Springe nei ynhâld

Feemerk fan Snits

Ut Wikipedy
feemerk fan Snits
De feemerk fan Snits yn 1917.
De feemerk fan Snits yn 1917.
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Snits
plak Snits
holden yn iepen loft, letter yn
   Feemerkhallen
datum 1× yn 'e wike
bysûnderheden
oanlieding hannel
soarte evenemint feemerk
bestean Midsiuwen1992

De feemerk fan Snits wie in feemerk dy't foarhinne eltse wike op tiisdei yn 'e Fryske stêd Snits holden waard.

De oarsprong fan dit evenemint lei yn 'e Midsiuwen, doe't der yn Snits (en yn ferskate oare plakken yn Fryslân) fee ferhannele waard op 'e jiermerken. It is sadwaande ûndúdlik wannear't de feemerk fan Snits krekt oprjochte waard, mar wol is bekend dat der yn 1492 noch sa'n jiermerk wie op 'e dei nei Sint-Marten.

Letter waarden der faker feemerken organisearre, úteinlik ien kear yn 'e wike. Oant yn 'e tweintichste iuw fûnen dy yn Snits plak op it Martinyplein, by de Snitser Martinytsjerke. Yn 1910 waard de feemerk ferpleatst nei it plein dat dernei ferneamd waard: de Feemerk. Dat stik lân waard om it begjin fan 'e tweintichste iuw hinne winterdeis noch brûkt as iisbaan en by 't simmer as keatsfjild. Doe't it yn gebrûk kaam as feemerk, die op dy lokaasje Kafee Vellinga tsjinst as restauraasje.

De feemerk fan Snits op it Martinyplein, yn 1903.

Yn 'e earste helte fan 'e tweintichste iuw waarden op 'e feemerk fan Snits fral in protte kij en geiten ferhannele. Letter ferskode de hannel yn kij nei de feemerk fan Ljouwert, en brocht men benammen lytsfee (skiep en geiten) en keallen nei Snits. De feemerk fûn lange tiid plak yn 'e iepen loft; pas yn 'e 1960-er jierren waarden op 'e noardwestlike hoeke fan it plein de Feemerkhallen boud, sadat it evenemint binnendoar holden wurde koe.

Fanwegen in ôfname fan it oanfierde fee yn kombinaasje mei strangere regeljouwing dy't djoere ynvestearrings needsaaklik makke, waard de feemerk fan Snits yn 1992 opheft. Dêrtsjin wie yn Snits hertstochtlik ferset, û.o. troch de pleatslike ûndernimster Jikke Ozinga. It mocht lykwols net bate, en neitiid naam de feemerk fan Ljouwert de taken fan 'e Snitser feemerk oer.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: