Springe nei ynhâld

Betterwurd

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Betterwird)

Betterwurd is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Betterwurd leit noardwestlik fan Dokkum en súdeastlik fan Boarnwert. Betterwurd leit yn de himrikken fan Boarnwert en Dokkum.

De bebouwing fan Betterwurd leit oan de Foarstreek en oan de Betterwurd. De buorskip bestiet út 3 adressen oan de Foarstreek (yn Dokkum), 6 adressen oan de Betterwurd yn Dokkum en 7 adressen oan de Betterwurd yn Boarnwert.

De N365 rint troch de buorskip hinne.

De buorskip is ûntstien om't it kleaster Klaarkamp dêr in úthôf fêstige. Dat úthôf is it iennichste fan de trije úthôven oan de oare kant fan de Dokkumer Ie dat slagge is. Der waard kâns sjoen om it allinnerjocht foar it ferkeapjen fan molke yn Dokkum te krijen. Dokkum hie sels gjin lân bûten de grêften, en wie dêrom op ynfier oanwiisd.

Polityk spile it úthôf mei yn West-Dongeradiel. It krige it stimrjocht as fan in doarp. Dat rjocht hawwe Betterwurd en Boarnwerterhuzen holden. Se hienen 13 stimmen.

De betsjutting fan de namme is net wis. Der wurdt tocht oan bettere terp of terp oan it wetter.

Ambachtslju sykje romte bûten Dokkum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dokkum lei ynklamme tusken de grêften. In klokslach, grûn dy't bûten de grêften lei, hie Dokkum sa net. De ambachtslju waarden yn 'e stêden strang kontrolearre. Sadwaande sochten guon ambachtslju in útwei yn West-Dongeradiel, deun by de stêd, mar net mei dy strange regels. Sa ûntstie De Streek oan de Ie, mei lykwols in goede wetterferbining. Neffens De Tegenwoordige Staat stienen dêr in seachmûne en in pelmûne en ek oare bedriuwen. Al wie de De Streek part fan Betterwurd, hy fungearre as in lyts foarstedsje fan Dokkum.

Dokkum krijt lânhonger

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei 1900 moast Dokkum bûten de grêften útwreidzje. De Streeksters waarden sa Dokkumers. Wol hawwe se besocht om, sa lang as it mooglik wie, op harren sels te bliuwen.

Der kamen mear grinswizigings. Foaral nei de oarloch waard Dokkum in kearn. Der kaam wer in útwreiding. Betterwurd waard sa hielendal opslokt troch Dokkum. Wat ferside neist de nije dyk is it âlde Betterwurd noch te finen. Op it âlde grûngebiet fan Betterwurd leit no lykwols in yndustrygebiet. Wêr't eartiids de molkbussen fol makke waarden, wurde no de Dokkumer pipermuntsjes en flaggen makke.

Herberch De Altena

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It twadde hûs is de herberch 'De Altena'

In apart plak naam de herberch 'De Altena' yn. Tiisdeis spanden de boeren dêr út as se nei de merk gienen. Dat joech in protte drokte en guon Dokkumers gienen der ek wolris hinne as se toarst hienen; dat joech net safolle opskuor. De kastlein hie ek oare funksjes: hy betsjinne de slúskes dy't foar de ôfwettering soargen. Boppedat wie hy, nei't der sein wurdt, ek noch havenmaster. Hy moast der foar soargje dat de skippers harren lisjild betellen.

Betterwurd hie in suvelfabryk en in legere lânbouskoalle. Beide binne se ferdwûn. It fabryk stiet der noch, opparte yn ferskate bedriuwen.

Gemeentelike weryndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt 2019 leit Betterwurd yn de gemeente Noardeast-Fryslân, dêrfoar lei it yn de gemeente Dongeradiel en foar 1984 lei de buorskip yn sawol de gritenij as de gemeente West-Dongeradiel.

Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje