Hawker Hurricane
| Hawker Hurricane | |
|---|---|
| Rol | Jachtfleanmasine |
| Makker | Hawker Aircraft |
| Untwerper | Sydney Camm |
| Earste flecht | 6 novimber 1935 |
| Yn tsjinst | 27 desimber 1937 |
| Tal makke | 14.583 (1937-1944) |
| Grutste brûkers | Royal Air Force, Royal Canadian Air Force (en teminsten 20 oare lannen) |
| Farianten | Mk. I, II,III,IV,V,IA,IB,IC,IIC, Kanadeeske Huricanes, Mk. X oant Mk. XV |



De Hawker Hurricane wie in jachtfleanmasine fan de RAF. It waard ynset yn de Twadde Wrâldkriich en waard foaral bekend yn de Slach om Ingelân, mar de ferskate ferzjes fan dit tastel hawwe de hiele oarloch troch tsjinne.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It tastel waard ûntwurpen troch Sydney Camm, dy't yngenieur by Hawker Aircraft wie. It ûntwerp waard yn 1934 foarlein oan it loftfeartministearje dy't yn it dêropfolgjende jier de opdracht joech foar de bou fan in prototype. [1] Op 6 novimber 1935 makke dit de earste flecht mei in Rolls-Royce Merlin-C-motor mei in fermogen fan 757 kW (1029 hk). [1] It tastel wie geskikt foar in bewapening fan fjouwer mitrailleurs fan it kaliber fan 0,303 inch yn beide fleugels.
De testflechten giene goed en yn juny 1936 waard de earste oarder foar 600 eksimplaren pleatst. Hawker Aircraft wie ûnderwilens opgien yn Hawker Siddeley dat de produksje yn hannen naam. It earste fabryksimplaar fleach yn oktober 1937 en yn desimber kamen de earste tastellen oan by No. 111 Squadron. [2]
Op 11 febrewaris 1938 lei it tastel in trajekt fan 526 km ôf mei in gemiddelde faasje fan 658 km/o Dit wie 48 km/o flugger as de Dútske Messerschmitt Bf 109 dy't yn 1937 in wrâldsnelheidsrekôr fleach. Dit snelheidsrekôr wie benammen bedoeld om de befolking in hert ûnder de riem te stekken. De RAF fertelde der net by dat dit rekôr helle waard mei in útsûnderlik sterke wyn yn'e rêch. Yn novimber 1938 folge in twadde opdracht foar 1000 tastellen.
By de Slach om Ingelân wiene de Hurrikanes ferantwurdlik foar 70% fan de delhelle Dútske tastellen. Hoewol't kwa ûntwerp faaks wat âlder wie as de ek legindaryske Spitfire (sa wie it efterste part fan de romp tradisjoneel opboud út hout en tekstyl) wie de Hurricane fan fitaal belang by de Slach om Ingelân. Om't se folle ienfâldiger fan konstruksje wiene as de Spitfires koene se ek folle flugger reparearre wurde. Ek it Poalske squadron dat de measte fijanlike fleantugen delhelle fleach mei de Hurricane.
Der kamen meardere ferzjes fan it tastel mei in krêftiger motor, de Merlin XX, en mei fariaasjes yn de bewapening lykas 12 mitrailleurs en mei 20 mm-fluchfjoerkanonnen. De lêste ferzje, de MK 4, wie it earste alliearde tastel dat yn febrewaris 1942 útrist waard mei loft-grûndraketten. Hoewol't de basiskonstruksje fan it tastel ferâldere wie, bleau it oant nei de Twadde Wrâldoarloch yn tsjinst. Der waarden yn totaal 14.583 stiks boud yn Grut-Brittannië en 1451 stiks yn Kanada troch de Canadian Car and Foundry Company. [1]
De Hurricane waard troch in soad oare lannen brûkt. Noch foar de Twadde Wrâldoarloch waarden 20 tastellen levere oan België, dat ek de lisinsjerjochten kocht. Ein 1941 waarden 24 Hurrikanes levere oan de Militêre Loftfeart fan it Keninklik Nederlânsk-Yndysk Leger. Oare brûkers wiene û.o. Finlân, Roemenië, Grikelân en de Sovjet Uny. Mei-inoar hawwe sa'n 4000 Hawker Hurrikanes by oare loftmachten flein. [1]
Technyske feiten Mk IIb
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Hawker Hurricane Mk.IIB | |
|---|---|
| Lingte: | 9,98 m |
| Spanwiidte: | 12,20 m |
| Hichte: | 3,98 m |
| Oandriuwing: | 1 Rolls-Royce Merlin XX 12-sylinder-V-motor fan 1.280 hk |
| Topfaasje: | 542 km/o op 6.700 m |
| Fleanberik: | 752 km |
| Bemanning: | 1 |
| Maks. plafond: | 11.000 m |
| Leechgewicht: | 2.560 kg |
| Fleangewicht: | 3.740 kg |
| Bewapening: | 12 MGs ('kaliber .303), twa 113- as 227 kg-bommen en/of acht raketten |
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Besibbe ûntwerpen
- Fleantugen mei ferlykbere rol
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|