Springe nei ynhâld

Kuorbalferiening De Wetterpoarte

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


KF De Wetterpoarte
Oprjochte: 21 oktober 1971
Plak: Snits
Kompleks: It Skuttersfjild
Kompetysje: 1e klasse (seal), 2e klasse (fjild)

Tenu ûntbrekt

webstee KF De Wetterpoarte

De Wetterpoarte (oprjochte: 21 oktober 1971) is in kuorbalferiening út Snits.

De grutte "stifter" fan de feriening wie Job Benedictus. Hy trommele yn koarte tiid in oantal entûsjastelingen by elkoar. Yn septimber fan it jier 1971 waarden der n oantal gearkomsten organisearre wêrnei't úteinlik op 26 oktober 1971 offisjeel de kuorbalklub "De Wetterpoarte" oprjochte waard, neamd nei it ryksmonumint yn Snits.

Foarsitter yn it begjinjier fan De Wetterpoarte wie Job Benedictus, hy soe it amt 10 jier hâlde. Dêrnei naam Harm de Wagt syn taak oer. Yn 1985 waard de hammer oerdroegen oan Rutger van Dijk. Yn 2008 is Kees Bruin foarsitter fan de feriening, hy folge Jan Voogd op.

Op sportyf gebiet is der yn de ôfrûne jierren hiel wat bard. Begûn yn de ôfdieling Fryslân kaam de Wetterpoarte úteinlik yn de promoasjeklasse, dit ûnder lieding fan coach Fetze Speerstra. Dêrnei kamen de saneamde jierren fa siedzjen. Oan degradaasje wie in pear kear net te ûntkommen en de Wetterpoarte spile in pear jier yn de 4e klasse.

Problemen wienen der foar de Wetterpoarte mei it ledeoantal. Senioaren wienen der genôch, mar der wiene net folle jeugd. Op 21 septimber 1976 waard op de algemiene ledegearkomst, doe noch yn de Sneeker Sporthal) in jeugdkommisje oprjochte besteande út Job de Vlas en Harm de Wagt. De JK besocht kuorbal by de jeugd te promoaten. Yn 1982 waard dan ek it earste skoallekuorbaltoernoai organisearre. Oant no (2008) wurdt it toernoai noch altyd spile.

Yn de hjerst fan it jier 1985 begûnen Sietske Buisman en Zwaantje Terpstra mei in welpeteam. Yn it klubblêd Poartepraat stiet te lêzen dat der yn 1988 trettjin bern lid wienen.

In 1987 is it grut feest by de Wetterpoarte. Net allinnich waard it 15-jierrich jubileum fierd, mar waard ek it nije klubhûs It Praatfek iepene.

Yn 2002 waarden it fjild en it klubhûs sluten en ferhuze de Wetterpoarte fan it Keatslân nei de lokaasje neist de C. Kanhal, in eigen kantine hie de feriening net mear.

Perioade Skuttersfjild

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Flagge fan de feriening (2011)

Ein 2006 begûn in nije perioade yn de skiednis fan Kuorbalferiening de Wetterpoarte: de oerstap nei it hyper moderne Sportsintrum Schuttersveld. De feriening krige doe de beskikking oer in eigen kantine, twa keunstgersfjilden en koe gebrûk meitsje fan de nije sporthal. Ein 2007 hie de feriening hast 160 leden. Mei de oerstap nei it Skuttersfjild gie it sportyf ek wer better mei de feriening. Under lieding fan súkses-coach Harm de Wagt (2004-2008) promovearret it earste team fan de feriening op it fjild en de seal út de 4e klasse nei de 2e en de earste klasse. Nei 25 jier giet trener Harm de Wagt nei it tredde team. Mei yngong fan de hjerstkompetysje wurdt Hillebrand Diever oansteld is as nije koach.

  • Job Benedictus (EV)
  • Taapke Post-de Heij (EL)
  • Lammy de Goede-Hoekstra (LVV)
  • Sietske de Wagt-de Boer (LVV)
  • Rutger van Dijk (LVV)
  • Wietse Hendriks (LVV)
  • Gerrit Stelwagen (LVV)
  • Klaas Timmermans (LVV)
  • Job de Vlas (LVV)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]