De Twa Tuorren

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Twa Tuorren
(Omslachûntwerp troch R.P. Peters te Waaksens op basis fan fotokeunst troch Maartje Roos.)
(Omslachûntwerp troch R.P. Peters te Waaksens
op basis fan fotokeunst troch Maartje Roos.)
oarspr. titel The Two Towers
auteur J.R.R. Tolkien
taal Ingelsk
foarm roman
sjenre fantasy
1e publikaasje 1954, Londen
oarspr. útjwr. George Allen & Unwin
rige The Lord of the Rings
● foarich diel The Fellowship of the Ring
● folgjend diel The Return of the King
oersetting nei it Frysk
Fryske titel De Twa Tuorren
publikaasje (noch net útjûn)
oersetter dû. Liuwe H. Westra

De Twa Tuorren, yn it oarspronklike Ingelsk: The Two Towers, is in fantasy-roman fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973). Yn 'e mande mei It Selskip fan de Ring en De Kening Komt Wer makket it diel út fan 'e epyske trilogy Master fan Alle Ringen (The Lord of the Rings), dy't Tolkien syn wiidweidichste en bekendste wurk is. The Two Towers, it middelste diel fan 'e trilogy, fertelt it ferhaal fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (Ingelsk: Frodo Baggins) en dy syn gefaarlike kweeste om 'e Iene Ring fan 'e dûnkere hear Sauron werom te bringen nei de fjurren fan 'e Doemberch, yn it fiere en yslike lân Mordor, om't dat it iennichste plak is dêr't it nuodlike ding ferneatige wurde kin. De roman waard foar it earst publisearre yn 1954; yn 2002 kaam de populêre en bekroande ferfilming The Lord of the Rings: The Two Towers fan regisseur Peter Jackson út. De Fryske oersetting fan it boek, fan 'e hân fan Liuwe Westra, ferskynde yn novimber 2016.

Eftergrûn[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ofsjoen fan in prolooch en seis mânske taheakken bestiet Master fan Alle Ringen út seis "boeken". The Two Towers, dat útjûn waard op 11 novimber 1954, omfettet de beide middelste "boeken". De titel is in kompromis, it iennichste dat Tolkien betinke koe dat beide "boeken" beflapte. De ynhâld ferskilt nammentlik frijwat. Boek III docht ferslach fan 'e oarloch tsjin 'e ferriederlike tsjoender Saruman, dy't troch it kwea ferlaat is, wylst Boek IV it lyktidich plakfinende ferhaal fertelt fan 'e tocht fan Frodo en Tabe nei Mordor. (Yn syn film The Lord of the Rings: The Two Towers skafte Peter Jackson dy onhandige lykstrekige ferhaalopbou trouwens ôf.)

Foar de beide tuorren út 'e titel hie Tolkien karút: út brieven oan syn útjouwer Rayner Unwin docht bliken dat er it yn him omgean litten hat om harren oan te tsjutten as Orthanc en Barad-dûr, of as Minas Tirith en Barad-dûr, of as Orthanc en de Toer fan Cirith Ungol. Letter tekene er lykwols eigenhandich in omslachyllústraasje dy't it pear identifisearre as Minas Morgul en Orthanc.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ferhaal spilet yn in net neier oantsjutte (en optochte) oertiid fan ús wrâld tusken de opkomst fan it feeëryk en de hearskippij fan 'e minske.

De Twa Tuorren begjint daliks dêr't It Selskip fan de Ring ophold. It selskip (besteande út 'e hobbits Frodo Balsma (de Ringdrager), dy syn feint Tabe Snasta en syn freonen Pepyn Tûk en Merten Brandebûk, Aragorn Arathorns, de lêste ôfstammeling fan 'e minskene keningen fan oersee, Boromir, de soan fan Denethor, de steedhâlder fan Gondor, de elf Legolas en de dwerch Gimli) is oankommen by de wetterfal Rauros. Dêr besiket Boromir Frodo de ring te ûntnaderjen, om't er dy brûke wol om syn lân, Gondor, te rêden. Frodo flechtet dan mei Tabe de rivier oer om 'e oan him tafertroude kweeste sûnder de oaren te folbringen.

