Stedhûs fan Harns

Ut Wikipedy
Stedhûs fan Harns
Stedhûstoer

It Stedhûs fan Harns is in stedhûs en ryksmonumint yn Harns.

It stedhûs waard yn 1730 troch stedstimmerman H.J. Norel boud yn Loadewyk XIV-styl. Yn 1757 wie der in útwreiding. It gebou stiet oan de súdside fan de Noarderhaven foar in brêge oer. Oan de foarside hat de gevel in balkon en in fergulde byld fan Michael, de beskermhillige fan de stêd Harns. Oan de efterside is in toer dy't yn de jierren 70 nei in brân werboud waard. De toer hat in gevelstien (út in tsjerke) mei in ôfbyld fan de aartsingel Michael fan Gerbrandus van der Haven en klokken fan ûnder oaren Jacob Noteman en Petrus Overney.

It gebou, mei in riedseal, trouseal, boargemasterkeamer en in keamer foar de gemeentesiktaris, is te besjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]