Springe nei ynhâld

Roald Dahl

Ut Wikipedy
Roald Dahl
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Roald Dahl
nasjonaliteit Britsk
berne 13 septimber 1916
berteplak Cardiff (Wales)
stoarn 23 novimber 1990
stjerplak Oxford (Ingelân)
etnisiteit Noarsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre berneboeken, non-fiksje,
lit. romans & koarte ferhalen,
poëzij, senario's, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
James and the Giant Peach
Charlie and the
   Chocolate Factory

The BFG
Matilda
útjouwer Alfred A. Knopf, Inc.
prizen Edgar Award
World Fantasy Award 1983
jierren aktyf 19421990
offisjele webside
roalddahl.com

Roald Dahl (Ingelske útspr.: ['roʊ.əld 'dɑ:l], likernôch "roo-uld daal"; Noarske útspr.: ['ru:ɑl 'dɑ:l], likernôch: "rûû-al daal"; Cardiff, 13 septimber 1916Oxford, 23 novimber 1990) wie in Britsk skriuwer fan etnysk Noarsk komôf. Hy tsjinne ûnder de Twadde Wrâldoarloch earst as piloat by de Royal Air Force (RAF) en letter as ofsier by de militêre ynljochtingetsjinst. Al yn syn tsjinsttiid sette Dahl útein mei in wurkpaad as auteur. Hy waard ferneamd mei berneboeken, mar skreau ek in prote koarte ferhalen en inkele romans foar folwoeksenen, en fierders gedichten, toanielstikken, autobiografyen, in itensiedersboek en senario's foar films en tillefyzje. Postúm waarden ek syn deiboeken útjûn. Dahl wie ien fan 'e populêrste berneboekeskriuwers fan syn tiid, en stie bekend om syn bizarre en makabere, mar altyd fermaaklike ferhalen, dêr't gauris dûnkere humor yn besletten lei en dy't net selden in ûnferwachte ein hiene. Guon fan syn wurken binne wiere klassikers wurden, lykas James and the Giant Peach, Charlie and the Chocolate Factory, The BFG en Matilda. Fan Dahl syn wurken binne wrâldwiid mear as 250 miljoen eksimplaren ferkocht, en der binne boeken fan him oerset yn teminsten 60 ferskillende talen, wêrûnder it Frysk.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dahl waard yn 1916 berne yn 'e Villa Marie oan Fairwater Road yn 'e wyk Llandaff fan 'e Welske haadstêd Cardiff. Hy wie de soan fan Harald Dahl, in Noar út Sarpsborg, dy't yn 'e 1880-er jierren nei it Feriene Keninkryk emigrearre wie, en dy syn frou Sofie Magdalene Hesselberg, dy't yn 1911 oerkommen wie út Noarwegen om mei him te trouwen. Roald Dahl wie sadwaande fan Noarsk etnysk komôf en syn memmetaal wie Noarsk, dat er yn 'e hûs spriek mei syn âlden en syn trije susters Astri, Alfhild en Else. Hy waard ferneamd nei de Noarske poalreizger Roald Amundsen en waard doopt yn 'e Noarske Tsjerke yn Cardiff, dêr't syn lutherske âlden tsjerken.

Yn 1920, doe't Dahl trije jier wie, kaam syn sânjierrige suster Astri te ferstjerren oan blinetermûntstekking. In pear wiken letter stoar syn heit mei 57 jier oan longûntstekking. Dahl syn mem naam doe yn omtinken om werom te gean nei Noarwegen, dêr't se by famylje ynwenje koe, mar om't sy en har man besletten hiene en stjoer de bern nei Ingelske skoallen, dy't se as de bêste skoallen fan 'e wrâld beskôgen, besleat se úteinlik yn Wales te bliuwen. Yn Llandaff folge Dahl leger ûnderwiis oan 'e Katedraalsskoalle. Fanwegen it beslút om 'e bern nei Ingelske skoallen te stjoeren, waard er mei in jier as tsien oerpleatst nei de kostskoalle St. Peter's yn Weston-super-Mare, dy't fan alle Ingelske skoallen it neiste wie fanwegen de fearferbining oer it Kanaal fan Bristol. Op St. Peter's hie Dahl in ûnoangename tiid, mei't er tige ûnwennich wie. Hy skreau syn mem eltse wike in brief, mar hold syn ûngelokkigens foar har ferburgen. Dy brieven waarden troch syn mem allegear bewarre en Dahl fûn se nei har dea yn 1967 keurich byinoar bûn werom. Yn 2016, sechstjin jier nei syn eigen dea, waarden se yn in ynkoarte ferzje útstjoerd yn it BBC-radioprogramma Book of the Week.

De Repton Skoalle, yn Derbyshire, in ynternaat dêr't Dahl fan 1929 oant 1934 ûnderwiis genoat.

Yn 1929, doe't er trettjin jier wie, gie Dahl nei de middelbere skoalle oan in oar jongesynternaat dat folle fierder fan hûs wie: de Repton School yn Derbyshire. Dêr makke er in freeslike tiid troch. Yn in fermidden fan ûntgrienings, rituële wreedheid en klassedominânsje hearske dêr it rjocht fan 'e sterkste: de jongere jonges waarden twongen om as liiffeinten fan 'e âldere jonges te tsjinjen en waarden geregeldwei ûnderwurpen oan in skriklik wan bruien. De skoallieding wie foar in grut part op 'e hichte fan dy gong fan saken, mar beskôge it as tradysje en griep net yn. Krektoarsom, de learkrêften dielden sels ek om it hoartsje liifstraffen út troch de learlingen op 'e hûd te jaan mei in Spaansk reid. Mei't in soad fan dy learkrêften anglikaanske geastliken wiene, joech Dahl letter oan dat syn jierren oan 'e Repton School him twifelje litten hiene oan religy en sels oan it bestean fan God.

Yn syn tinerjierren beoefene Dahl ferskate sporten, wêrûnder cricket, fuotbal, golf en squash. Hy wie ek in hertstochtlik leafhawwer fan literatuer, hoewol't syn dosinten doe fan syn eigen skriuwwurk net bepaald ûnder de yndruk wiene. Sa skreau ien fan leararen Ingelsk yn syn skoalrapport: "Ik haw noch nea earder immen meimakke dy't sa oanhâldend wurden skriuwt dy't persiis it tsjinstelde betsjutte fan wat bedoeld wurdt." Behalven literatuer hie Dahl ek in foarleafde foar fotografy. De simmerfakânsjes brocht er almeast troch by de famylje fan syn mem yn Noarwegen. Nei't er yn 1934 slagge wie foar syn eksamens en de Repton School sûnder rouwigens efter him litte koe, reizge er dy simmers nei Noard-Amearika, dêr't er dielnaam oan in organisearre kuiertocht troch Nijfûnlân.

As folwoeksene wie Dahl tige oan 'e lingte: 1.98 m. Yn 1934 fûn er wurk by de Shell Petroleum Company. Nei't er twa jier trening yn it Feriene Keninkryk trochrûn hie, waard er foar dy ierdoaljemaatskippij útstjoerd nei Mombasa yn 'e Keniakoloanje, en letter nei Dar-es-Salaam, yn it mandaatgebiet Tanganjika. Dêr wied er mar ien fan trije Shell-wurknimmers yn 'e hiele koloanje en libbe er yn lúkse mei in kok en oar tsjinstfolk yn it Shell House fuort bûten de stêd.

Militêre tsjinst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't yn augustus 1939 de Twadde Wrâldoarloch op kommendeweis wie, makken de Britske autoriteiten yn Tanganjika (it eardere Dútsk-East-Afrika) plannen om 'e dêr wenjende Dútsers te ynternearjen. Dahl waard in ofsiersoanstelling jûn as luitenant by it rezjimint fan 'e King's African Rifles, dêr't er it befel krige oer in peloton askarys (ynlânske troepen dy't yn it Britske Leger tsjinnen). Yn novimber 1939 melde Dahl him oan by de Royal Air Force (RAF) om piloat te wurden. Hy waard nei Nairobi ta stjoerd, yn 'e Keniakoloanje, dêr't er mei sechstjin oaren yn trening nommen waard (fan dy groep soene inkeld Dahl en trije oaren de oarloch oerlibje). Mei mar sân oeren en fjirtich minuten flechttiid yn in De Havilland Tiger Moth mocht Dahl al allinnich fleane, hoewol't er neitiid op in loftmachtbasis by Bagdad, yn Irak, noch fierdere trening krige. Op 24 augustus 1940 waard er oansteld as folleard piloat-ofsier en koed er yndield wurde by in squadron om aktyf diel te nimmen oan 'e striid.

In Gloster Gladiator, it type fleantúch dêr't Dahl yn fleach doe't er yn 1940 yn Lybje in ûngelok krige.

