Springe nei ynhâld

Ventoux (roman)

Ut Wikipedy
Ventoux
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
De Fryske oersetting, útjûn troch Utjouwerij Regaad.
algemiene gegevens
oarspr. titel Ventoux
auteur Bert Wagendorp
taal Nederlânsk
foarm roman
1e publikaasje 2013, Amsterdam
oarspr. útjwr. Atlas Contact
kodearring
ISBN 978-9 02 54 43 078
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Ventoux
publikaasje 2017, Grins
útjouwer Utjouwerij Regaad
oersetter Martsje de Jong
ISBN oers. 978-9 08 21 97 051

Ventoux, mei deselde titel yn it oarspronklike Nederlânsk, is in roman fan 'e hân fan 'e Nederlânske skriuwer, kollumnist en sjoernalist Bert Wagendorp. It boek ferhellet oer fiif freonen dy't tritich jier nei it deadlik ûngelok fan 'e sechsde freon op 'e Mont Ventoux, yn Frankryk, wer gearkomme. Ventoux waard foar it earst publisearre yn 2013, by útjouwerij Atlas Contact yn Amsterdam. De roman waard troch it boekepanel fan it tillefyzjeprogramma De Wereld Draait Door útroppen ta boek fan 'e moanne. Fan Ventoux giene binne healjier yn Nederlân 100.000 eksimplaren oer de toanbank, en der kamen oersettings yn ferskate oare talen, wêrûnder it Dútsk, Frânsk, Deensk en Noarsk. Ek waard der in ferfilming makke, Ventoux. De Fryske oersetting, fan Martsje de Jong, ferskynde yn 2017.

De haadpersoan fan Ventoux is de skieden, 48-jierrige Bart Hoffman, in grut leafhawwer fan hurdfytsen, dy't as misdieferslachjouwer wurket foar De Volkskrant. Bart is opgroeid yn Sutfen, dêr't er yn syn jonkheid diel útmakke fan in hecht freoneklubke. Ien fan syn eardere maten, André, hat er okkerdeis noch moete by in rjochtsaak, om't dyselde fertocht waard fan drugshannel (dêr't er trouwens fan frijsprutsen waard). In oar lid fan it eardere freonegroepke, Joost, is koartby yn it nijs kommen om't er as wittenskipper nominearre is foar de Spinozapreemje. Dêrtroch komme by Bart alle oantinkens oan 'dy goeie âlde tiid' wer boppe, dy't einige mei de dea fan ien fan 'e freonen. Hy beslút wer op 'e nij kontakt mei syn eardere freonen te lizzen.

Bart siket earst André op, en om't se foarhinne allegear fans fan hurdfytsen wiene, geane se yn 'e omkriten fan André syn wenplak tegearre in ein út te fytsen. Letter leit Bart op deselde wize wer kontakt mei Joost. Yn Sutfen, ta einbeslút, siket er in trêde âlde maat op, David, dy't fan Surinaamsk komôf is en in reisburo runt. De fyfde fan 'e freonen wie Peter Seegers, in jonge dichter waans heit foarhinne in bordeel hie yn in wenboat. It lêste lid fan it freoneklubke wie Laura van Bemmel, op wa't de jonges allegearre fereale wiene. Laura wie in jier jonger as de jonges en kaam út in tige strang protestantsk fermidden dêr't se har oan besocht te ûntwrakseljen. Sy koe it bêst mei Peter, dy't har as syn muze beskôge en de dichtbondel Gedichten voor Anna útbrocht, dy't eins gedichten foar Laura wiene. Mar Bart trappearre har in kear mei Joost, en ek gie se mei André út.

Net lang nei't Bart syn trije âlde maten opsocht hat, nimt Laura, dy't no Laura Guazzi hjit, ynienen kontakt mei him op. Se wol him en de oaren moetsje, en om't se in toanielstik regissearje moat yn Avignon, liket it har leuk om mei harren dêr yn 'e omkriten by de berch de Mont Ventoux ôf sprekken. Dan kinne se mei syn allen de Mont Ventoux opfytse, tritich jier nei't se dat foar it earst dien hawwe. Bart skillet André, Joost en David, en dy fine dat allegear in goed plan.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 1982 wiene de seis freonen ek nei Súd-Frankryk ôfreizge om 'e Mont Ventoux op te fytsen, en hiene se deunby de berch op in camping harren tinten opslein. De oare deis, wylst syn freonen allegear wat oars diene, bleau Bart dêr allinne efter mei Laura, dy't mei him op bêd gie. Wer in dei letter fytsten se de berch op, hoewol't André en David harren der net oan weagen, en by Laura yn 'e auto plaknamen. Bart hie in goeie dei en liet earst de net sa sportive Peter efter him, en dêrnei Joost, dy't normaal sprutsen in bettere hurdfytser wie as hy. Sadwaande berikte hy as earste de top, ta argewaasje fan Joost, dy't krekt in minne dei hie. Folle letter arrivearre einlings ek Peter op 'e top fan 'e Mont Ventoux; hy hie ûnder it fytsen wei oan it dichtsjen west, en droech it resultaat no oan syn freonen foar. It gedicht gie oer langst nei trystens en de skientme fan ûnferfolle winsken. Doe't se wer by de berch delgiene, kaam Peter te fallen. Hy wie op slach dea. Neitiid waard syn stoflik omskot nei Nederlân ta oerbrocht foar de begraffenis. Alle freonen wiene dêr, útsein Laura, dy't net lang nei it ûngelok ôfreizge wie nei Itaalje.

No't de mannen allegear hast fyftich jier binne, beslute se goed te trainen ear't se ôfsette nei Frankryk. Under ien fan 'e trainingsritsjes komt op 't aljemint dat Bart tritich jier lyn op 'e camping seks hân hat mei Laura. Foar de trije oaren komt dat nijs net as in ferrassing; se hiene dêr al sa harren fermoedens oer. Se fertelle Bart dat Laura wier net inkeld Peter syn 'muze' wie, mar ek mei him op bêd gie. As se ôfreizge binne nei Frankryk, moetsje se dêr Laura, dy't noch altyd like kreas is as tritich jier lyn.

Dy jûns geane mei syn fiven út, en ûnder it iten besykje se einlings en te'n lêsten klearrichheid te krijen oer wat der tritich jier lyn no eins bard is. It komt út dat Peter út eigenwizens de ferkearde lym brûkt hie om 'e bân fan syn racefyts te plakken. Troch de hjitte soe de lym raand wêze, sadat er op 'e weromweis fan 'e top fan 'e Mont Ventoux in klapbân krige, dy't him syn libben koste. Laura, dy't it gedicht bewarre hat dat Peter op 'e berchtop foardroech, fertelt dat Peter ek in dûnkere kant hie, en seks en macht mei-inoar ferbûn. Se bychtet op dat it Peter wie dy't har opdracht jûn hie om Bart op 'e camping te ferlieden, mei't er der in sadistysk genoegen yn skoep om har dêrta te twingen. De jûn rint út op slaanderij tusken Bart en Joost. Uteinlik bliuwe Bart en Laura allinne efter. Se binne yntym mei-inoar, mar as Bart mei har op bêd wol, wiist se him ôf.

It opfytsen fan 'e Mont Ventoux, de dei dêrop, is tige swier. David lit de moedfearren al rillegau hingje en jout him by Laura, dy't de fjouwer mannen yn 'e auto folget. Foar Bart is de beklimming sa dreech dat er begjint te hallusinearjen en op in stuit Peter foar him út fytsen sjocht. Hy nimt him dan foar om it boek oer hurdfytsen te skriuwen dat er al in skoft yn gedachten hie. Mei André berikt Bart úteinlik de top; Joost komt wat efteroan. André draacht syn foltôge beklimming op oan syn ferstoarne heit, dy't in grut hurdfytsleafhawwer wie. De freonskip tusken de mannen en Laura wurdt wer oanhelle.

Nei't se wer by de berch delgien binne, komt Laura mei in ferrassing: as se yn in restaurant wat drinke op 'e goede ôfrin, jout him in bline jongeman by harren, in Willem, dy't de soan fan Laura en Peter blykt te wêzen. Dat se swier wie fan Peter wie de reden dat Laura daliks nei dy syn fatale ûngemak útpykt wie. Seisresom geane se nei it plak dêr't Peter omkommen is. André docht it hurdfytsshirt fan syn heit út en hinget it om it pealtsje dat it krekte plak oanjout. In wynfleach skuort it los en lit it de delling yn dwarlje.

Yn in epilooch presintearret Bart letter syn foltôge boek yn in kafee yn Sutfen, yn oanwêzichheid fan al syn freonen. Hy langet Laura it earste eksimplaar oer. As se dêrnei mei de hiele freonegroep in toast útbringe, nimt Willem yn harren rûnte it plak fan syn ferstoarne heit yn.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ventoux waard yn 2017 ûnder deselde titel yn it Frysk oerset troch Martsje de Jong, dy't ek ferantwurdlik wie foar de fertaling fan berneboeken as De GFR, fan Roald Dahl. De oersetting fan Ventoux waard útbrocht by Utjouwerij Regaad te Grins, mei finansjele stipe fan 'e Provinsje Fryslân en in wurd foarôf skreaun troch Joop Atsma. Foar boekfersoarging en omslach wie Peter Boersma ferantwurdlik, en it printwurk waard dien troch Drukkerij Douma yn Dokkum.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: