Springe nei ynhâld

Sjaerdemaslot

Ut Wikipedy
Sjaerdemaslot - 18e iuw

Sjaerdemaslot (ek wol: Slot op Kalahey, sjoch Kalahey) wie in stins yn Frjentsjer. De âldste fermelding komt út 1446, doe't der mei de bou fan it kastiel begûn waard. De state is yn 1727 sloopt. Under oare de filosoof René Descartes en hartoch Albrecht fan Saksen ha der wenne. It slot is ôfbrutsen en der is neat fan werom te finen.

De wetterboarcht lei yn de wichtichste grêft fan de universiteitsstad Frjentsjer en waard mear en mear in soarte sitadel. It wie dus hielendal omgrêfte en allinnich berikber oer in brêge. It hie twa boulagen mei dêrûnder in kelder. Njonken it haadgebou wienen twa fleugels en der wie in grutte rûne toer. In lytsere toer stie oan de westkant fan it slot.

De earste bewenners wienen Douwe fan Aylva en Edwert Sjaerdema. Letter wurdt it ôfstien ian de hartoch, Albrecht fan Saksen. Uteinlik krijt de famylje de stins werom neidat Albrecht fan Saksen der in tiid yn wenne hat, en it wurdt letter erve troch Carel fan Sternsee dy't troud wie mei Luts fan Cammingha (syn namme is noch bewarre bleaun yn de âlde namme fan it Sjûkelân dêr't de PC hâlden wurdt, nammentlik it Sternse Slotland). Dêrop ervet Ruurd fan Juckema it slot. Hy ferhiert it yn de simmer fan 1629 oan René Descartes, de Frânske filosoof. It slot wurdt oerdroegen fan heit op soan en uteinlik oan Eduarda Lucia fan Juckema dy't troud wie mei Duca Martena. Harren pakesizzer ferkeapet de state úteinlik yn 1725, om ôfbrutsen te wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: