Rayner Unwin
Rayner Unwin | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Rayner Stephens Unwin | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 23 desimber 1925 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stoarn | 23 novimber 2000 | |
stjerplak | Berkhamsted (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | útjouwer, boekeredakteur | |
aktyf as | publisist | |
jierren aktyf | 1951 – 1990 |
Rayner Unwin (folút: Rayner Stephens Unwin; Londen, 23 desimber 1925 – Berkhamsted, 23 novimber 2000) wie in Ingelsk útjouwer, boekeredakteur en publisist, dy't presidint-direkteur wie fan 'e útjouwerij George Allen & Unwin. Mei tsien jier joech er yn 1936 in positive resinsje fan it berneboek The Hobbit, fan J.R.R. Tolkien, dy't foar syn heit, de útjouwer Stanley Unwin, reden wie om dat boek te publisearjen. Yn 'e 1950-er jierren waard Rayner Unwin sels de útjouwer fan Tolkien syn ferneamde trilogy The Lord of the Rings.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Unwin waard yn 1925 berne yn 'e Londenske wyk Hampstead, as ien fan 'e fjouwer bern yn it gesin fan útjouwer Stanley Unwin, ien fan 'e oprjochters fan 'e útjouwerij George Allen & Unwin, en dy syn frou Mary Storr. As jonkje wie Unwin al aktyf as proeflêzer foar syn heit, mei't dy fan miening wie dat bern it bêste wisten wat goede berneboeken wiene. Foar eltse skreaune resinsje dy't er ynlevere, krige er ien shilling útbetelle, wat neffens himsels "yn dy dagen goed jild wie."
Wat nei alle gedachten syn meast ynfloedrike resinsje wie, skreau Unwin yn 1936, doe't er tsien jier wie. Dat wie in positive wurdearring fan it boek The Hobbit, skreaun troch in doedestiden ûnbekende taalkundige út Oxford, J.R.R. Tolkien. "Bilbo Baggins wie in hobbit," skreau de jonge Unwin, "dy't yn syn hobbithoale wenne en nea op aventoer út gie, úteinlik hellen Gandalf de tsjoender en syn dwergen him oer om mei. Hy belibbe in hiel spannent [sic] aventoer wêrby't er tsjin eardsken en wargen focht. Uteinlik komme se by de iensume berch; Smaug, de draak dy't dy berch bewekket wurdt deade en nei in geweldige slach tsjin 'e eardsken komt er wer thús – ryk! Dit boek, mei de help fan lânkaarten, hat gjin inkele yllustraasje nedich it is goed en moat alle bern tusken de 5 en 9 oansprekke." Unwin sei oer dit boekbesprek letter sels: "Net in bysûnder goed stikje literatuerkrityk, mar yn dy lokkige dagen wie der gjin ferlet fan in twadde miening; as ik sei dat it goed genôch wie om út te jaan, dan waard it útjûn."
Nei't er fan syn tsiende oant syn santjinde oan 'e Abbotsholme School yn Rocester, in kostskoalle, trochbrocht hie, sette Unwin útein mei syn karriêre, as winkelbetsjinde yn 'e boekhannel Blackwell's yn Oxford. Fan 1944 oant 1947 tsjinne er yn it lêst fan 'e Twadde Wrâldoarloch en yn 'e neisleep fan dat konflikt yn East-Aazje as faandrich by de Frijwillige Reserve fan de Britske Keninklike Marine. Neitiid studearre er oan 'e Universiteit fan Oxford, dêr't er in bachelortitel behelle, dy't er oan 'e Universiteit fan Harvard, yn Massachusetts, omsette yn in mastergraad.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1951 kaam Unwin yn 'e tsjinst by syn heite bedriuw George Allen & Unwin, dêr't er al rillegau Tolkien syn manuskript fan The Lord of the Rings ûnder eagen krige. Hy fûn dat dat útjûn wurde moast, en skreau oan syn heit dat er ferwachte dat se der in tûzen pûn op ferlieze soene, mar dat it boek sa goed wie, dat er fan miening wie dat se dat mar foar leaf nimme moasten. Stanley Unwin skreau werom: "Asto fynst dat dit it wurk fan in sjeny is, dan meist der tûzen pûn op yntarre." Sa't bliken dwaan soe, barde dat net, mar waard The Lord of the Rings in wrâldwiid súkses en ien fan 'e populêrste boeken fan 'e tweintichste iuw.
Rayner Unwin wie fierders ek ferantwurdlik foar de earste Britske útjefte fan 'e berneboeken James and the Giant Peach en Charlie and the Chocolate Factory, beide fan Roald Dahl. Dyselde hie earder yn Grut-Brittanje gjin útjouwer foar syn wurk fine kind. Hy kaam lykwols yn kontakt mei Unwin nei't Unsin syn dochter Camilla entûsjast waard oer in eksimplaar fan James and the Giant Peach dat se liend hie fan har klasgenoate Tessa, de dochter fan Dahl.
Unwin wurke behalven as útjouwer ek as redakteur fan ferskate wurken, wêrûnder The Gulf Years: Letters from John Ruskin to Kathleen Olander, dat yn 1953 útkaam. Ek skreau er in pear boeken, nammentlik The Rural Muse (1954), in letterkundich wurk dat yngie op 'e poëzij fan û.m. John Clare, George Crabbe en Stephen Duck, en The Defeat of John Hawkins: A Biography of His Third Voyage (1960), dat in detaillearre ferslach wie fan 'e ekspedysje fan 'e sechstjinde-iuwske seefarder John Hawkins nei San Juan de Ulúa, yn Meksiko. Dat lêste boek ferskynde oarspronklik by George Allen & Unwin, mar waard letter werútjûn troch de Pelican Publishing Company.
Doe't Stanley Unwin yn 1968 kaam te ferstjerren, moast George Allen & Unwin omsjen nei in nije presidint-direkteur. Rayner syn âldere broer David hie earder al besletten om in wurkpaad as berneboekeskriuwer te folgjen, en sadwaande foel it oan Rayner ta om syn heit op te folgjen. Yn syn autobiografy soe David Unwin dêr letter oer skriuwe: "Ik haw my altyd skuldich field oer myn desersje, want om't er myn plak ynnimme moast, offere Rayner syn eigen gâns ûnthjittende karriêre as auteur op."
Yn 't earstoan die George Allen & Unwin it poerbêst ûnder it liederskip fan Rayner Unwin, mar yn 'e 1980-er jierren waard de relatyf lytse omset fan £8 miljoen reden foar noed. Sadwaande fûn der yn 1986 in fúzje plak mei Bell and Hyman dêr't de nije útjouwerij Unwin Hyman troch ûntstie, mei Unwin op 'e nij as presidint-direkteur. Yn 1989 kaam dat bedriuw lykwols yn swierwaar doe't direkteur Robin Hyman slim siik rekke op itselde momint dat de winsten kelderen. Yn 1990 waard it bedriuw dêrom oernommen troch HarperCollins, in beslút dêr't Unwin him om 'e noch tsjin oankante. Ear't it kontrakt ûndertekene waard, naam er út protest ûntslach. Letter seid er tsjin freonen: "It fielt as haw ik ús heit ferret."
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Unwin troude op 3 april 1952 mei de ferpleechkundige Carol Margaret Curwen (1924-2012), de dochter fan Harold Curwen, eigner fan 'e útjouwerij Curwen Press. De beide famyljes hiene al lang kunde oaninoar, mei't Harold Curwen en Stanley Unwin tegearre op 'e Abbotsholme School sitten hiene. Unwin en de frou wennen earst in skoft yn in appartemint boppe it kantoar fan George Allen & Unwin oan Museum Street, yn Londen, mar kochten letter in hûs yn it doarp Little Missenden, yn it greefskip Buckinghamshire. Dêr wie Unwin fan 1981 oant 1988 foarsitter fan 'e organisaasje fan it Muzykfestival fan Little Missenden. Unwin en de frou krigen fjouwer bern: trije dochters en ien soan. Harren soan Merlin waard ek útjouwer en wurke yn 't earstoan by George Allen & Unwin, foar't er yn 1990 syn eigen bedriuw opsette, Merlin Unwin Books.
Ferstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rayner Unwin kaam op 23 novimber 2000 oan kanker te ferstjerren yn it Hospice of St. Francis, in tehûs foar palliative soarch, yn Berkhamsted yn it greefskip Hertfordshire. Dat wie persiis ien moanne foàr syn 75e jierdei. Hy waard kremearre, en ien fan syn dochters naam neitiid syn jiske mei nei de Himalaya, dêr't it útstruid waard.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1953 – The Gulf Years: Letters from John Ruskin to Kathleen Olander (redaksje)
- 1954 – The Rural Muse
- 1960 – The Defeat of John Hawkins: A Biography of His Third Voyage
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Folsleine filmografy fan Rayner Unwin yn 'e Internet Movie Database (IMDb) (fan dokumintêres oer Tolkien)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |