Springe nei ynhâld

Bredepleats (Frjentsjer)

Ut Wikipedy
Bredepleats
De Bredepleats yn Frjentsjer, sjoen fan 'e súdwesthoeke ôf, op 'e Martinytsjerke ta.
De Bredepleats yn Frjentsjer, sjoen fan 'e súdwesthoeke ôf, op 'e Martinytsjerke ta.
Bredepleats (Frjentsjer)
Bredepleats
De lokaasje fan 'e Bredepleats yn Frjentsjer.

De Bredepleats (Nederlânsk en offisjeel: Breedeplaats mei dûbel e) is in plein yn it sintrum fan 'e Fryske stêd Frjentsjer. It wurdt oan trije kanten begrinzge troch strjitten; dy oan 'e súdkant en de westkant hjitte ek fan Bredepleats, en hearre by it plein. De strjitte oan 'e noardkant is it Sint-Martinyplantsoen, dat by de súdrâne fan 'e Martinytsjerke lâns rint. Dat grutte tsjerkegebou dominearret de Bredepleats, hoewol't it der dus eins net oan stiet. Tusken de tsjerkmuorre en it Sint-Martinyplantsoen yn befynt him de Oortwolkfontein, dy't yn maaie 2018 yn it ramt fan it programûnderdiel 11Fountains fan it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa 2018 oanlein waard.

Oan 'e noardwestpunt fan 'e Bredepleats is in krusing dêr't yn it ferlingde fan it Sint-Martinyplantsoen de (gruttere en bredere) Foarstrjitte begjint, dat ien fan 'e wichtichste winkelstrjitten fan Frjentsjer is. Diagonaal dêrfoaroer, oan 'e súdeastpunt fan it plein, begjint de smellere (en wetlik allinnich foar fuotgongers tagonklike) Dykstrjitte, dat ek in wichtige winkelstrjitte is. Oan 'e Bredepleats sels sitte net in soad winkels: inkeld in filiaal fan Kruidvat oan 'e súdkant en de kleanwinkel PM Mannenmode oan 'e súdeastrâne dêr't de Dykstrjitte begjint. Oan 'e eastside fan it plein sit fierders de horekagelegenheid Grand Café De Doelen.

Fierders wurdt de Bredepleats brûkt as plak om merk te hâlden. Omtrint 2000 binne der in pear grutte stielen mêsten op it plein pleatst, dêr't in seil oan ophyst wurdt sadat de lju ek by min (of gleonhjit) waar drûch (of koel) by de kreamkes lâns kinne.

Kwa monuminten hat de Bredepleats in soad te bieden. Behalven de Martinytsjerke hawwe Bredepleats 4, 6 en 8 oan 'e eastkant fan it plein de status fan ryksmonumint. (Yn de pannen op nû. 4 en 6 sit Grand Café De Doelen.) Itselde jildt foar it Lyts Botniahûs, in state oan 'e westkant, en it Dekemahûs, in state oan 'e súdkant by it begjin fan 'e Dykstrjitte (dêr't er eins ta heart).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • 100.000+ Stratenboek, Rotterdam (Shell Nederland Verkoopmaatschappij B.V.) / Eindhoven (Suurland Falkplan B.V.), 31e druk, 1995, kaart 83.