Arthur Marshall (arsjitekt)
Arthur George Marshall (Nottingham, 23 desimber 1858 - Lockington (Leicestershire), 25 febrewaris 1915) wie in Ingelske arsjitekt en amateurfotograaf.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arthur Marshall wie de tredde soan fan James Matthew Marshall, in pleatslik bekende skilder, houtfiker en fergulder. Marshall krige ûnderrjocht oan de partikulire Brunswick House Collegiate School, Hammersmith. Werom yn Nottingham kaam er yn de lear by de arsjitekt/ynspekteur, Samuel Dutton Walker. Hy begûn in eigen arsjitektepraktyk yn Nottingham yn 1881. Syn earste opdrachten wiene meast foar huzen, dêr't 'Brightlands' foar Samuel Bourne yn it Park Estate (1885) it meast fan opfoel en in artikel yn it fakblêd de 'British Architect' krige. Teffens wie er mei syn kompanjon (sûnt 1891) George Turner yn 1895 ûntwerper fan in blok winkels en kantoaren yn Nottingham, Russell Chambers. Letter ûntfong er in arsjitektuerpriis foar syn ûntwerp fan it nije wurkhûs (en in soad gebouwen anneks) yn Bagthorpe (1896-1903), dat letter part fan it City Hospital waard. Dat súkses wie oanlieding ta syn beneaming as arsjitekt en adviseur by de Boards of Guardians yn ferskillende parten fan it lân. Syn ien nei lêste grutte projekt wie it ûntwerp foar in eachsikehûs, it Nottingham and Midland Eye Infirmary.
Marshall wie in autoriteit op it mêd fan antyk meubulêr en houtbewurking, ek akwarelearre er fertsjinstlik. Marshall lei him foaral serieus ta op de fotografy. Hy wie lid fan The Linked Ring (ek bekend as "The Brotherhood of the Linked Ring"), in organisaasje fan Britske fotograven yn de lette 19e- en iere 20e iuw, dy't fotografy as keunstfoarm befoarderje woene en benammen it pikturalisme foarstiene.
Yn juny 1906 makke er mei 2 Ingelsen, syn freon de arsjitekt Tomalin en in ûnbekende in omreis troch Fryslân. Tomalin hat fan dizze reis in ferslach skreaun dat yn 1907 yn Londen publisearre is ûnder de namme “3 Vagabonds in Friesland”. It Frysk Fotoargyf by Tresoar hat goed 60 foto’s, makke troch Marshall, út it boek. Marshall is ferskate kearen werom west yn Nederlân en hat hjir sa'n 3000 foto's sketten. Guon dêrfan hat de doetiidske VVV yn har publikaasjes brûkt.[1] Teffens joech er lêzingen oer syn wurk as fotograaf. Hy waard in frijwat ferneamd persoan yn Nederlân. Dat doe't er stoar yn 1915 krige dat yn ferskate Nederlânske kranten omtinken.[2]
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn juny 1903 boaske er oan Hilda Maud yn de St Andrew's Church yn Westminster. Yn 1908 klage se him yn in skiedingsproses oan ûnder ferwizing nei wredens en wangedrach.[3]
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Arsjitekt
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Under oaren:
- Hawtonville Hospital (earder Union Infirmary), Boundary Road, Newark (1905);
- Lenton Hurst (no part fan Lenton Hall), Universiteit fan Nottingham (± 1900);
- Brightlands, Clumber Road East foar de fotograaf Samuel Bourne (1885);
- Bagworth Workhouse by it City Hospital oan Edwards Lane (1903); Foto hjir te sjen
- Forest Lodge, Sherwood Rise;
- Utwreiding fan Fernleigh, Alexandra Park foar J.D. Player (±1895-1906). [4][5]
Foto's út 3 Vagabonds in Friesland (karút)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]-
The Watergate at Sneek
-
The Oude Hof, Leeuwarden
-
The Potter (pottebakkerij De Lemmer)
-
The Motor boat, sjoen fanôf de boeier Marie
-
The Gossips, Workum (bôlerinsters)
-
Spectators, Heech
-
Ijlst The Daily Wash
-
A fair wind
Publikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Specimens of Antique Carved Furniture and Woodwork Measured and Drawn, 1888
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Heathcote, P. F., Arthur Marshall, NCivSNL, no. 66 (1985), 11-15, yll.
- Heathcote, P. F., Arthur Marshall, A Nottingham Architect, Architecture East Midlands, no. 70 (1977), 33, 35, 37, yll.
- Heathcote, P. F., Arthur Marshall, Architect and Photographer, NC (in NT), (Okt 1976), 12-13, ill.y [6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|