Pippi Langhoas

Ut Wikipedy
Inger Nilsson as Pippi Langhoas by in optreden yn de RAI, Amsterdam 1972
Filla Keakelbûnt, it hûs dêr't Pippi Langhoas yn wennet.

Pippi Langhoas (yn it oarspronklike Sweedsk: Pippi Långstrump, mar hjir bekender ûnder de Nederlânske fertaling Pippi Langkous) is de namme fan de haadpersoan yn ien fan de rigen berneboeken fan 'e Sweedske skriuwster Astrid Lindgren. It is ek de namme fan de op de boeken basearre telefyzjesearje, films, tekenfilmsearje en musical. It earste boek ferskynde yn 1945.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pippi (folsleine namme yn it Sweedsk: Pippilotta Viktualia Rullgardina Krusmynta Efraimsdotter Långstrump) is in eigenaardich famke dat tegearre mei har aapke Hear Nilsson (Herr Nilsson) en hynder Lyts Keardel (Lilla Gubben) en sûnder âlden yn Filla Keakelbûnt (Villa Villekulla) wennet. Mei har freonen Tommy en Anika belibbet se in protte aventoeren. De mienskip fan it stedsje fynt it mar neat, om't men fynt dat in bern net allinnich opgroeie moat, ek al wol hja sels net oars. Pippi hat bulten jild en moat dêrom gauris ferkearde minsken fan har ôfslaan. Dat giet har aardich goed ôf, want se is o sa sterk. De mem fan Pippi wennet yn de himel en har heit, Efraim, is foarman op in pirateskip en kening fan it eilân Taka-Tûkalân. Hy hat ek in protte jild en is hast like sterk as syn dochter.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber ferskynde in Fryske ferzje fan de aventoeren fan Pippi Langhoas oerset troch Martsje de Jong. It boek hat de dielen Pippi Langkous, Pippi Langkous giet oan board en Pippi Langkous yn Taka-Tukalân.