Stedstimmerman
In stedstimmerman of stedsmaster wie eartiids in timmerman en arsjitekt, dy't fanwege of yn tsjinst fan de stêd dwaande wie mei bouaktiviteiten. It berop is nei de midsiuwen ûntstien; bygelyks de stêd Middelburch hie fan de 16e iuw ôf in stedstimmerman yn tsjinst.[1]
Guon stêden hiene njonken de stedstimmerman te fergelykjen funksjes sa as in stedsboumaster of stedsarsjitekt, stedsmitseler en stedsstrjitmakker. De stedstimmerman wurke faak mei in tal learfeinten, gesellen. Yn guon stêden wie der in stedstimmerhûs of stedstimmerwerf, dêr't de stedstimmerman wenje en arbeidzje koe.
De stedstimmerman wurke mei oan it ûntwerpen fan gebouwen, ferdigeningswurken en ynfrastruktuer as brêgen, sluzen en soksoarte fan wurken, en plannen foar stedsútwreiding. Fierder hie er mei de stedsboumaster de taak om bestekken en begruttingen te meitsjen en it gemeentebestjoer te advisearjen. Yn sa'n gefal wie er yn tsjinst fan de stêd. It kaam ek wol foar dat de stedstimmerman selsstannich stedswurken oannaam en foar partikulieren wurken.[2]
Bekende stedstimmerlju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Claes Bockes Balck ûntwerper fan it Stedhûs fan Ljouwert
- Rochus Meeuwiss., stedstimmerman fan Brielle. Hy wist in Spaanske tsjinoanfal op te kearen troch in polder ûnder strûpe te litten.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |