Tsjerke fan Offenwier

Ut Wikipedy
(herfoarme) tsjerke fan Offenwier
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Offenwier
adres Fiifgeawei 6
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 14e iuw
offisjele webside
Protestanske gemeente De Lege Geaën

De Tsjerke fan Offenwier (ek: Herfoarme tsjerke of Nikolaastsjerke) is in oarspronklik oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke oan de Fiifgeawei yn Offenwier.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't der yn 1984 troch it fersakjen fan de súdlike muorre fan de tsjerke stikken fan it plafond delkamen en der in ûndersyk folge nei de steat fan it gebou, die bliken dat efter de 19e iuwske muorren noch it âlde tsjerkegebou út 1335 oanwêzich is. Dêrmei waard it ienfâldige tsjerkje fuort it âldste gebou fan de gemeente Snits.

Healwei de 19e iuw waard it midsiuwske sealtsjerkje mei nije bakstiennen ommitsele. Ek krige it om dy tiid hinne in plafond fan stúkwurk. De bou fan it houten tuorke folge yn 1882.

Yn de Twadde Wrâldkriich waard de klok út 1637 troch de Dútsers foardere. De hjoeddeiske liedklok waard yn 1948 ferfongen en draacht de tekst: 1943 / Geveld door Duitsch geweld / Door burgerij en Kerkvoogdij hersteld 1948 / Luiden wil ik voor de dooden / Levenden ter Kerke nooden.

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It oargel waard yn 1907 troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud en is op 8 jannewaris 1908 yn gebrûk nommen.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: