Springe nei ynhâld

Inger Nilsson

Ut Wikipedy
Inger Nilsson
akteur
Inger Nilsson by it Ynternasjonaal Filmfestival Stockholm 2015.
Inger Nilsson by it Ynternasjonaal Filmfestival Stockholm 2015.
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Sweedsk
berne 4 maaie 1959
berteplak Kisa
jierren aktyf 1969-no
offisjele webside
Profyl IMDb

Karin Inger Monica Nilsson (Kisa, 4 maaie 1959) is in Sweedske aktrise. As bern waard se wrâldferneamd fan har haadrol yn de telefyzjerige Pippi Langhoas (oarspronklik Sweedsk: Pippi Långstrump, mar yn Nederlân bekender as Pippi Langkous) neffens de ferhalen fan Astrid Lindgren. De searje rûn fan 1969 oant 1971.

Nilsson studearre ôf oan de toanielakadeemje, mar waard as folwoeksen aktrise hast foar gjin rol mear frege. Sels wijt hja dat oan har bekendheid as Pippi: neffens har is it foar minsken ûnmooglik wurden om noch in oaren as Pippi yn har te sjen. Sy fertsjinnet de kost as sekretaresse en wennet yn Stockholm.

Yn 2000 waard se oerhelle troch de Switserske regisseur Xavier Koller om in rol te spyljen yn de film Gripsholm, grûnfêste op in roman fan Kurt Tucholsky. Sûnt waard hja wer frege foar rôlen yn telefyzjesearjes.