Dahl waard oan it No. 80 Squadron RAF tawiisd, dat yn âlderwetske Gloster Gladiators fleach, de lêste twadekkers dy't noch by de RAF yn gebrûk wiene. Hy wie ferheard doe't er ûntdiek dat er gjin inkeld ûnderrjocht yn loftgefjochten krige, noch yn hoe't er in twadekkerfleanmasine fleane moast. Op 19 septimber 1940 krige Dahl de opdracht om syn Gladiator yn etappes fan in fleanfjild by Ismailija, yn Egypte, nei in fleanfjild 48 km besuden Marsa Matruh, yn Lybje, te fleanen. By de lêste etappe koed er syn bestimming net fine, en om't syn brânstof suver op wie en de nacht ynfoel, wied er twongen en prebearje in lâning yn 'e woastyn. Dêrby heakke syn lâningsgestel efter in rotsblok en fleach de Gladiator oer de kop.

Dahl rûn in plassefraktuer en in brutsen noas op. Hy rekke tydlik syn gesichtsfermogen kwyt, mar wist himsels op it gefoel en gehoar by it brânende tastel wei te slepen ear't er it bewustwêzen ferlear. Hy waard aldergeloks op 'e tiid fûn en nei it fjildhospitaal yn Marsa Matruh brocht, dêr't er syn bewustwêzen weromkrige, mar syn gesichtsfermogen noch net. Letter waard er oerbrocht nei in sikehûs fan 'e Royal Navy yn Aleksandrië, dêr't er stadichoan opbettere en ûnderwilens fereale rekke op in ferpleechster, Mary Welland. In ûndersyk fan 'e RAF kaam ta de konklúzje dat it gjin wûnder wie dat Dahl syn bestimming net fine kinnen hie, mei't er by fersin nei in dwersferkearde lokaasje ta stjoerd wie, yn it nimmenslân tusken de linys fan 'e Alliëarden en de Italjanen.

Yn febrewaris 1941 waard Dahl einlings út it sikehûs ûntslein en achte de RAF him wer fit genôch om te fleanen. No. 80 Squadron wie tsjin dy tiid oerbrocht nei Grikelân, dêr't se fanôf in fleanfjild by Eleusina, yn neite fan Atene, dielnamen oan 'e Slach om Grikelân. De Gloster Gladiators wiene ûnderwilens ek ôftanke en it squadron fleach no yn Hawker Hurricanes. Nei sân oeren flechttiid yn in Hurricane fleach Dahl yn april 1941 sa'n fleantúch oer de Middellânske See fan Egypte nei Grikelân. Dêr sieten se om him te springen, want de Dútske opmars gie sa fluch dat de RAF tsjin dy tiid noch mar achttjin fleanweardige tastellen yn Grikelân hie: fjirtjin Hurricanes-jachtfleanmasines en fjouwer lichte bommesmiters fan it type Bristol Blenheim.

In Hawker Hurricane. Yn dit type fleantúch naam Dahl yn 1941 boppe Grikelân diel oan loftgefjochten tsjin 'e Luftwaffe.

Nei syn oankomst waard Dahl dan ek daliks ynset, en op 15 april belibbe er syn earste loftgejocht, doe't er seis Junkers Ju-88s oanfoel dy't yn 'e haven fan Chalcis skippen oan it bombardearjen wiene. Hy skeat ien fan 'e Junkers' del, en de folgjende dei rekke er op 'e nij yn gefjocht en skeat er noch in Ju-88 del. Op 20 april naam Dahl diel oan 'e Slach om Atene mei oare Britske piloaten, wêrûnder syn freon David Coke en Pat Pattle. Fan 'e tolve Hurricanes waarden fiif troch de Dútsers delsketten, wêrby't fjouwer piloaten omkamen, ynklusyf Pattle. Fan 'e Dútsers waarden lykwols 22 tastellen delsketten, hoewol't troch de grimelgrammel fan yninoar omfleanende fleantugen net ien sizze koe wa't hokker tastel delhelle hie.

Yn maaie, doe't dúdlik waard dat de striid om Grikelân ferlern wie, waard No. 80 Squadron dêrwei evakuëarre. It squadron waard yn Haifa, yn Palestina, wer opboud. Dêrwei fleach Dahl fjouwer wiken lang eltse dei út. Op 8 juny skeat er in Vichy-Frânske Potez 63 út Syrje del, en op 15 juny noch in Ju-88. Hy krige lykwols hieltyd mear lêst fan pineholle, dy't te witen wie oan syn ûngelok út 1940. Doe't de pineholle op in stuit sa slim waard dat er der lytse skoftkes fan út 'e tiid rekke, waard er as oarlochsynfalide nei it Feriene Keninkryk ta stjoerd. Dêr waard er legere op in treningsfleanfjild fan 'e RAF by Uxbridge, dêr't er besocht om genôch op te betterjen om teminsten as fleanynstrukteur oan it wurk te kinnen.

Yn dy snuorje mette Dahl yn maart 1942 yn Londen yn in heareklub de Britske ûndersteatssekretaris foar de loftmacht, majoar Harold Balfour (de lettere Lord Balfour). Dy wie sa fan Dahl syn steat fan tsjinst ûnder de yndruk dat er him in oanstelling oanbea as assistint-attasjee foar de loftmacht op 'e Britske ambassade yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. Dat liek Dahl earst wol nei fleanen, mar Balfour wist him te bepraten, en begjin april weage Dahl de nuodlike oerstek oer de Atlantyske Oseaan oan board fan 'e SS Batori, dy't útfear út Glasgow en op 14 april arrivearre yn Halifax, yn Kanadeeske provinsje Nij-Skotlân. Dêrwei naam er de nachttrein nei Montreal, wêrnei't er noch krapoan in wike nedich wie om Washington te berikken.

Kommend út it troch oarlochskrapte troffen Ingelân liek Dahl de oerfloed oan iten en guod yn 'e Feriene Steaten suver dekadint ta. Hy dielde in hûs mei in oare Britske attasjee yn 'e wyk Georgetown en krige al rillegau in hekel oan syn nije wurk. Hy hie it gefoel dat er mar wat omhong wylst yn Jeropa syn maten omkamen yn 'e striid. It wie de bedoeling dat Dahl de helpende hân biede soe by it neutralisearjen fan it tradisjonele Amerikaanske isolasjonisme, mei't de Feriene Steaten pas fjouwer moannen earder, yn desimber 1941, troch de Japanske oanfal op Pearl Harbor oan it hier de Twadde Wrâldoarloch ynskuord wiene. Hoe't er dat krekt oprêde moast, wie him net dúdlik, oant er de Britske skriuwer C.S. Forester mette, dy't deselde put taskood wie.

Forester wurke foar it Britske Ministearje fan Ynformaasje en skreau Alliëarde propaganda foar it Amerikaanske publyk. De krante The Saturday Evening Post hie him frege in ferhaal te skriuwen op basis fan Dahl syn ûnderfinings as RAF-piloat, en Forester frege doe oan Dahl om wat oer syn ûnderfinings op papier te setten, sadat hy der in rinnend ferhaal fan meitsje koe. Nei't Forester lykwols lêzen hie wat Dahl him jûn hie, besleat er om dat publisearje te litten krekt sa't Dahl it sels skreaun hie, hoewol't de oarspronklike titel A Piece of Cake ("In Fluitsje fan in Sint") troch de krante feroare waard yn Shot Down over Libya ("Delsketten boppe Lybje"), om't dat mear dramatysk klonk, ek al wie Dahl hielendal net delsketten. It ferhaal waard op 1 augustus 1942 publisearre. Letter wurke Dahl by it meitsjen fan lyksoartige propaganda gear mei oare Britske ofsieren, ûnder wa David Ogilvy en Ian Fleming, de geastlike heit fan James Bond.

Underwilens wie Dahl yn augustus 1942 befoardere ta de rang fan flight lieutenant (like heech as in kaptein by de Nederlânske loftmacht). Fia syn propagandawurk rekke er belutsen by spionaazje-aktiviteiten yn it ramt fan it netwurk fan 'e Kanadeeske spionnemaster William Stephenson, dy't bekend waard ûnder de koadenamme 'Intrepid' ("Unferfeard"). Dahl waard ien fan 'e aginten fan 'e Britske militêre ynljochtingetsjinst British Security Coordination, dy't resortearre ûnder MI6. Hy hie ta taak om ynformaasje yn te winnen oer de gong fan saken yn it Amerikaanske regear en dy ynformaasje troch te spyljen oan it Britske regear. Sels brocht Dahl it letter sa ûnder wurden: "Myn baan wie om derfoar te soargjen dat Winston mei FDR troch ien doar koe, en om Winston te fertellen wat [FDR] tocht." Ien kear waard Dahl troch hegere funksjonarissen op 'e ambassade nei hûs stjoerd yn it Feriene Keninkryk, yn namme om't er him misdroegen hawwe soe. Stephenson besoarge him in tydlike promoasje ta wing commander (ferlykber mei in luitenant-kolonel yn 'e Nederlânske loftmacht) en stjoerde him daliks werom nei Washington. Nei ôfrin fan 'e oarloch bleau Dahl noch desennia lang mei Stephenson befreone. Hy swaaide yn augustus 1946 ôf út 'e RAF mei de rang fan squadron leader (like heech as in majoar yn 'e Nederlânske loftmacht).

Dahl mei syn frou Patricia Neal.

Dahl troude op 2 july 1953 yn 'e Tsjerke fan 'e Trije-ienheid yn New York mei de Amerikaanske aktrise Patricia Neal. Hja setten harren nei wenjen yn Great Missenden, in doarp yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. Harren houlik soe tritich jier duorje en hja krigen fiif bern:

Dahl syn iennichste soan, Theo, rekke op 5 desimber 1960 slim ferwûne doe't syn bernewein yn New York troch in taksy skept waard. Hy litte in skoft oan in wetterholtsje (hydrocephalus). Fan gefolgen rekke Roald Dahl mei hydraulysk yngenieur Stanley Wade en neurosjirurch Kenneth Till belutsen by de ûntwikkeling fan wat bekend kaam te stean as de Wade-Dahl-Till-klep (of WDT-klep), in medysk ynstrumint dat brûkt waard by de behanneling fan dy oandwaning, en dat wrâldwiid op 3.000 jonge pasjintsjes tapast waard.

Yn novimber 1962 stoar Dahl syn âldste dochter Olivia mei sân jier oan in troch de mûzels feroarsake harsensûntstekking (subakute sklerosearjende panensefalitis). Har dea liet Dahl "weak fan wanhope" efter, sa't er it letter sels omskreau. Neitiid ûntjoech er him ta in grut foarfjochter fan faksinaasje tsjin bernesykten. Olivia har dea late yndirekt ek ta Dahl syn definitive brek mei it kristendom. Wylst er om syn dochter rouwe, socht er stipe by Geoffrey Fisher, de eardere aartsbiskop fan Canterbury. Mei ûntsteltenis hearde er oan hoe't dyselde him mei grutte wissichheid fertelde dat Olivia no yn it paradys wie, mar dat se har hûntsje Rowley, dêr't se sa fan hold, dêr nea weromsjen soe, om't bisten net nei de himel geane. Dahl fûn it te gek foar wurden dat Fisher dêr sa wis fan wêze koe, en begûn him ôf te freegjen oft "dizze grutte en ferneamde geastlike eins wol wist wêr't er it oer hie en oft er eins wol it lytste bytsje wist oer God en de himel, en as hy it net wist, wa yn 'e wrâld oft it dan wol witte soe."

Yn 1965 krige Dahl syn frou Patricia Neal trije harsensaneurisma's efterinoar wylst se swier wie fan harren fyfde bern, Lucy. Neitiid moast se op 'e nij leare om te praten en te rinnen, en Dahl wykte yn dy tiid amper fan har side. Uteinlik slagge it har om har aktearkarriêre wer op te bouwen. Dy perioade út it libben fan 'e Dahls waard yn 1981 ferfilme as The Patricia Neal Story, mei yn 'e haadrollen Glenda Jackson as Neal en Dirk Bogarde as Dahl. Harren houlik einige lykwols yn 1983 yn in skieding. Dahl wertroude koart dêrnei mei Felicity d'Abreu Crosland, mei wa't er al in skoft in bûtenechtlike relaasje ûnderholden hie. Sy loek doe by him yn yn syn hûs yn Great Missenden. Yn 1986 stie Dahl op 'e New Years Honours List (de list foar de Britske lintsjesrein); hy koe ofsier yn 'e Oarder fan it Britske Ryk (OBE) wurde, mar sloech dat ôf. Nei't it skynt woed er net genoegen nimme mei minder as in ridderoarder, om't er woe dat syn frou harsels 'Lady Dahl' neame meie soe.

Roald Dahl yn 1954.

Skriuwkarriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skriuwen die Dahl, sa fertelde er doe't de Nederlânske presintator Ivo Niehe him foar it tillefyzjeprogramma De TV-Show op Reis thús opsocht, altyd op deselde manear: mei potlead op giel notysjepapier yn syn studearkeamer, sittend yn in fauteuil wêrfan't er in stik fan 'e bekling fuortsnien hie om't er sa'n pinerêch hie dat er dêr gjin druk ferneare koe. Mar dat wie op lettere leeftyd. Dahl syn earste publisearre wurk wie it ferhaal A Piece of Cake, oer syn delstoarten yn Lybje yn 1940, dat yn augustus 1942 ûnder de dramatisearre titel Shot Down over Libya publisearre waard yn 'e Amerikaanske krante The Saturday Evening Post. Hy fertsjinne dêr $1.000 mei, wat yn dy tiid in oansjenlik bedrach wie.

