Sjûkelân

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In foto fan it Sjûkelân mei de twa tuorren. Op de eftergrûn de Foarstrjitte en fierderop de toer fan 'e Martiny-tsjerke. Rjochts dêrnjonken it koepeltuorke fan it Martenahûs.

It Sjûkelân is de algemien brûkte beneaming foar it ferneamde keatsfjild yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dêr't sûnt 1856 elts jier op 'e fyfde woansdei nei 30 juny de PC holden wurdt.[1] It leit yn 'e Frjentsjerter binnenstêd, oan 'e noardkant fan 'e Fiverstrjitte, rjocht foar de ôfslach nei de Foarstrjitte oer.[2]

De tuorren fan it Sjûkelân fan tichtby.

Op dat plak stie fan 1449 ôf it Sjaerdemaslot, in foar Fryske begripen frij grut kastiel. Doe't dat yn 1712 ôfbrutsen waard, hat men it terrein ûnbeboud litten.[3] Oan 'e eastlike râne fan it fjild stiet De Bogt fen Guné, it âldste kafee fan Nederlân, datearjend út 1641, dat earder fral oandien waard troch studinten fan 'e Universiteit fan Frjentsjer, mar dat him nei de sluting fan dat ynstitút yn 1811 ûntjûn hat ta it keatskafee by útstek.[4]

It Sjûkelân is ferneamd nei in achttjinde-iuwske hierder, kastlein Nicolaas Sjoek.[1] De offisjele namme fan it fjild is eins Sternse Slotland,[1] mar dy oantsjutting wurdt suver nea brûkt, hoewol't er noch wol weromkomt yn 'e namme fan 'e Frjentsjerter Showband Sternse Slotlanders.[5] De beneaming Sternse Slotland giet werom op Karel fan Sternsee, in santjinde-iuwske bewenner fan it Sjaerdemaslot.[1] Mei it 150-jierrich bestean fan 'e PC, yn 2003, waarden op it Sjûkelân by wize fan tinkteken twa tuorren pleatst.[6]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 1,3 Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2416..
  2. ――, 100.000+ Stratenboek, Rotterdam (Shell Nederland Verkoopmaatschappij B.V.) / Eindhoven (Suurland Falkplan B.V.), 31e druk, 1995, kaart 83.
  3. Schroor, Meindert (haadred.), Nieuwe Encyclopedie van Fryslân, De Gordyk/Ljouwert, 2016 (Utjouwerij Bornmeer/Tresoar), ISBN 978-9 05 6153 755, s. 2415.
  4. Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bogt fan Guné.
  5. ――, Showband Sternse Slotlanders, yn: de Frjentsjerter Krante, 27 juny 2018, s. 47.
  6. ——, It Sjûkelân, op 'e webside fan 'e PC.