Springe nei ynhâld

Riedhûsplein (Frjentsjer)

Ut Wikipedy
Riedhûsplein
It Riedhûsplein yn Frjentsjer, sjoen yn noardlike rjochting fan 'e T-krusing mei de Foarstrjitte ôf.
It Riedhûsplein yn Frjentsjer, sjoen yn noardlike rjochting fan 'e T-krusing mei de Foarstrjitte ôf.
Riedhûsplein (Frjentsjer)
Riedhûsplein
Lokaasje fan it Riedhûsplein yn Frjentsjer.

It Riedhûsplein (Nederlânsk en offisjeel: Raadhuisplein) is in koarte mar wichtige strjitte dy't rûchwei yn noard-súdrjochting yn it sintrum fan 'e Fryske stêd Frjentsjer rint. Nettsjinsteande de namme is it eins gjin plein, mar in strjitte dy't justjes breder is as gewoan sûnt men der net mear parkearje mei. (Foar dy tiid wie der alhiel neat bysûnders oan 'e breedte fan 'e strjitte.) It Riedhûsplein is likernôch 50 m lang, en begjint oan 'e súdkant by in T-krusing mei de folle langere Foarstrjitte.

Oan 'e noardkant krúst it Riedhûsplein earst in smel strjitsje dat yn east-westrjochting oan 'e súdside by de stedsgrêft lânsrint; kommend út it westen hjit dy it Noard súdside, en kommend út it easten hjit er de Sulverstrjitte. It Riedhûsplein einiget by de brêge oer de stedsgrêft, dy't yn syn ferlingde leit en útkomt op it punt dêr't it Noard noardside (kommend út it westen) oergiet yn 'e Eise Eisingastrjitte (foarhinne de Sulverstrjitte noardside).

Winkels oan it Riedhûsplein binne û.m. de kleanwinkel foar froulju Zensa Moda oan 'e westkant, en optisien Boddeüs oan 'e eastkant. Foarhinne wie oan 'e eastkant, noardlik fan Boddeüs, ek Boekhannel Wever fêstige, dy't yn Frjentsjer en omkriten in begryp wie. Dy winkel gie lykwols yn 2013 ticht, en sûnt stie it pân leech (sitewaasje mids 2018; anno 2020 siet dêr in skuonmakker). Grutte blikfanger oan it Riedhûsplein is it Stedhûs fan Frjentsjer, dat oan 'e westkant tsjin it Noard súdside oan stiet. As men fan it Riedhûsplein oan 'e noardkant de brêge oergiet, stiet men lyk foar it Eise Eisinga Planetarium.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 100.000+ Stratenboek, Rotterdam (Shell Nederland Verkoopmaatschappij B.V.) / Eindhoven (Suurland Falkplan B.V.), 31e druk, 1995, kaart 83.