Keninklik Eise Eisinga Planetarium

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Eise Eisinga Planetarium")
Jump to navigation Jump to search
Planetarium Eise Eisinga
Planetarium

It Keninklik Eise Eisinga Planetarium is in planetarium yn 'e Fryske stêd Frjentsjer dat tusken 1774 en 1781 boud waard troch de wolkjimmer Eise Eisinga (1744-1828). It befynt him yn Eisinga syn doetiidske hûs mei klokgevel (anno 1768), dat oan 'e Eise Eisingastrjitte stiet (foarhinne de Sulverstrjitte noardside). It stiet ek yn it ferlingde fan it Riedhûsplein, krekt oer de brêge oer de stedsgrêft.

It Eise Eisinga Planetarium is it âldst wurkjende planetarium fan de wrâld. It folsleine bouwurk, dat as museum brûkt wurdt, is ek Ryksmonumint en stiet yn de Top 100 fan de Nederlânske UNESCO-monuminten. Hjirfan stean der trije yn Fryslân. Ek it stedhûs fan Frjentsjer dat hjir foaroer stiet heart hjir ta. It tredde monumint, it rgrutste noch wurkjende stoomgemaal ir. D.F. Woudagemaal by De Lemmer, is ek Wrâlderfgoed.

Filmkes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: