Martsje de Jong

Ut Wikipedy
Martsje de Jong
persoanlike bysûnderheden
echte namme Martsje de Jong
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 1976
berteplak Penjum? (Fryslân)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt redaktrise
aktyf as bestjoerster, oersetster
jierren aktyf 2008 – no
bekendste
  wurk(en)
De GFR
It Libben fan in Labbekak
offisjele webside
Martsje de Jong op Facebook

Martsje de Jong (Penjum?, 15 desimber 1976)[1] is in Frysk redaktrise, kollumniste en âld-politika foar de FNP.[1] Njonken har beropsmjittige wurkpaad is hja ek aktyf yn bestjoersfunksjes[1] en as oersetster fan boeken nei it Frysk.[1][2] Datoangeande binne har bekendste wurken De GFR en It Libben fan in Labbekak.[1]

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Jong waard yn 1976 berne[1] en groeide op yn Penjum,[1][2] dêr't har heit boer wie op in pleats midden yn 'e beboude kom.[1] Se die de middelbere skoalle op ateneumnivo, en woe yn dy tiid òf boer wurde, òf nei it konservatoarium.[1] Hoewol't se piano en tromboane spilet, hie se nei eigen ynskatting net genôch talint om it as musikus 'te meitsjen', en om't it har oan geduld ûntbriek om mei ûnwillige muzyklearlingen om te gean, besleat se en sjoch ôf fan in muzikale karriêre.[1] Sadwaande gie De Jong nei de Hegere Lânbouskoalle yn Ljouwert,[1][2] want hoewol't der foar de pleats fan har heit, midden yn it doarp, gjin mooglikheden bestiene om út te wreidzjen, wie se derfan oertsjûge dat dat him wol rêde soe.[1] It lêste jier fan har stúdzje folge se yn 'e Ierske haadstêd Dublin, dêr't se wittenskiplik ûndersyk die nei de fertarring fan ekstra aaiwiten by skiep, en tagelyk har Ingelsk flink ophelle.[1]

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't De Jong klear wie mei har stúdzje, die lykwols bliken dat se te optimistysk west hie: de problemen mei it buorkjen losten harsels net op, dat der wie foar har gjin wurk.[1] Har freon wiisde har derop dat se graach skriuwe mocht, en rette har oan om dêr wat mei te dwaan.[1] Sadwaande melde De Jong har as freelance-sjoernaliste oan by it Frysk Deiblêd en tydskriften as Paard en Sport, Friesland Post en it blêd fan 'e KNKB Wis-In. Dêr kaam se in skoft mei troch de tiid.[1]

Al rillegau waard har in baan oanbean by in dochterûndernimming fan útjouwerij Reed Elsevier, as buroredaktrise foar in stikmannich Ingelsktalige fakblêden.[1] Dat wurk die De Jong seis jier nei folle tefredenheid, mar doe't se yn ferwachting rekke fan har twadde bern, sadat it reizgjen dat se foar har baan in protte dwaan moast, beswierlik waard, besleat se om ûntslach te nimmen.[1] Neitiid waard se yn 2008 op in iepen sollisitaasje oannommen as redaktrise fan boeken en tydskriften by Klaas Jansma syn publisiteitsburo PENN, yn Ljouwert.[1] Dêr wurket se anno 2018 noch altyd. Se is der û.m. belutsen by de útjefte fan 'e blêden De Skûtsjekrant en Fryslân Markant.[1]

Njonken har beropsmjittige wurkpaad is De Jong ek op oare mêden aktyf. Sa hat se foar de FNP yn 'e gemeenteried fan Menameradiel sitten,[1][2] en is se lid fan it bestjoer fan 'e Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB).[1][2] Beide organisaasjes binne by De Jong min ofte mear in famyljetradysje, want har pake wie al lid fan 'e KFFB en har heit wie ek riedslid (yn Wûnseradiel) foar de FNP.[1]

Fierders set De Jong yn har frije tiid ek boeken oer yn it Frysk.[1] Dat begûn doe't se om 2015 hinne op in feest yn Grins oan 'e praat rekke mei Anne Tjerk Popkema, de oersetter fan û.m. The Hobbit fan J.R.R. Tolkien nei it Frysk. Dyselde hie wolris in stikje fan De Jong lêzen, en komplimintearre har mei har 'linige Frysk'. Dêrop frege er har hokker boek oft se yn it Frysk oersette woe as se dêr nochris de kâns ta krije soe. De Jong andere daliks dat dat it berneboek The BFG (The Big Friendly Giant) wêze soe, fan Roald Dahl. Popkema dage har út om it ris te besykjen en De Jong naam dy útdaging oan. Dat foel har noch net ta, benammen om't Dahl foar syn reus in hiel eigen fantasijtaal optocht hie. Mar se sette troch en yn 2016 waard it resultaat, De GFR (De Grutte Freonlike Reus) útjûn troch Popkema syn Utjouwerij Regaad.[1]

Neitiid hearde De Jong in fraachpetear op 'e radio mei Bert Wagendorp, de skriuwer fan it boek Ventoux, dat oer hurdfytsen giet. Dat wie al yn frijwat talen oerset, seid er, mar hy woe noch wolris in Fryske fertaling sjen. De Jong, dy't op dat stuit foar de iepen brêge yn Harns stie te wachtsjen, socht him daliks op har smartphone op en stjoerde him in e-mailtsje dat sy dy oersetting wol meitsje woe. Wagendorp wie ferheard oer, mar ek bliid mei de flugge reäksje, en om't Popkema in grut leafhawwer fan hurdfytsen is, hie De Jong daliks ek al in útjouwer. De oersetting fan Ventoux kaam ûnder deselde titel yn 2017 by Regaad út.[1]

Datselde jiers waard mei De Jong kontakt opnommen troch Joris van de Leur, de direkteur fan Uitgeverij De Fontein yn Utert. Dy woe graach dat De Jong yn it ramt fan it Kulturele Haadstêdjier foar syn útjouwerij it jeugdboek Diary of a Wimpy Kid, it earste diel fan 'e searje mei deselde namme fan 'e Amerikaanske skriuwer Jeff Kinney, yn it Frysk oersette.[1] De Fontein hie earder al dy hiele rige yn in Nederlânsktalige oersetting publisearre. Kinney stie fjouwerkant efter it plan foar in fertaling yn it Frysk, om't er besefte hoe wichtich oft it foar bern is om yn harren eigen memmetaal te lêzen. Dêrom hied er de rjochten foar de Fryske oersetting fergees oan De Fontein skonken.[1] De Jong sei daliks har meiwurking ta oan it projekt. De Fryske fertaling fan it boek, It Libben fan in Labbekak, kaam begjin desimber 2018 út.[1]

Ek wie De Jong ein 2018 as fertelster belutsen by it Völuspá-projekt fan skriuwer Willem Schoorstra. Dêrby fertelden en spilen De Jong, Eke Born en Rutger Dijkstra yn in foarstelling de troch Schoorstra oersette ferhalen út 'e Aldiislânske Edda.[1] Fierders wie De Jong foarhinne frijwillichster by de lokale Radio Ienhoarn yn Menaam,[2] en spilet se tromboane yn it muzykkorps Looft den Heer yn Bitgummole. Yn septimber 2020 krige De Jong in twawyklikse kollumn yn 'e kultuertaheakke Freed fan 'e Ljouwerter Krante.[2] Hja wie dêrmei de opfolchster fan Fedde Dijkstra.[2] Yn 'e tuskenlizzende wiken leveret Pieter de Groot de kollumn.[2]

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Martsje de Jong is skieden[1] en wennet mei har twa bern[1] yn Bitgum.[1][2]

Oersettings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Galery[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,00 1,01 1,02 1,03 1,04 1,05 1,06 1,07 1,08 1,09 1,10 1,11 1,12 1,13 1,14 1,15 1,16 1,17 1,18 1,19 1,20 1,21 1,22 1,23 1,24 1,25 1,26 1,27 1,28 1,29 1,30 1,31 1,32 Vries, Sietse de, In oersetting is kânsriker as in orizjineel, yn: de Ljouwerter Krante, 14 desimber 2018, bylage Freed, s. 8-9.
  2. 2,00 2,01 2,02 2,03 2,04 2,05 2,06 2,07 2,08 2,09 Haagsma, Jacob, "Fleurich seure" in nieuwe Friese column, yn: de Ljouwerter Krante, 18 septimber 2020, s. 34.