Springe nei ynhâld

Herbert Frederick Tomalin

Ut Wikipedy

Herbert Frederick Tomalin (Northhampton, Northamptonshire, 18 febrewaris 1862 - Ross-on-Wye, Herefordshire, 1944 wie in Ingelske yngenieur en arsjitekt.

GPO, Kolombo

Yn 1885 begûn er foar himsels yn Northhampton, oant dan ta hie er hieltiid assistint fan in oar west. Yn 1886 emigrearre er lykwols nei Ceylon, dêr't er by ferskate oerheidynstellingen wurke en yn 1915 ta conservator of forests beneamd waard. Hy gie werom nei Ingelân om 1922 hinne, sette him nei wenjen yn Ross-on-Wye, dêr't er ek stoar yn 1944.

Yn tsjinst fan it Departemint Publike Wurken Ceylon ûntwurp en boude er it haadpostkantoar (General Post Office, G.P.O) fan Kolombo (Sry Lanka) (1891-95); hy waard dêrby assistearre troch de arsjitekt Tunstall.

Yn juny 1906 makke er mei 2 Ingelsen, syn freon de arsjitekt en amateurfotograaf Arthur Marshall en in ûnbekende in omreis troch Fryslân. Tomalin hat fan dizze reis in ferslach skreaun dat yn 1907 yn Londen publisearre is ûnder de namme “3 Vagabonds in Friesland”. Yn 1907 kaam er nochris nei Fryslân om de Waadeilannen te sjen. Ek is er de auteur fan ‘’Frisian meers’’ dat yn 1909 útbrocht waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: