Springe nei ynhâld

List fan heechste gebouwen fan Ljouwert

Ut Wikipedy

De heechste gebouwen yn de stêd Ljouwert binne:

Namme Hichte Ofbyld
1 Achmeatoer 115 m Achmeatoer
2 Bonifatiustsjerke 85 m Sint-Bonifatiustsjerke
3 Averotoer 77 m Averotoer
4 Avero residinsje 57 m Avero residinsje
5 Postbank 55 m Postbank
6 Suderplantaazje 51 m
7 Ie-burch 47 m
8 Vitens 46 m
9 Friesland Bank 42 m Friesland Bank
10 Aldehou 40 m Aldehou
11 Aquastate 36 m Aquastate
12 Crystalic Business Center 35 m Crystalic Business Center

Mei 114 meter is de hjoeddeiske Achmeatoer it alfte heechste gebou fan Nederlân. De plannen foar in tredde toer fan Achmea lizze klear, dit gebou moat 140 meter heech wurde. It is net seker oft dizze noch boud wurde sil. Yn 2002 frege NS in fergunning oan foar it bouwen fan in wokkelfoarmige toer fan 66 meter, dit plan is ôfblaasd.

De Sint-Bonifatiusttsjerke is mei 85 m it heechste bouwurk nei de Achmeatoer. De Aldehou is ûnfgefear 40 meter heech.

Koartlyn binne de rjochtlinen foar hege gebouwen yn de buert fan militêre fleanfjilden lyklutsen mei dy fan gewoane fleanfjilden. Dit hâldt yn dat binnen in striel fan fjouwer kilometer fan it fleanfjild gjin gebouwen boppe de 45 meter boud wurde meie. Dit betsjut dat der yn de binnenstêd fan Ljouwert nei alle gedachten gjin hege gebouwen mear boud wurde kinne, útsein as der al in gebou pland wie ( dan falt it bûten de nije rjochtlinen omdat de fergunning al ferliend wie, op grûn fan âlde rjochtlinen).