Stedhûs fan Snits

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stedhûs Snits)
Stedhûs fan Snits
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
Súdwest-Fryslân
plak Snits
adres Merkstrjitte 11
koördinaten 53° 01'N 5° 39'E
bysûnderheden
type bouwurk stêdhûs
boujier 1550
ferbouwing: 1760-1763
restauraasje: 1923-1925
boustyl rokoko
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 34048 [1]
kaart
Stedhûs fan Snits (Binnenstêd)
Stedhûs fan Snits

It Stedhûs fan Snits is in stedhûs en ryksmonumint yn Snits oan de Merkstrjitte 11. It waard nei alle gedachten yn of om 1480 boud en yn gebrûk nommen.

Gebou[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Raamdekoraasje en byldhouwurk boppe de tagong

It stedhûs hat in gevel yn rokokostyl. By de ferbouwing fan 1760 oant 1763 is it stedhûs mei in ferdjipping ferhege. It hjoeddeiske bordes is út de jierren 1744-1745. Yn de jierren 1923-1925 wie der in restauraasje ûnder lieding fan de arsjitekt en ynterieurûntwerper Willem Penaat út Amsterdam.

De kearn fan it hjoeddeiske Snitser stedhûs waard yn 1550 boud. Doe waard op it stee fan twa losse hûskes in nij gebou oer twa persielen boud. Op it plak fan it efterhûs dêr't de rie byelkoar kaam wie, kaam in riedseal. By de ferbouwing fan 1760 krige it stedhûs it snijwurk fan Johann Georg Hempel, en op de nije ferdjipping in nije riedseal, de Grutte Riedseal; de âldere riedseal waard doe de Lytse Riedseal. Yn de Grutte Riedseal fergadere oant de weryndieling de gemeenteried en wurde de houliken sluten.

Ynterieur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • It stêdhûs hat in romme hal mei oan it plafond de Stêdefaam, dy't tegearre mei in pûtty stedswapen toant;
  • Goudlearbehang mei troch Sineeske lusthoven ynspirearre tafrielen yn de Grutte Riedseal;
  • De Skutterskeamer hat attributen fan de Snitser skutterij en de helm fan Grutte Pier.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Stedhuzen yn Fryslân Flagge fan de Provinsje Fryslân
BoalsertDokkumDryltsFrjentsjerHarnsHylpenLjouwertSleatSnitsStarumWarkum