Stedhûs fan Boalsert

Ut Wikipedy
Stedhûs fan Boalsert

It Stedhûs fan Boalsert is in gemeentehûs yn Boalsert boud tusken 1614-1617 en ferfong in gebou út 1474. It hat de status fan ryksmonumint.

De ûntwerper en makker fan it houtfykwurk yn de riedseal wie Jacob Gysbert, de heit fan de Fryske dichter Gysbert Japicx. It stedhûs waard boud yn de jierren 1614 - 1617. It ferfong in gebou út 1474.
It riedhûs is boud yn de styl fan it Frysk maniërisme. Boppe it trepbordes, dat yn 1768 fernijd waard, sitte boppe de haadyngong trije bylden mei gouden foarwerpen: in waachskaal, in anker en in boek. Dêrboppe noch in byld en in sinnewizer.

It stedhûs hat in achtkante toer mei in liedklok (1619) fan Hans Falck, in klok (1680) fan Petrus Overney en in beiaard út 1955. Op de grutte klok fan it klokkespul stiet in râneskrift: Tel zorgvuldig de uren welke mijn stem verkondigt: een van die vele zal uw laatste zijn.

Yn it sûterrên stie ek in waach en wie dêrtroch ien fan de  Waachgebouwen yn Fryslân dy't yn it stedhûs festige wie. Der hinget noch in grutte waachskeal. De finzenpoarte late nei de finzenis boppe yn it gebou.

Yn de perioade 1892 oant 1895 waard it stedhûs restaurearre neffens in plan fan de Rotterdamske arsjitekt Jan Verheul.

Sûnt Boalsert yn 2011 opgie yn de gemeente Súdwest-Fryslân wurdt it gebou hast ner mear brûkt. It pân sil in nije bestimming krije.

Fotogalery fan it stedhûs[bewurkje seksje | boarne bewurkje]