Springe nei ynhâld

Nagasaki

Ut Wikipedy
Nagasaki
長崎市 Nagasaki-shi
Polityk
Lân Japan
Regio Kyūshū
Prefektuer Nagasaki
Boargemaster Tomihisa Taue
Sifers
Ynwennertal 432.826 (2015)
Oerflak 406,37 km²
Befolkingsticht. 1065 / km²
Hichte oant 10 m
Oar
Tiidsône Japan Standert Time UTC+9
Offisjele webside
Webstee Nagasaki (in)
Lokaasje fan Nagasaki yn de Nagasaki-prefektuer.

Nagasaki (長崎市 Nagasaki-shi) is in stêd yn Japan, it leit yn de prefektuer mei deselde namme, Nagasaki. De stêd leit op it eilân, teffens regio, Kyushu, it op trije nei grutste fan de Japanske eilannen. Op 1 april 2008 wennen der 445.172 ynwenners. It oerflak fan de stêd is 406,37 kante kilometer. Sûnt 1 april 1997 hat Nagasaki de steatus fan kearnstêd.

Nagasaki is fan âlds in havenstêd. Foar de komst fan de Portegezen, twadde helte 16e iuw, wie it net mear as in fiskersdoarp. Yn de baai fan Nagasaki lei it keunstmjittige eilân Desjima, dêr’t earst de Portegezen op wennen om hannel te driuwen mei de Japanners, en dat letter oernaam waard troch de Nederlanners. De shogun sette fan 1614 ôf de kristenen út Japan, omdat de Nederlanners gjin oare yntinsjes hienen as hannel te driuwen en holpen by it ferdriuwen fan oare kristenen mochten sy op Desjima bliuwe. Fan 1641 oant 1853 wie de Nederlânske hannel fia Desjima it ienige Jeropeeske kontakt dat Japan hie.

Twadde Wrâldkriich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nagasaki nei de oanfal mei de atoombom.

Trije dagen nei’t de Feriene Steaten in atoombom op Hiroshima smiten hienen, waard op 9 augustus 1945 ek in atoombom op Nagasaki goaid, de bom hie de namme Fat Man. It doel fan de bom wie eins it ferwoasten fan de stêd Kokura, mar boppe dy stêd wie it bewolke en dêrom waard oerstapt nei it twadde doel, it yndustriële gebiet fan Nagasaki. De bom eksplodearre op 503 meter boppe de foarstêd Urakami en makke yn totaal likernôch 67.000 slachtoffers (39.000 deaden en 25.000 ferwûnen). Noch jierren letter easke de ioanisearjende strieling dy’t frijkaam út de bom in soad slachtoffers. Nei dy twadde atoombom kapitulearre Japan. De stêd Nagasaki waard nei de kriich wer folslein opboud.

Op 17 april 2007 waard de 61-jierrige boargemaster fan de stêd, Itchō Itō, yn de omkriten fan it treinstasjon fan Nagasaki deasketten. De dieder, Tetsuya Shiroo, is in lieder fan Suishin-kai, in groep dy’t besibbe is oan de Yamaguchi-gumi, de grutste Japanske misdiedorganisaasje.[1] It motyf fan de dieder is nei alle gedachten wrek fanwegen in auto dy’t troch weiwurksamheden skansearre rekke, wêrop de gemeente de skea net betelje woe.[2] Itō waard troch twa kûgels rekke, en stoar letter oan syn ferwûnings. Itchō Itō stie bekend as in frede-aktivist en wie tsjin it brûken fan atoomwapens.

Nagasaki hat mei ferskate stêden in stêdebân:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nagasaki Mayor Ito dies after being shot by gangster, Kyodo News, 18 april 2007 (sjoen op 4 desimber 2004)
  2. Burgemeester Nagasaki doodgeschoten, RTL4.nl, 17 april 2007 (sjoen op 4 desimber 2009)