Dahl syn earste berneboek wie The Gremlins, dat er by Random House publisearre yn 1943, oer saneamde gremlins, ûndogenske lytse mytyske wêzentsjes dy't ûnderdiel wiene fan 'e beropsmjittige folkloare by de RAF. (As der wat mis wie mei in fleanmasine, seine de piloaten en monteurs dat it euvel feroarsake waard troch gremlins.) Dahl skreau The Gremlins wylst er wurke op 'e Britske ambassade yn Washington, D.C., en stjoerde in eksimplaar nei Eleanor Roosevelt, de Amerikaanske first lady, om foar te lêzen oan har beppesizzers. It wie in súksesfol genôch boek dat Disney der de filmrjochten fan kocht, hoewol't it nea ta in ferfilming kaam.

It duorre hast tweintich jier ear't Dahl wer in berneboek skreau, en dy weromkear nei dat sjenre foel, net tafallich, gear mei de perioade yn it begjin fan 'e 1960-er jierren doe't er sels jonge bern hie. Syn twadde berneboek, nei The Gremlins, wie James and the Giant Peach, dat yn 1961 ferskynde by Alfred A. Knopf, Inc. yn New York. Dat boek ûntjoech him ta in wiere klassiker, en itselde gou foar Charlie and the Chocolate Factory, dat yn 1964 útkaam. Dat wie sa súksesfol, dat Dahl der yn 1972 in ferfolch op skreau, Charlie and the Great Glass Elevator. Oare tige súksesfolle berneboeken fan sines wiene û.m. The Twits (1980, yn it Nederlânsk oerset as De Griezels), The BFG (1982), The Witches (1983), en Matilda (1988).

Dahl syn sigeunerwein yn 'e tún fan syn wente yn Great Missenden, dêr't er yn 1975 syn boek Danny, the Champion of the World yn skreau.

Yn 'e 1960-er jierren kocht Dahl in autentike wenwein fan 'e Romanitsjal (in Ingelske subgroep fan 'e Roma), dy't er parkearre yn 'e tún fan syn wente yn Great Missenden. Syn bern brûkten it ding om yn te boartsjen, en letter brûkte Dahl it sels om der yn 1975 syn berneboek Danny, the Champion of the World yn te skriuwen. Yn 1983 waarden Dahl syn berneboeken bekroane mei in World Fantasy Award foar syn hiele oeuvre.

Dahl hie ek súkses yn in parallel opgeande karriêre as skriuwer fan mear as sechstich makabere koarte ferhalen foar folwoeksenen, dy't oer it algemien trochspekt wiene mei dûnkere humor en in ûnferwachte ein hiene. Sokke ferhalen wiene sammele yn bondels as Kiss Kiss (1960), Switch Bitch (1974), Tales of the Unexpected (1979) en More Tales of the Unexpected (1980). Se waarden ek los ôfprinte yn tydskriften as Collier's Weekly, Ladies Home Journal, Harper's, Playboy en The New Yorker. Guon waarden pas foar it earst publisearre nei Dahl syn ferstjerren. Foar datsoarte wurk kenden de Mystery Writers of America (MWA) Dahl trije kear in Edgar Award ta (ferneamd nei Edgar Allen Poe). Dêrby gie it yn 1954 om 'e ferhalebondel Someone Like You, yn 1959 om it ferhaal The Landlady, en yn 1980 om in ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Tales of the Unexpected dy't basearre wie op it ferhaal Skin.

Ien fan Dahl syn bekendste ferhalen, The Smoker, ek bekend as Man from the South, waard fjouwer kear ferfilme: twa kear, yn 1960 en nochris yn 1985, as ôflevering fan 'e tillefyzjesearje Alfred Hitchcock Presents, en fierders as ûnderdiel fan 'e film Four Rooms, fan regisseur Quentin Tarantino, út 1995. De fjirde ferfilming wie yn 1979, doe't Dahl syn ferhalebondel Tales of the Unexpected adaptearre waard ta in tillefyzjesearje dy't rûn fan 1979 oant 1988: it earste ferhaal dat yn dat ramt ferfilme waard, wie Man from the South. Yn 1983 fungearre Dahl as boekeredakteur foar de ferhalebondel Dahl's Book of Ghost Stories, dy't inkeld ferhalen fan oare auteurs omfette.

Fierders skreau Dahl yn 'e 1960-er jierren en 1970-er jierren in skoftke senario's foar films, wêrfan't twa, dy fan Chitty-Chitty-Bang-Bang en de James Bond-film You Only Live Twice, adaptaasjes wiene fan romans fan Ian Fleming. Dahl sette ek útein mei in senario-adaptaasje fan syn eigen roman Charlie and the Chocolate Factory, mar doe't er him neat oanloek fan 'e deadlines, lieten de filmprodusinten fan 'e ferfilming it wurk oernimme troch David Seltzer, dy't sadwaande úteinlik ferantwurdlik wie foar it skript fan 'e film Willy Wonka & the Chocolate Factory út 1971. Dahl woe letter neat mei dy film te krijen hawwe, mei't er "teloarsteld" wie om't "er fûn dat de film tefolle de klam op Willy Wonka lei en net genôch op Charlie." Hy wie ek "poerrazen" oer de ôfwikings fan 'e plot fan syn boek dy't Seltzer yn it filmsenario oanbrocht hie. It resultaat wie dat Dahl foar de rest fan syn libben gjin nije ferfilmings fan syn wurk mear tastie.

It grêf fan Roald Dahl yn Great Missenden (Buckinghamshire).

Yn 1961 fungearre Dahl ek as senarioskriuwer en presintator fan 'e fjirtjin ôfleverings tellende tillefyzjesearje Way Out, op 'e Amerikaanske tillefyzjestjoerder CBS. Dy searje omfette in ferskaat oan science fiction- en horrorferhalen, en wie eins in foarrinner fan 'e lettere en bekendere searje The Twilight Zone. Dahl skreau ek tillefyzjesenario's foar it komyske BBC-programma That Was the Week That Was, presintearre troch David Frost. Ta beslút wie Dahl ek aktyf as toanielskriuwer, wêrby't er benammen toanielbewurkings fan syn eigen boeken skreau.

Roald Dahl stoar op 23 novimber 1990 yn Oxford, yn 'e âlderdom fan 74 jier, oan myelodysplasy, in seldsume soarte kanker dy't it bloed oantaast. Hy waard begroeven op it tsjerkhôf fan 'e St. Peter and St. Paul's Church yn syn wenplak Great Missenden, yn Buckinghamshire. Fan syn famylje krige er wat syn beppesizzer Sophie Dahl omskreau as "in soarte fan Wytsingbegraffenis": hy waard begroeven mei grêfgeskinken, dy't útinoar rûnen fan syn snookerkeuen, sûkelaatsjes, goede reade wyn en potleaden oant in sirkelseage. Syn grêf is sûnt syn dea in trekpleister wurden foar jonge fans, dy't der blommen en boartersguod efterlitte.

Tsjintwurdich wurdt Roald Dahl rûnom beskôge as ien fan 'e grutste ferhalefertellers fan 'e tweintichste iuw. De krante The Times skaarde him by de top 50 fan 'e grutste Britske skriuwers sûnt 1945. By in opinypeiling ûnder it Britske publyk yn 2017 oer wa't de grutste skriuwers, lietsjeskriuwers, keunstners en fotografen aller tiden wiene, kaam Dahl op it earste plak te stean, foar sokke grutten as William Shakespeare, Charles Dickens en J.K. Rowling. Fan syn boeken wiene anno 2014 mear as 250 miljoen eksimplaren ferkocht, en syn wurken wiene oerset yn 60 ferskillende talen. De earste Fryske fertaling fan ien fan Dahl syn boeken (De GFR) ferskynde yn 2016 by Utjouwerij Regaad.

Roald Dahls Plass, yn Dahl syn berteplak Cardiff.
In plakkette ta neitins oan Dahl by it Roald Dahls Plass yn Cardiff.
romans
  • 1943 – The Gremlins (Nederlânske titel: De Gremlins)
  • 1961 – James and the Giant Peach (Nederlânske titel: De Reuzenperzik)
  • 1964 – Charlie and the Chocolate Factory (Nederlânske titel: Sjakie en de Chocoladefabriek)
  • 1966 – The Magic Finger (Nederlânske titel: De Tovervinger)
  • 1970 – Fantastic Mr Fox (Nederlânske titel: De Fantastische Meneer Vos)
  • 1972 – Charlie and the Great Glass Elevator (Nederlânske titel: Sjakie en de Grote Glazen Lift)
  • 1975 – Danny, the Champion of the World (Nederlânske titel: Daantje de Wereldkampioen)
  • 1978 – The Enormous Crocodile (Nederlânske titel: De Reuzenkrokodil)
  • 1980 – The Twits (Nederlânske titel: De Griezels)
  • 1981 – George's Marvellous Medicine (Nederlânske titel: Joris en de Geheimzinnige Toverdrank)
  • 1982 – The BFG (Nederlânske titel: De GVR)
  • 1983 – The Witches (Nederlânske titel: De Heksen)
  • 1985 – The Giraffe and the Pelly and Me (Nederlânske titel: De Giraffe, de Peli en Ik)
  • 1988 – Matilda (Nederlânske titel: Matilda)
  • 1990 – Esio Trot (Nederlânske titel: Ieorg Idur)
  • 1991 – The Vicar of Nibbleswicke (Nederlânske titel: De Dominee van Dreutelen)
  • 1991 – The Minpins (Nederlânske titel: De Minpins)
ferhalebondels
  • 1997 – The Roald Dahl Treasury

Boeken foar folwoeksenen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
romans
  • 1948 – Sometime Never: A Fable for Supermen
  • 1979 – My Uncle Oswald
ferhalebondels
  • 1946 – Over to You: Ten Stories of Flyers and Flying
  • 1953 – Someone Like You
  • 1960 – Kiss Kiss
  • 1969 – Twenty-Nine Kisses from Roald Dahl (omnibusferzje fan Someone Like You en Kiss Kiss)
  • 1974 – Switch Bitch
  • 1977 – The Wonderful Story of Henry Sugar and Six More (Nederlânske titel: Het Wonderlijke Verhaal van Hendrik Meier)
  • 1978 – The Best of Roald Dahl
  • 1979 – Tales of the Unexpected
  • 1980 – More Tales of the Unexpected
  • 1980 – A Roald Dahl Selection: Nine Short Stories
  • 1986 – Two Fables
  • 1989 – Ah, Sweet Mystery of Life: The Country Stories of Roald Dahl
  • 1982 – Revolting Rhymes (Nederlânske titel: Gruwelijke Rijmen)
  • 1984 – Dirty Beasts (Nederlânske titel: Rotbeesten)
  • 1989 – Rhyme Stew (Nederlânske titel: Rijmsoep)
Anno 2018 draait Matilda the Musical yn it West End fan Londen oanhâldend sûnt novimber 2011 en op Broadway yn New York sûnt april 2013.

Toanielstikken en senario's

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
toanielstikken
  • 1955 – The Honeys
  • 1976 – The BFG: Plays for Children
  • 1976 – Charlie and the Chocolate Factory: A Play
  • 1982 – James and the Giant Peach: A Play
  • 1984 – Charlie and the Great Glass Elevator: A Play
  • 1987 – Fantastic Mr Fox: A Play
tillefyzjesenario's
  • 1958 – Lamb to the Slaughter (foar de searje Alfred Hitchcock Presents)
  • 1961 – William and Mary (foar de searje Way Out)
filmsenario's
  • 1984 – Boy: Tales of Childhood (autobiografy)
  • 1986 – Going Solo (autobiografy)
  • 1988 – Measles, a Dangerous Illness (brosjuere foar de Sandwell Health Authority oer de dea fan syn dochter Olivia feroarsake troch de mûzels)
  • 1991 – Memories with Food at Gipsy House (itensiedersboek, mei syn frou Felicity Dahl; yn 1996 werútjûn as Roald Dahl's Cookbook)
  • 1991 – Roald Dahl's Guide to Railway Safety (brosjuere oer feilichheid foar de British Railways Board)
  • 1991 – The Dahl Diary 1992 (deiboek)
  • 1993 – My Year (autobiografy)
  • 1996 – The Dahl Diary 1997 (deiboek)
  • 1999 – The Mildenhall Treasure (skiedkundich wurk, oarspronklik útjûn as ûnderdiel fan 'e ferhalebondel The Wonderful Life of Henry Sugar and Six More)
  • 1983 – Roald Dahl's Book of Ghost Stories (bondel mei horrorferhalen fan oare auteurs ûnder redaksje fan Dahl)

Prizen en nominaasjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier priis resultaat kategory foar
1954 Edgar Award wûn bêste ferhalebondel Someone Like You
1959 Edgar Award wûn bêste koarte ferhaal The Landlady
1980 Edgar Award wûn bêste tillefyzjesenario Skin
1983 World Fantasy Award wûn Life Achievement hiele oeuvre

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.