Reade Plein

Ut Wikipedy
Reade Plein
It Reade Plein mei op de eftergrûn rjochts it Kremlin en lofts de Basiliuskatedraal.
It Reade Plein mei op de eftergrûn rjochts it
Kremlin en lofts de Basiliuskatedraal.
Reade Plein (Moskou)
Reade Plein
Lokaasje fan it Reade Plein yn sintraal Moskou.

It Reade Plein (Russysk: Красная площадь) is it sintrale plein yn Moskou, dat ferneamd is fan de militêre parades yn 'e tiid fan 'e Sowjetuny. It plein is 550 by 100 meter.

Skiednis en namme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plein waard oanlein nei de grutte stêdsbrân yn 1493. Fan dat stuit ôf waard de nije iepen romte brûkt as plak foar de merke.

Feitlik hjit it plein net "Reade Plein". It wurd "Reade" yn de namme komt net fan 'e reade kleur fan 'e hege Kremlinmuorren en it ferwiist ek net nei de tiid fan it kommunisme. It Russyske eigenskipswurd Krasnij (Красная) betsjutte eartiids njonken "read" ek "moai". (Dat is no net mear sa: yn it hjoeddeiske Russysk betsjut Krasnij allinich mar "read".) Troch de oanwêzigens fan 'e Basiliuskatedraal krige it plein yn 'e 17e iuw syn hjoeddeistige namme Moaie Plein ynstee fan it âlde wurd Požar (brân).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Sources en References, op dizze side.