Boek III[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wylst Frodo en Tabe de rivier oer roeie, wurde harren efterbleaune freonen oerfallen troch in grutte kliber oarken. Boromir wint syn eare werom mei syn heldhaftige ferdigening fan Merten en Pepyn, mar úteinlik wurdt er delsketten en de beide hobbits wurde troch de oarken ûntfierd. As Aragorn, Legolas en Gimli einlings en te'n lêsten op it plak oankomme, fine se Boromir swier ferwûne. Ear't er stjert, bychtet er oan Aragorn op wat er dien hat. Aragorn wifket oer wat er no sil: efter Frodo en Tabe oan, om harren te helpen de kweeste mei de ring ta in goed ein te bringen, of efter de oarken oan, om Merten en Pepyn te befrijen. Uteinlik kiest er foar it lêste, en trochkrúst er mei Legolas en Gimli de útstrutsen flakten fan Rohan yn it spoar fan 'e oarken.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dy oarken, dy't yn 'e tsjinst steane fan 'e ta it kwea ferlate tsjoender Saruman, witte de râne fan it wylde wâld fan Fangorn te berikken, mar krekt foar't se ûntkomme kinne, wurde se dêr omsingele en ferdylge troch in ôfdieling ruters fan Rohan. Yn 'e gaos fan it gefjocht witte Merten en Pepyn yn harren elvemantels, dy't it each ferrifelje, nei it wâld ta fuort te glûpen. Dêr moetsje se de int Beamburd, in beammige reus mei wa't se befreone reitsje. Se fertelle him wat harren oerkommen is en dat ferhaal blykt krekt de drip te wêzen dêr't de amer fan oerrint. De oarken fan Saruman kapje der nammentlik yn it lêstoan mar yn it wylde wei yn om yn Fangorn, ta grutte grime fan 'e inten. Mar mei it nijs dat Merten en Pepyn him bringt, beslút Beamburd dat it no einlings en te'n lêsten tiid wurdt om Saruman tsjin te hâlden; hy ropt in gearkomste fan inten byinoar en oertsjûget de oaren fan syn gelyk. Mei Merten en Pepyn by harren sette de inten ôf nei Saruman syn bolwurk te Isengard.

De hiele omslach fan 'e Fryske oersetting, in ôfbyld makke troch fotografe Maartje Roos.

Aragorn, Legolas en Gimli treffe ûnderwilens de Rohirrim dy't de oarken ferdylge hawwe, en dy't oanfierd wurde troch Éomer, de omkesizzer fan 'e Rohander kening Théoden. Dy fertelt harren dat hy en syn mannen taal noch teken fan 'e beide hobbits sjoen hawwe, mar oan 'e râne fan Fangorn wit Aragorn hobbitprinten te ûntdekken, dy't it wâld yn liede. Hy en syn beide maten folgje dat spoar en moetsje dan in âldman wêrfan't se earst miene dat it Saruman is, mar dy't letter Gandalf blykt te wêzen. De tsjoender Gandalf wie de liedsman fan harren selskip, dy't yn 'e Minen fan Moarje by in gefjocht mei in demoanyske balroch yn in djippe kleau fallen is en dy't se sadwaande dea waand hiene. Mar Gandalf fertelt harren no dat er ynstee troch fjoer en wetter en hichte en djipte gien is om lottere en grutter as tefoaren wer foar 't ljocht te kommen.

Fjouweresom ride se nei Edoras, dêr't kening Théoden residearret. Théoden ferkeart ûnder in tsjoen fan Saruman, dy't him louwich en mêd makket en foar syn tiid âld, wylst er harket nei it slûksturtsjend praat fan syn riedsman Gríma Wjirmtonge, ien fan Saruman syn trewanten. Gandalf ferbrekt de betsjoening; Théoden wurdt wer de man dy't er wie en ferballet Gríma út Rohan. Mar it is te let om 'e ynfaazje fan Rohan troch Saruman syn leger fan oarken en kweaminsken noch tsjin te kearen. Gandalf stjoert Aragorn, Legolas en Gimli mei Théoden, Éomer en alle Rohander troepen dy't yn gauwichheid gearfandele wurde kinne nei it kastiel de Hornborch, yn 'e Helmsdjipte, dêr't hja harren ferskânzje en belegere wurde troch de klibers fan Saruman. Sels set Gandalf ôf om help te sykjen. De ferdigeners fan 'e Helmsdjipte en de Hornborch warre har omraak, mar de oermacht is te grut en se moatte stadichwei terrein priisjaan. As alle hope op 't lêst ferlern liket, komt Gandalf opdaagjen mei in grut leger Rohirrim. Dan wurde de rollen omdraaid en Saruman syn legers wurde ferslein en fersille en de oarken flechtsje in grut wâld fan huorns yn, dat int-eftige beammen binne, dêr't net ien libben mear út komt. Dêrop geane Gandalf, Aragorn, Legolas en Gimli mei kening Théoden en Éomer oan it haad fan it Rohander leger op Isengard ta.

As se dêr oankomme, ûndekke se dat dat ûnnimber achte bolwurk fan Saruman al ynnommen is troch de inten, dy't it ûnderrinne litten hawwe troch in daam yn 'e rivier de Isen troch te stekken, en koarte metten makke hawwe mei it oarkegarnizoen dat Saruman efter de hân holden hie. Saruman is no in finzene yn Orthanc, syn eigen toer, dêr't ek Gríma Wjirmtonge beskûl socht hat. Aragorn-en-dy wurde te Isengard weriene mei Merten en Pepyn. Gandalf biedt Saruman noch de kâns om berou te toanen en fan syn wegen werom te kearen, mar Saruman stegeret him heechkroppich ôf en wurdt sadwaande út 'e Oarder fan 'e Tsjoenders en de Wite Rie setten. Gríma smyt in swier ding út it finster, mar mist Gandalf; it ding wurdt oppakt troch Pepyn en blykt ien fan 'e seldsume palantíri of "sjochstiennen" te wêzen. No't er it ding ienris beetkrigen hat, kin Pepyn de rop derfan net wjerstean. Hy sjocht deryn en wurdt dan ûnderfrege troch Sauron, mar wit dy besiking ûnskansearre te oerlibjen. Om in eachje op him te hâlden nimt Gandalf him dêrnei mei as er ôfset nei Minas Tirith, de haadstêd fan Gondor, om dêr tariedings te meitsjen foar de grutte oarloch tsjin Mordor dy't op kommendeweis is. Aragorn, Legolas, Gimli en Merten bliuwe efter yn Rohan, dêr't kening Théoden de meunstering fan syn leger begjint by wize fan risselwaasje om Gondor te help te kommen.

Oersetter Liuwe Westra op 'e tsjerketoer fan syn berteplak Tsjom.
(Foto: Maartje Roos)

Boek IV[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei't se by Rauros harren selskipslju efterlitten hawwe, reizgje Frodo en Tabe súdoan troch de woeste lânsdouwen eastkant de Grutte Rivier, op harren kweeste nei it dûnkere lân Mordor, dêr't se de Iene Ring yn 'e fjurren fan 'e Doemberch smite moatte om him te ferneatigjen. Se ûntdekke dat se efterfolge wurde en fange it trochferkearde wêzen Gollum, dat harren al fan har trochtocht troch de Minen fan Moarje efternei sit. Gollum, dy't de ring iuwenlang yn besit hie en der alhiel troch ferwrongen is, wol op 'e iene of oare manear de ring werom sjen te krijen, mar de beide hobbits kin er net oan, dat hy besiket by Frodo yn 'e geunst te kommen, yn 'e hope dat er him sa ferrifelje en úteinlik de ring ûntnaderje kinne sil. Tabe hat in ôfwearze fan it wêzen, mar Frodo hat begrutsjen mei him. Gollum biedt oan om harren nei Mordor te lieden fia in geheime wei troch de Deademanssompen, sadat se net opmurken wurde sille troch oarken. As Gollum syn wurd neikommen is, arrivearje se by de Swarte Poarte, de iennichste pas yn 'e berchrigen dy't Mordor omjouwe, en treffe dy sletten en swierbewekke oan.

Gollum fertelt harren dan fan in oare, geheime tagong ta Mordor, en mei him as gids reizgje se fierder súdoan, by de Skaadbergen lâns dy't de westgrins fan Mordor foarmje. Dêrby komme se troch it lân Ithilien, dat foarhinne in provinsje fan Gondor wie, mar no in ferlitten woastenije is. Se wurde dêr oanholden troch in groepke Gondoreeske grinsjagers dy't op in ferkenningstocht binne. Harren oanfierder blykt Faramir, de jongere broer fan Boromir, te wêzen. Fan him kriget Frodo de tynge fan Boromir syn dea te hearren, dêr't Faramir in dream oer hân hat. Tabe lit by fersin slûpe dat Frodo de Iene Ring by him hat, en Frodo fertelt Faramir dan it hiele ferhaal mar. Faramir lit harren gean en har reis fuortsette, mar warskôget Frodo om net tefolle op Gollum te betrouwen.

Gollum liedt Frodo en Tabe by de nuodlike stêd Minas Morgul lâns, dy't al sûnt minskewitten yn 'e hannen fan 'e fijân is, en by de lange, hege en gefaarlik steile Treppen fan Cirith Ungol op, dy't yndie tagong jout ta in pas oer de Skaadbergen. Mar wat Gollum net ferteld hat, is dat it paad troch it leger fan Shelob liedt, in reuseftige spinne. Hy hopet de ring fan Frodo syn bonken helje te kinnen nei't Shelob de hobbits bepluze hat. De hobbits ûntkomme út it leger, mar meitsje dan de flater om te tinken dat se feilich binne. Shelob beslûpt Frodo en stekt him yn 'e nekke, en hy falt bewegingsleas del. Tabe, dy't syn master net te help komme koe om't Gollum him op 'e hûd sprongen wie, weeft mei it ellindige wêzen ôf en folget dan de spinne as dy Frodo werombringt nei har leger. Dêr ferdriuwt er Shelob troch har te ferwûnjen mei Frodo syn elveswurd, Stek. Hy mient lykwols dat Frodo dea is en lit it yn him omgean om 'e kweeste gewurde te litten en him ynstee op Gollum wreekjen. Uteinlik beslút er dochs om 'e kweeste te foltôgjen en kriget er Frodo de ring ôf. Mar dan wurdt Frodo syn lichem troch oarken meinommen nei de wachttoer yn 'e pas fan Cirith Ungol. Tabe docht de ring om (sadat er ûnsichtber wurdt) en folget de oarken, en wurdt út harren praat gewaar dat Frodo net dea, mar bewusteleas is. De Twa Tuorren einiget as it besef ta Tabe trochkringt dat syn master troch syn skuld no in finzene fan Sauron is.

Liuwe H. Westra, dy't de Fryske oersetting fan it boek makke.
(Foto: Haye Bylstra, Tresoar)

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Fryske oersetting fan The Two Towers (ûnder de titel fan De Twa Tuorren) kaam yn it neijier fan fan 2016 út. De hiele oplaach waard op ambachtlike wize ynbûn troch boekbinerij Fopma te Wier. It stofomslach waard ûntwurpen troch R.P. Peters te Waaksens op basis fan fotokeunst troch Maartje Roos fan Ljouwert.[1] De fertaling sels waard, krekt sa't dat it gefal wie by It Selskip fan 'e Ring, it earste diel fan Master fan Alle Ringen, fersoarge troch dû. Liuwe H. Westra, yn it deistich libben wurksum as predikant en universitêr meiwurker. De útjefte stie oarspronklik plend foar it neijier fan 2013, mar tsjinslaggen by it fertaalwurk kearden it tsjin oant nei de jierwiksel, en in skeel mei de útjouwer soarge fanôf begjin 2014 foar noch mear opûnthâld.[2]

Yn 2016 besleat Westra De Twa Tuorren yn eigen behear út te jaan fia de troch himsels, Marten Walinga en Ate Grypstra oprjochte Stifting Fryske Tolkien,[3] wat er finansierde mei in crowdfundingsaksje.[4] Ta promoasje begûn er dêrnjonken in eigen YouTube-kanaal, dêr't û.m. deputearre Sietske Poepjes en akteur Freark Smink stikken út it boek foarliezen.[5] De eigentlike presintaasje fan De Twa Tuorren waard op freed 11 novimber 2016 holden yn 'e eardere grifformearde tsjerke yn Westra syn wenplak Lollum.[6] Tsjin dy tiid wie it bedrach dat er fia crowdfunding hope op te heljen (€7.800), al mear as binnen (feitliks wie der mear as €9.000 byinoar brocht).[7] Dêrnjonken ûntfong Westra foar de útjefte fan De Twa Tuorren ek finansjele stipe fan 'e Douwe Kalma Stifting, it Feitsma Fûûns fwar it Frysk, de Stifting Kristlik Frysk Folksboek, de S.E. Wendelaar Bonga Stifting, it Prins Bernhard Kultuerfûns en it Nederlânsk Tolkien Genoatskip "Unquendor".[8]

Westra makke foar de oersetting gebrûk fan 'e Steatestavering mei oanpassing fan guon lûden en ûnbeklamme wurdlidden ("prissentaasje" ynstee fan "presintaasje", "ginneraasje" ynstee fan "generaasje", ensfh.); yn it foarwurd by De Twa Tuorren set er koart syn ôfwearze fan 'e "folslein sinleaze en kontraproduktive" Oanpaste Steatestavering útinoar.[9] As korrektors wurken oan 'e oersetting mei: Westra syn frou Baukje Keulen;[10] Anne Tjerk Popkema, dy't sels The Hobbit fan Tolkien oersette yn it Frysk;[11] Ate Grypstra, dy't ek belutsen wie by de Stifting Fryske Tolkien;[12] en Willem Sjoerds Janzen, foar wa't Westra sels earder as korrektor tsjinne hie by de oersetting fan The Hallowed Hunt, fan Lois McMaster Bujold.[13][14] Foar de Aldfryske passaazjes dy't er brûkte foar de taal fan Rohan (ta ferfanging fan Tolkien syn Angelsaksysk), stipe Westra op 'e rie fan taalkundige Arjen Versloot en skiedkundige Oebele Vries.[15] Westra droech De Twa Tuorren op oan syn soan Jeljer.[16]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Tolkien, J.R.R., De Twa Tuorren (fert. Liuwe H. Westra), Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, skutblêd.
  2. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 8.
  3. Offisjele webside fan 'e Stifting Fryske Tolkien
  4. Liuwe Westra presintearret syn crowdfundingsaksje foar De Twa Tuorren op Voordekunst.nl
  5. Liuwe Westra syn eigen YouTube-kanaal
  6. Vries, Sietse de, Hobbits, elfen en crowdfunding, yn: de Ljouwerter Krante, 21 oktober 2016.
  7. Liuwe Westra presintearret syn crowdfundingsaksje foar De Twa Tuorren op Voordekunst.nl
  8. Tolkien, J.R.R., De Twa Tuorren (fert. Liuwe H. Westra), Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, skutblêd.
  9. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 12.
  10. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 12.
  11. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 12/13.
  12. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 13.
  13. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 13.
  14. Janzen, Willem Sjoerds, Neiwurd fan 'e Oersetter, yn: Lois McMaster Bujold, Yn it Skaad fan de Wolf, Ljouwert, 2014 (Utjouwerij Elikser), ISBN 978-9 08 95 46 289, s. 487.
  15. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 13.
  16. Westra, Liuwe H., Fan 'e Oersetter, yn: De Twa Tuorren, Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104, s. 14.

  • Tolkien, J.R.R., The Lord of the Rings, Londen, 2001 (HarperCollins Publishers), ISBN 0 00 71 23 817.
  • Tolkien, J.R.R., De Twa Tuorren (fert. Liuwe H. Westra), Bûtenpost, 2016 (Stifting Fryske Tolkien), ISBN 978-9 08 25 87 104.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.