Arsjitektuer yn Fryslân
De Arsjitektuer yn Fryslân is ferspraat oer de hiele provinsje en is de muoite wurdich om te besjen. Yn dit oersjoch falle de measte ûnder de monumintesoarch.
Beskerme steds- en doarpsgesichten yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Fryske alve stêden binne allegear beskerme stedsgesicht. Ek binne der tsientallen plakken mei beskerme doarpsgesichten yn Fryslân.
Bysûndere bouwurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]UNESCO-monuminten yn Fryslân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten stean trije ryksmonuminten út Fryslân.
Unyk, heech of bysûnder
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De waterpoarte yn Snits is in bysûnder gebou. It stedhûs fan Boalsert (1617) is gebou út de Renêssânse. De Achmeatoer is it heechste gebou fan Fryslân (Sjoch ek: list fan heechste gebouwen fan Ljouwert).
Bouwurken dy 't in priis wûn hawwe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Behalve moai binne der ek gebouwen dy 't in priis wûn hawwe yn in bepaalde kategory.
-
Stasjon It Hearrenfean Brunel Award (1985), in designpriis foar it spoarbedriuw.
-
Museum Belvédère winner fan de priisvraach 'BNA Gebou fan it Jier 2006'
Ofslútdyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek it Suderseewurk de Ofslútdyk heart foar in grut part by Fryslân.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boukeunst
- Haadartikels per kategory bouwurk yn Fryslân.
Yn de kommenende artikelen wurdt per kategory in oersjoch jûn fan de bouwurken mei oandacht foar de skiednis en arsjitektuer. De tsjerken en klokkestuollen binne fan grut kultuerhistorysk belang. De waachgebouwen en wetertuorren hawwe harren funksje ferlern, sadat der nei in nije bestimmming socht wurde moat. Fan de mear as twatûzen wynmolens yn Fryslân binne der mar hûndert bewarre bleaun. De akwadukten hearre ta de nijste bouwurken yn Fryslân.
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Architectuur en stedebouw in Friesland 1850-1940, G.J.M. Derks, M.F. Fermo, F.R. van Weezel Errens, (1994), Swol, Waanders