Stedhuzen yn Fryslân

Ut Wikipedy

Stedhuzen yn Fryslân jout in oersjoch fan de stedhuzen fan de Fryske Alve stêden.

Eardere stedhuzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Troch de gemeentlike weryndieling fan 1984 binne inkele stedhuzen net mear yn gebrûk as stedhûs. De stêden Hylpen, Starum en Warkum meitsje sûnt 1984 diel út fan de gemeente Nijefurd. It stedhûd fan Warkum waard gemeentehûs. De twa oare stedhuzen krigen in oare bestimming. Stêd en gemeente Sleat gie yn 1984 op yn de gemeente Gaasterlân-Sleat, wêrfan it gemeentehûs yn Balk stiet. It stedhûs fan Sleat is no in museum. It stedhûs fan Dokkum waard gemeentehûs fan Dongeradiel.

Waachfunksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In de stedhuzen fan Boalsert en Hylpen siet ek in waach.

Monumint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It stedhûs fan Frjentsjer stiet yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten.

Stedhuzen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stêd Stedhûs Jier Ofbyld
Boalsert Stedhûs fan Boalsert 1617 Stadhuis Bolsward 37.JPG
Dokkum Stedhûs fan Dokkum 1610 Dokkum, stadhuis.jpg
Drylts Stedhûs fan Drylts 1859 2011-07 IJlst Oude Stadhuis.jpg
Frjentsjer Stedhûs fan Frjentsjer 1591 Franeker stadhuis 03c.JPG
Harns Stedhûs fan Harns 1730 Stadhuis Harlingen.jpg
Hylpen Stedhûs fan Hylpen 1683 Stadhuis Hindelopen 27.JPG
Ljouwert Stedhûs fan Ljouwert 1720 Stadhuis Leeuwarden.jpg
Sleat Stedhûs fan Sleat 1761 Stadhuis museum Sloten 01.JPG
Snits Stedhûs fan Snits 1550 Townhall in Sneek.JPG
Starum Stedhûs fan Starum 1880 Stadhuis Stavoren 01.JPG
Warkum Stedhûs fan Warkum 15e iuw
1727
Stadhuis Workum 03c.jpg
Stedhuzen yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum