Springe nei ynhâld

Plein

Ut Wikipedy
It Reade Plein yn Moskou.

In plein (fan it Aldfrânske plain, "iepen romte", letter ûntjûn ta modern Frânsk plaine, "flakte") is in ûnbeboude romte omjûn troch gebouwen, dy't diel útmakket fan it strjittenetwurk fan in stêd of doarp. It kin dêrom ek omskreaun wurde as in tige brede strjitte. Pleinen kinne in ûnregelmjittige, rjochthoekige, fjouwerkante, ovale of inkeldris in rûne foarm hawwe. Se binne gauris opsierd mei in stânbyld of in fontein (of in kombinaasje fan dy beide), en strjitmeubilêr lykas lantearnepeallen en sitbanken.

Yn 'e measte âldere Jeropeeske stêden binne pleinen ûntstien út merkplakken, dêr't foarhinne (en no noch wol) geregeldwei merk holden waard. Fan 'e sechstjinde iuw ôf kaam der ek in oar type plein, it saneamde paleisplein, dat oanlein waard foar paleizen of oare wichtige gebouwen (lykas stedhuzen, gerjochtsgebouwen, ensfh.). Sokke pleinen tsjinnen om 'e swidens fan it oangeande gebou te toanen (dy't oars ôfskerme wurde soe troch oare gebouwen). Faak waarden (of wurde) op sokke pleinen ek seremoanjes en militêre parades holden. Paleispleinen binne ornaris regelmjittiger fan foarm as merkplakken.

Bekende pleinen yn Fryslân binne: it Saailân en it Aldehouster Tsjerkhôf yn Ljouwert, Plein 1455 yn Boalsert, de Bredepleats yn Frjentsjer en de Feemerk yn Snits. Yn oare dielen fan Nederlân kin men tinke oan De Dam yn Amsterdam, it Waachplein yn Alkmar (dêr't de Tsiismerk holden wurdt) en de Grote Markt yn Grins. Yn it bûtenlân hat men bgl. Times Square yn New York, it Reade Plein yn Moskou, it Sint-Pitersplein yn Rome, it Place de la Concorde yn Parys, de Pariser Platz yn Berlyn, it Piazza San Marco yn Feneesje, it Piazza della Signoria yn Florâns, it Wenseslasplein yn Praach en it Plein fan de Himelske Frede yn Peking.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.