Springe nei ynhâld

Stedhûs fan Frjentsjer

Ut Wikipedy
Stedhûs fan Frjentsjer
bouwurk
lokaasje
plak Frjentsjer
adres Riedhûsplein
koördinaten 53° 11' N 5° 32' E
bysûnderheden
boustyl 1591-1594
monumintale status Ryksmonumint
monumintnûmer 15724
kaart
Stedhûs fan Frjentsjer (Frjentsjer)
Stedhûs fan Frjentsjer

It Stedhûs fan Frjentsjer is in stedhûs oan it Riedhûsplein yn 'e Fryske stêd Frjentsjer, dat boud is yn 'e styl fan 'e renêssânse.

De earste stien waard op 24 juny 1591 lein en nei in bouperioade fan trije jier kaam it stedhûs yn 1594 ree.

Oarspronklik hie it stedhûs in L-foarmige plattegrûn. In lyts diel oan it Noard waard yn 1760 ôfbrutsen en ferfongen troch in lange fleugel ûnder in sealtek. Mei de klokketoer en de trepgevels en de mei natoerstien fersierde gevels foarmet it gebou in byldbepalend ryksmonumint.[1]

Boppe de haadyngong is it Wapen fan Fryslân ôfbylde. Yn 'e glês yn lead-ramen fan 'e earste ferdjipping binne 27 wapenskylden ferwurke.

It stedhûs stiet yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten. Dêrfan stean der trije yn Fryslân. De oare beide binne it planetarium fan Eise Eisinga, ek yn Frjentsjer, en it yr. D.F. Woudagemaal by De Lemmer.

The Dutch House yn Brookline (Massachusetts) yn 'e Feriene Steaten stiet in replika dy't foar in part nei it Frjentserter stedhûs boud waard en dy stiet op it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stedhuzen yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum
· · Berjocht bewurkje