Boekhannel Wever
Boekhannel Wever | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | boekhannel | |
fêstige yn | Frjentsjer en Harns | |
oprjochte | 1926 | |
opdoekt | 2015 | |
oprjochter | Tjitte Wever | |
offisjele webside | ||
net mear fan tapassing |
Boekhannel Wever wie in boekhannel mei fêstigings yn 'e Fryske stêden Frjentsjer en Harns. Dizze winkel wie benammen yn Frjentsjer en omkriten yn 'e lêste helte fan 'e tweintichste iuw en it earste desennium fan 'e ienentweintichste iuw in begryp.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boekhannel Wever waard yn 1926 yn Frjentsjer oprjochte troch Tjitte Wever. Behalven as boekhannel funksjonearre de saak op beheinde skaal ek as útjouwerij. Fierders wie der in teologysk antikariaat dat ek as ferstjoerboekhannel operearre. Dat waard nei de komst as partner fan Dingemann van Wijnen, yn 1998, fan 'e boekhannel losmakke ûnder de namme Teologyske Ferstjoerboekhannel Wever Van Wijnen. (Dat bedriuw bestiet noch altyd, en is sûnt 2016 yn 'e hannen fan Boekhannel Riemer.)[1]
Nei it begjin fan 'e Bankekrisis, yn 2007, rekke Boekhannel Wever yn swierwaar, en úteinlik drige sels in falissemint. Om dat foar te kommen waard besletten om 'e fêstiging oan it Riedhûsplein yn Frjentsjer te sluten, wat per 1 july 2013 syn beslach krige. Wever gie fierder mei de fêstiging yn Harns, mar troch "ôffallende merkomstannichheden en in te foarsichtige hâlding fan 'e hûsbankier en it Sintraal Boekhûs"[2] wie ek dêr úteinlik te min perspektyf om troch te gean. Sadwaande waard Boekhannel Wever op 16 juny 2015 fallyt ferklearre op oanfraach fan it Sintraal Boekhûs yn Kulemboarch.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|