Springe nei ynhâld

Albert Breunissen Troost

Ut Wikipedy

Albert Breunissen Troost (Drunen, 9 july 1832 - Snits, 21 july 1900) wie in Nederlânsk arsjitekt. Hy is benammen bekend fanwege de protte troch him ûntwurpen bouwurken yn Snits.

Troost waard berne yn Drunen as soan fan Gerhard Breunissen Troost (predikant) en Johanna Elizabeth Prins. Hy troude twa kear; yn 1859 mei Ytje Gorter (ferstoarn yn 1860) en yn 1864 mei Catharina Gijsberta Levoir. Ut dit lêste houlik stamt in dochter, Ida Breunissen Troost.[1]

Hy wie meiwurker fan arsjitekt Isaäc Warnsinck yn Amsterdam en wie as sadanich belutsen by de bouplannen fan it Ald Boarger Weeshûs. Foardat de bouplannen fan dit weeshûs goedkard wiene, wie Warnsinck ôfsetten nei Amsterdam foar in funksje as wethâlder. Troost makke it bouwurk as útfierend arsjitekt dien, wêrnei’t hy yn Snits wenjen bleau.

Dêrnei krige er ferskate nije opdrachten en yn 1859 waard er direkteur fan it Snitser Gasfabryk. Hy bleau dêrneist arsjitekt en ûntwurp ferskate gebouwen, dêr't in grut part no Ryksmonumint is, ûnder mear Snits, Boalsert, Drylts, Wâldsein, Tsjom, Skearnegoutum, Easthim en Heech. Troost ûntwurp in soad religieuze gebouwen. Hy joech ek les oan Cornelis Peters, dy’t letter ryksboumaster wurde soe.

Neist arsjitekt en direkteur wurke Troost as foud fan it Ald Boarger Weeshûs, regint fan de Snitser stedsfinzenis, bestjoerslid fan de Snitser Badynrjochting en as stimulator foar de oanlis fan Spoarline Ljouwert-Starum.[2]

Albert Breunissen Troost stoar yn 1900 yn Snits doe’t er 68 jier âld wie. Hy leit dêr begroeven op it Algemiene Begraafplak.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. De Skiednis fan it Nederlânsk Humanitarisme: Albert Breunissen Troost
  2. Frysk Skipfeart Museum: 1981-164
  3. Graftombe.nl: Troost, Albert Breunissen