Drukkerij Douma
Drukkerij Douma | ||
algemien | ||
hist. namme | Drukkerij D.P. Douma | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | drukkerij | |
fêstige yn | Dokkum (Fryslân) | |
oprjochte | 1902 | |
oprjochter | Douwe Popke Douma | |
offisjele webside | ||
www.drukkerijdouma.nl |
Drukkerij Douma is in Fryske drukkerij dy't fêstige is yn Dokkum. It bedriuw waard yn 1902 oprjochte en joech oant de Twadde Wrâldoarloch ek in eigen krante út, de Dokkumer Krante. Nei de oarloch ûntjoech Douma him ta in regionale hannelsdrukkerij. Sûnt 2002 mei de drukkerij himsels hofleveransier neame.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1901 kearde Douwe Popke Douma mei syn húshâlding werom út Súd-Afrika, dêr't er earder hinne emigrearre wie om as setter te wurkjen oan it deiblêd De Stem, dat útjûn waard troch de steatsdrukkerij fan 'e Súdafrikaanske Republyk yn Pretoria. Hoewol't de krekt reden fan syn weromkear nei Fryslân net oerlevere is, hat it grutte kâns dat er de oarlochssitewaasje ûnder de Twadde Boere-oarloch (1899-1902) ûntflechte. Yn Dokkum rjochte Douma op 1 jannewaris 1902 in eigen drukkerij op, dy't de namme Drukkerij D.P. Douma krige. Yn 't earstoan wie it bedriuw fêstige oan 'e Fleismerk, mar al yn 1904 ferhuze it nei de Gasthûsstrjitte, dêr't Douma in earder sigarefabrykje oankocht en as drukkerij ynrjochte.
Fan 1903 ôf fungearre it bedriuw ek as útjouwerij, mei't it fan 1903 ôf in eigen krante útbrocht, de Dokkumer Krante (Nederlânsk: Dokkumer Courant). Neitiid waarden ek oare regionale krantsjes by Douma printe. De Dokkumer Krante bestie oant yn 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't der op befel fan 'e Dútske besetter propagandistyske artikels yn pleatst wurde moasten. Douma wegere dêroan mei te wurkjen, en fan gefolgen waard syn krante yn 1941 troch de Dútsers ferbean. Nei de befrijing fan Nederlân waard noch wol sân moannen lang de Nije Eastergoa, in nijsblêd útjûn troch it Militêr Gesach, by Douma ûnderbrocht oant de parsesuvering trochfierd wie. Dy útjefte waard nei ôfrin fan dy perioade lykwols tige tsjin 't sin fan Douma sels by syn drukkerij weihelle.
Nei de oarloch waard it bedriuw troch Douma syn trije soannen fuortset en ûntjoech it him ta in regionale hannelsdrukkerij. Doe't yn 1968 Nicolaas Popke Douma as lêste fan 'e trije bruorren kaam te ferstjerren, waard de drukkerij oernommen troch syn soan, dy't nei syn pake Douwe Popke Douma hiet. Under dy syn liederskip waard yn 'e 1970-er jierren it offsetdrukken ynfierd. Neitiid moast er him om sûnensredens al mei 57 jier út it bedriuw weromlûke en kaam de drukkerij yn 'e hannen fan syn soan Nico Douma, in fertsjintwurdige fan 'e fjirde generaasje. Yn dy syn tiid waard Drukkerij Douma einlings te grut foar it gebou oan 'e Gasthûsstrjitte, en ferhuze it yn 1989, nei 85 jier, nei in nij ûnderkommen op it yndustryterrein Betterwird, oan 'e Enerzjywei.
Op 1 jannewaris 2002 waard it hûnderjierrich bestean fan Drukkerij Douma fierd, û.m. mei in útstalling yn Museum It Admiraliteitshûs en in spesjale útjefte foar ien kear fan 'e Dokkumer Krante, dy't hûs-oan-hûs besoarge waard yn Dokkum. De drukkerij bea by dy gelegenheid de Dokkumer mienskip ek in nije liedklok oan foar it kariljon yn 'e Grutte of Sint-Martinustsjerke. Letter datselde jiers, op 18 maart, krige Drukkerij Douma formeel it rjocht om 'e tagoeging "by keninklike beskikking hofleveransier" oan 'e bedriuwsnamme ta te foegjen.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |