Gerbrandus van der Haven
Appearance
Gerbrandus van der Haven (Ljouwert, foar 1690 - Grins, 1765) wie in Nederlânske byldhouwer.[1]
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Gerbrandus (ek: Gerbrand) van der Haven wie byldhouwer yn Ljouwert, yn 1713 wurdt hy ek fermeld as master-mitseler. Hy wurke mei hout en mei stien.[2] Yn 1757 fêstige hy him yn Grins. Hy makke dêr ûnder oare byldhouwurk foar it Sichtermanhûs, dat boud waard troch syn broer Theodorus.
Inkele wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1715 bylden Frede en Gerjochtichheid boppe yntree fan it Stedhûs fan Ljouwert.
- 1718 barokke preekstoel yn de Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum. Mooglik makke hy ek de froedskipsbank (1716) foar de tsjerke.
- 1725 bylden Leauwe, Hoop en Leafde foar it haadoargel yn de Jakobinertsjerke yn Ljouwert
- 1730 Sint Michael yn topgevel fan it Stedhûs fan Harns
- byldhouwurk oan it Sichtermanhûs yn Grins.
-
Grutte- of Jakobinertsjerke Ljouwert
-
Sint Michael (fergulde) yn Harns
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |