Springe nei ynhâld

Feemerk (plein yn Snits)

Ut Wikipedy
lokaasje Feemerk yn Snits
De Feemerk mei de Feemerkhallen yn 2012.
De Feemerk mei de Feemerkhallen yn 2012.
Feemerk (Binnenstêd)
Feemerk
De Lokaasje fan 'e Feemerk yn Snits.

De Feemerk (Nederlânsk en offisjeel: Veemarkt) is in plein yn 'e Stasjonsbuert fan 'e Fryske stêd Snits. It wie om 1900 hinne in greide, dy't simmerdeis yn gebrûk wie as keatsfjild en by 't winter as iisbaan. Yn 1910 waard de feemerk fan Snits ferpleatst fan it Martinyplein, by de Snitser Martinytsjerke, nei dy greide, dy't dêrfoar bestrjitte waard. Sa ûntstie in plein dat nei de feemerk ferneamd waard.

Oan 'e Feemerk grinzgje de Koarte Feemerkstrjitte en de Lange Feemerkstrjitte. Kafee Vellinga, dat anno 2018 noch altyd bestiet, die foar de keaplju op 'e feemerk tsjinst as restauraasje. Lange tiid fûn de feemerk plak yn 'e iepen loft; pas yn 'e 1960-er jierren waarden op 'e noardwestlike hoeke fan it plein de Feemerkhallen boud, sadat it evenemint binnendoar holden wurde koe. Dat gebou stiet der anno 2018 noch altyd, en docht tsjintwurdich tsjinst as evenemintehal.

Yn 1992 waard de Snitser feemerk opheft en waard de hannel oernommen troch de feemerk fan Ljouwert. Neitiid kaam de Feemerk yn gebrûk as parkearterrein. Inkeld de namme fan it plein en de Feemerkhallen, en in pear stek (ôffreding)ken dy't brûkt wurde as fytsestalling, hâlde no de oantins oan 'e feemerk fan Snits noch libben.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: