Springe nei ynhâld

Wetterpoarte (Snits)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Snitser Wetterpoarte)
Wetterpoarte
Waterpoort
bouwurk
De Wetterpoarte sjoen fan 'e Heechein ôf.
De Wetterpoarte sjoen fan 'e Heechein ôf.
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Wetterpoartsgrêft 38
koördinaten 53°01′46″ N 5°39′33″ E
bysûnderheden
type bouwurk poarte
subtype wetterpoarte
boujier 1492
boustyl Renêssânsestyl (1613)
oerbrêget Stedsgrêft
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 34075
kaart
Wetterpoarte (Binnenstêd)
Wetterpoarte

De Wetterpoarte is in wetterpoarte yn 'e Fryske stêd Snits. It is it lêst oerbleaune part fan 'e Snitser stedsmuorre dat syn oarspronklike ferdigenjende funksje alhiel ferlern hat, en al yn 'e iere santjinde iuw útboud is ta in sierpoarte. It gebou bestiet út twa achtkante tuorren mei dêrtuskenyn in brêge oer de grêft, en boppe de brêge in poartewachterswente. Tsjintwurdich is de Wetterpoarte in museum en boppedat is it útgroeid ta it symboal by útstek fan 'e stêd Snits.

De Wetterpoarte stiet oan 'e súdwestkant fan 'e Snitser binnenstêd, dêr't men oer De Geau yn 'e rjochting fan Drylts farre kin. Oer it wetter ferbynt de Wetterpoarte de Heechein, in diel fan 'e Snitser Stedsgrêft, mei De Kolk, dy't it begjin fan 'e Geau foarmet. Oer lân ferbynt de brêge fan 'e Wetterpoarte de Rienck Bockemakade mei de Wetterpoartsgrêft, dat beide ûnderdielen binne fan 'e eardere stedswâlen fan Snits.

De Wetterpoarte fan Snits, yn juny 1906.
Foto Arthur Marshall

De Wetterpoarte fan Snits is nei alle gedachten yn of omtrint 1492 boud. Snits krige tusken 1490 en 1497 in nije stedswâl, en om 1524 hinne in stedsmuorre. Yn 'e snuorje dat de wâl oanlein waard, moat ek de Wetterpoarte boud wêze. De earste ferzje fan it bouwurk wie allinnich in piip, dy't de 'Heecheinder Piip' (Hoogendster Pijp) neamd waard om't er útkaam op 'e Heechein. Oarspronklik wie dit ien fan fiif wetterpoarten yn Snits, dy't as doel hiene de tagong nei de stêd oer it wetter ôf te sluten as der gefaar drige. Alle fiif wiene dat net mear as pipen. Twa lânpoarten behearsken de tagong ta de stêd oer it drûge. Njonken de Heecheinder Piip stie in rûne toer, ien fan 'e sechstsjin tuorren op de stedswâl.

Yn 1613 waard de Heecheinder Piip ferboud ta in sierpoarte yn Renêssânsestyl, nei alle gedachten om in ymposante tagong ta de stêd te skeppen op 'e wichtichste rûte oer it wetter, nammentlik oer De Geau, de farrûte fierder de Súdwesthoeke yn. Der kaam in boppebou, en de poarte krige twa achtkante tuorren. Bysûnder wie, en is, dat boppe de poarte net daalks it poartewachtershûs stiet, mar dat der in trochgong is yn 'e rjochting fan 'e wâlen, mei dêrboppe it wachthûs.

Ferlies fan funksje en behâld

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1758 waard der in nij poartewachtershûs boud, mei in nije gevel. Dat krige yn 1776 ek noch in koepeltsje, mei in klok en in oerwurk. Fan 1825 ôf waard Snits lykwols nachts net mear ôfsletten, en mei dy feroaring ferlearen alle poarten fan 'e stêd harren funksje. Yn 'e rin fan de njoggentjinde iuw waarden de beide lânpoarten en de oare fjouwer wetterpoarten ôfbrutsen, oant de Heecheinder Piip as lêste poarte fan Snits oerbleau. Men woe dizze Wetterpoarte yn 1876 eins ek ôfbrekke, om't er by de opkomst fan 'e steamfeart in behindering foar it wetterferkear begûn te foarmjen. De steamboaten koene om harren skoarstiennen net ûnder de poarte troch en sa waard harren de tagong ta de stêd fan 'e rjochting fan 'e Geau ôf ûntsein

Lykwols wiene der yn Snits in protte minsken dy't de Wetterpoarte net ferlieze woene, en ek by de oerheid wiene der lju dy't foar it behâld fan it unike gebou wiene. Sadwaande waard as earste gefal fan monumintebeskerming mei ryksstipe besletten ta restauraasje fan 'e Wetterpoarte. Yn dat ramt waard yn 1877 besocht en bring it oansjen fan 'e poarte fan foar 1758 werom, wêrby't ûnder lieding fan Johannes Philippus Hogendijk wurke waard nei in ûntwerp fan 'e lanlik bekend arsjitekt Isaac Gosschalk. It doel om 'e achttjinde-iuwske oanpassings alhiel ûngedien te meitsjen, slagge lykwols net alhiel om't guon saken op 'e oarspronklike boarnetekening fan Ype Staak net dúdlikernôch oanjûn wiene. Dêrom joech Gosschalk in frije ynterpretaasje oan it oarspronklike middendiel fan it gebou, wêrby't û.m. klok en oerwurk ek wer yn 'e restaurearre Wetterpoarte opnaam waarden. Gosschalk bepaalde hjirtroch sterk it hjoeddeistich oansjen fan 'e poarte. Sûnt dy tiid hat it gebou lykwols noch ferskate kearen nije restauraasjes ûndergien.

De Wetterpoarte, sjoen oer it wetter fan De Kolk hinne.

De Wetterpoarte hat tsjintwurdich de status fan ryksmonumint. It is no in museum, en teffens foarmet it by útstek ít symboal fan 'e stêd Snits. Sa is in ôfbylding fan 'e Wetterpoarte bgl. te sjen op it grutseil fan it Snitser skûtsje de Sneker Pan. Ek is it it byldmerk fan 'e Snitser seilmakkerij Gaastra en fan Gaastra Klean. Fierders binne der ferskate Snitser sportferienings nei de Wetterpoarte ferneamd, lykas Fuotbalferiening Wetterpoarte Boys en Kuorbalferiening De Wetterpoarte. Fan 1939 oant 1953 wie de Sulveren Wetterpoarte de wikselpriis by de Snitswike. De bokaal fan dizze priis stiet no yn it Frysk Skipfeart Museum fan Snits.

Njonken skaalmodellen, binne der fan 'e Wetterpoarte ek kopyen fan gelikense grutte makke:

  • De rûte fan 'e Alvestêdetocht giet ûnder de Wetterpoarte troch as de reedriders fan Snits nei Drylts geane. Om't it dan noch tsjuster is, sille de dielnimmers oan en it publyk by de tocht dêr lykwols net in soad fan meikrije.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.