen nei binnen woene. Doe’t hy dat wegere besochten se der mei geweld yn te kommen, wêrby’t se blinen foar de glêzen beskeadigen en it raam boppe de foardoar mei in stien ynsmieten. De universiteit ûndersocht de kwestje. Oant 1712 waard it pân troch de eigeners ferhierd, fan dat jier ôf wie in wenst dat de eigener ek de kastlein wie.

De Bogt fen Guné yn 1934.

Yn 1737 kochten Jan Clases en Sytske Goris de herberch fan Dirck Pytters fan Helder en Cornelia Jacobsdr. Se namen dêrby ek de ynventaris oer: tin, hea, turf, tafels, banken en glêzen. Der wie in nije stalling boud en de saak rûn bêst; ‘veel ter neering’. Jan en Sytske wiene yn 1722 boarger fan Frjentsjer wurden.
De ‘Bocht fen Guné’ waard yn 1764 in taflechtsoarde foar in Harnzer keapman. Hy waard op strjitte troch in studint mei in wannelstok sa hurd slein dat hy útnaaide en him ferstoppe yn de efterkeamer fan de herberch. Dêr waard hy yn it nau dreaun troch in groepke studinten en hy rûn ferskate ferwûnings op. De universiteit ûndersocht de kwestje. Claes Jans, de soan fan Jan Clases naam yn 1776 de saak oer en hy brûkte as earste de efternamme Bogtstra.[4] Fan 1809 ôf eksploitearre de famylje Osinga de saak, wêrby’t it kastleinskip ek troch de froulike line fuortset waard. Yn 1919 kaam de saak yn hannen fan de famylje Alkema. Nei in roerige tiid op finansjeel gebiet naam yn 1928 Brouwerij De Klok út Ynskedee it bedriuw oer. De hynstestalling wie wyls in autogaraazje wurden. In jier letter waard Rinse Alkema troch De Klok oansteld as kastlein. Under him begûn de Bogt fen Guné wer te rinnen en Rinse krige de earenamme ‘baas Bogt’. Yn 1956 folge syn soan Tsjalling him op. Yn 1973 waard Folkert Kuperus bedriuwslieder en yn 1991 kocht hy De Bogt fen Guné.

Johan Maurits fan Nassau-Siegen sakket troch de brêge yn Frjentsjer

Yn de earste helte fan de tweintichste iuw spile de fraach ‘wêr komt de namme Bogt fen Guiné wei’? Yn 1929 publisearre P. Janzen it ferhaal dat Jan Bogtstra him dêroer ferteld hie.[5] Dêrnei waard dat troch oaren hieltiten moaier makke. It giet ûngefear sa: In Harnze seekaptein, Jan Ales, dy’t op kust oan de Golf fan Guinee syn fortún makke hie, hie yn de twadde helte fan de 17de iuw it loazjemint kocht. Oer de namme soe hy twifele ha tusken ‘In de Stad Harlinghen’ en ‘In Oostinjen’. Hy kaam op in oar idee neidat hy yn 1665 yn kontakt komd wie mei Johan Maurits fan Nassau-Siegen, dy’t krektas hy bekend wie mei it gebiet by de Golf fan Guinee.

Uthingboerd fan de kroech neamd nei de Bocht fan Guinea oan de Goudkust

Dizze Johan Maurits waard yn 1665 in pear moanne yn Frjentsjer op it Martenahûs ferplege, neidat hy yn de Dykstrjitte mei syn gefolch troch in brêge sakke wie, slim ferwûne rekke wie, en hast ferdronken. (Hy hie yn Ljouwert op begraffenis west fan de Fryske steedhâlder Willem Frederik en wie ûnderweis nei Harns.)

By syn revalidaasje krige hy besite fan aadlike kunde en en professors, mar doe’t hy wer by steat wie nei herbergen te gean, koe hy by Jan Ales herinneringen ophelje oer it gebiet dat hja beide koene. Dêrnei soe Jan Ales besletten hawwe om de herberch Bogt fen Guné te neamen.[6]

Dit ferhaal is faak yn ferskillende foarmen oerskreaun. Jan Ales is net troch Bogstra neamd, dat is in lettere tafoeging. It hiele ferhaal berêst net op histoarysk materiaal. Der hat nea in kastlein Jan Ales yn Frjentsjer west en oer kontakt tusken Johan Maurits en in kastlein is neat bekend.[7] Mar by de famylje Bogtstra, dy’t harren efternamme ûntliend hie oan de namme fan de herberch, is de kearn fan it ferhaal faak ferteld. It is ek in moai ferhaal, en omdat minsken fan moaie ferhalen hâlde hat de eigener Folkert Kuperus, dy’t troch Annema de skiednis útsykje litten hie, besletten it ferhaal op syn stean te litten.[8] De namme Bocht fen Guiné wie ien fan de soad koloniale nammen dêr’t herbergen, pakhuzen en sa nei neamd wiene yn it Nederlân fan de 17de iuw. Neidat yn 1637 de Afrikaanske Goudkust ta Nederlânsk gebiet ferklearre wie, waard De Bocht fen Guinea (mei ferskillende skriuwwizen) populêr. Yn havenplakken lykas Hoarn en Amsterdam wiene ek herbergen mei dy namme, en yn ûnder oare Leien, Den Haach, Grins en Goes wie der in strjitte sa neamd.[9] Yn Frjentsjer wennen minsken dy ‘t yn koloniale gebieten west hiene. Sa kocht om 1670 hinne in út East-Ynje kommen rike keapman it Egmondshûs oan de Dykstrjitte.[10] En dan wienen der noch de soad bûtenlânske studinten oan de Frjentsjerter universiteit dy’t wisten wat der yn de wrâld te keap wie.
Elke kastelein yn Frjentsjer koe destiids witte wat der spile oan de Goudkust by de Golf fan Guinee en oerwege syn herberch sa te neamen.

Ut de omskriuwing by de âldere ferkeapings giet it meastentiids om in hûs mei taperij,in skuorre en in hynstestalling. Yn 1678 waard in âlde smidte oan de súdkant fan de herberch sloopt en dy romte waard foar in part brûkt foar in nij wenhûs tsjin de súdgevel. Dêr wer tsjinoan waard yn 1735 in nije hynstestalling boud.
Yn in rapport fan monumintesoarch út 1902 stiet dat de foargevel fan de Bogt fan Guinee tusken 1750 en 1775 ferboud is fan trepgevel nei klokgevel.[11] Yn de gevel siet in ôfbyld fan in earrebarre, dy ’t der yn de jierren 1930 noch siet.

Yn 1939 waard der in nije pergola setten op it plak fan de âlde sêre. Fierders waard de muorre fan de âlde trochreed in meter weromsetten en yn de nij opmitsele muorre kaam in dûbelde doar foar auto’s en weinen.[12] Binnen kaam in skou mei Makkumer stientsjes.

Yn 1960 waard de ûnderseal fergrutte troch útbou en it bedriuw waard útwreide mei hotelakkomodaasje. Oan de noardgevel kaam in bûtentreppen nei de boppeseal. Oant 1970 waard de Bogt yn advertinsjes hotel Bogt fen Guné neamd.

Federaasje fan Fryske Studinteferienings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei it sluten fan de Hegeskoalle yn 1843 wienen der gjin sudinten mear yn Frjentsjer. Dochs hâlde de Nederlânske studinten in bân mei de herberch. De yn 1930 yn Ljouwert oprjochte Federaasje fan Fryske Studinteferienings naam it inisjatyf om op 29 en 30 july 1935 yn Frjentsjer te betinken dat 350 jier earder dêr de universiteit stifte wie. De twadde dei besocht it selskip ûnder oare de Bogt, ‘voormalige studentenkroeg’.[13] Dat jier hold de federaasje syn krystkongres noch yn Ljouwert. It jier dêrop wie it kongres yn Frjentsjer, yn de riedseal fan it stedhûs. Nei ôfrin fan de lêzings gie men nei De Bogt. Dêr waard besletten dat de âlde studinteherberch De Bogt fen Guné it fêste weardhûs fan de Fryske studinten wêze soe. In bul mei in grutsegel fan de Frjentsjerter Akademy ferkundiget oan elke besiker dat de Bogt fen Guné it fêste weardhûs fan de Fryske studinten is. lle jierren om Kryst hinne, wurdt dêr it Krystkongres fan de Federaasje fan Fryske Studinteferienings hâlden. Nei de grutte opknapbeurt fan de Bogt yn 1939 waard it etablissemint heriepene troch de Federaasje en de earste lêzing waard yn de Bogt holden. De rest fan it krystkongres barde yn de riedseal op it stedhûs, lykas yn foargeande jjierren. Yn 1940 waard foar it earst it hiele krystkongres yn De Bogt holden. It neifolgjende krystkongres yn Frjentsjer wie yn 1945. De lêzings waarden holden yn de aula fan de Psychiatryske Ynrjochting, it eardere akademygebou. Fan 1946 ôf wiene de kongressen (Kryst en Peaske) yn de boppeseal fan De Bogt.

Mei troch syn twa dikke halsgevels, in grutte feranda, in trochreed en de dikke balken fan de jachtweide is de sfear fan de studintetiid bewarre bleaun. De dagen foar Peaske wiene der ek lang gearkomsten fan Fryske studintefederaasjes. De drokste dei foar De Bogt is lykwols de fiifde woansdei fan july, by gelegenheid fan it feest nei de finale fan de PC. Nei it 87e krystkongres yn 2019 soarge korona foar in ûnderbrekking fan de rige.

Yn de 21ste iuw ûntwikkele de Bogt fen Guné him benammen as in feestkafee. Yn 2014 waard yn in aparte romte de sfear fan de âlde studintekroech wer oproppen. Ynliste professsrs sjogge fanôf de muorren del op de besikers. Opknapte keatswanten fan promininte keatsers binne ferspraat yn de romte ophong. De romte waard 'De Franequer Loskop' doopt, nei in fantasijfiguer yn in boekje dat oan de ein fan de 17de iuw ferskynde om de wrâld te warskôgjen foar de ferdoarnheid fan de jongerein.[14]
Foar de keatsferiening Jan Bogstra is de Bogt fen Guné it fêste moetingsplak. De prizekast fan de feriening stiet yn De Bogt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De kleem ‘âldste studintekroech fan Nederlân’ is noch troch nimmen bestride.
  2. Ryksmonumentnr. 15786
  3. Heide, Gerard van der, Historie van de Bogt fen Gunee (Histoarysk Sintrum Frjentsjer)
  4. Dus fier foardat yn 1811 efternammen ferplichte waarden. Sûnt 1787 waard yn advertinsjes syn efternamme neamd. (Ljouwerter Krante 15 augustus 1787)
  5. tydskrift Sljucht en Rjucht 1929 s. 776 en fierder.
  6. Bouma 1937, Hallema 1939
  7. Annema s. 18
  8. website De Bogt
  9. Hallema 1939
  10. Balthasar Bekker (Franeker nieuws- en advertentieblad voor de provincie Friesland 26 febrewaris 1860
  11. De kustline by de Golf fan Guinee en de skyline fan de beide klokgevels hawwe in soad fan elkoar.
  12. Historisch Sintrum Frjentsjer
  13. Fan 1935 ôf waard de Fryske skriuwwize Bogt fen Guné brûkt.
  14. Jensma s. 119