Alde stedhûs (Drylts)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
It alde stedhûs fan Drylts yn 2014

Drylts wie oant 1984 in selsstannige gemeente mei in eigen stedhûs. It is boud yn 1859 en is in markant gebou mei de status fan ryksmonumint dat boppe de oare bebouwing útstekt.

It stiet op it stee fan it âlde, gruttere riedhûs, út de 14e iuw. It is in monumintaal gebou, mei in dak fan laaistien. It is lykwols gjin registrearre monumint, it komt hjir net foar yn de beneaming omdat it net âld genôch is, it hat wol de status fan byldbepalend gebou, dizze status is in graadsje leger as dy fan monumint. Fierders hat it sintrum fan Drylts in beskerme stedsgesicht.

Yn 1984 waarden de gemeenten Drylts en Wymbritseradiel gearfoege, hjirtroch waarden alle gemeentlike tsjinsten nei Drylts ferpleatst. In âlde skoalle kaam yn gebrûk as kantoar foar sosjale zaken en de rest kaam yn it stedhûs, wat oan de efterkant útwreide wie. Mei as gefolch, romtegebrek. It nije gemeentehûs wie yn dy tiid yn oanbou en koe yn 1985 brûkt wurde.

Nei dizze ferhuzing hat de ryksplysje noch oant 1994 it gebou brûkt. Yn dat jier ferdwûn dizze út Drylts, dêrnei is it gebou oant 1999 noch brûkt troch de resjerzje. Hjirnei waard it as wente ferkocht oan partikulieren.

  • By feestdagen hinget de flagge fan Drylts oan de gevel fan it âlde stedhûs.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]